18,409 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Narrator Gender: male Place of Narration: Moddergat
Hwannear't in pau skreau, kaem der rein.
nl.verhalenbank.27816
Der stiet hjir in garage yn Moddergat. Froeger wie dêr de reddingboat yn. De minsken hearden nachts, as de boat der yn stie, dat se mei de rimen omsmieten. Dat bitsjutte dat de boat der mei gauwens wer op út farre soe. It is nou in garage.
nl.verhalenbank.28094
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
Froeger hienen se hjir in reddingsboat. Dy lei yn in boathûs. Sa nou en dan wie der in bouns yn dat boathûs. Guon hearden dat. Dan seinen se: "'t Spookt ek wer yn 'e reddingboat. De boat moat der yn 't koart wer op út." It woarde as foartsjirmerij biskôge.
nl.verhalenbank.27814
Hjir tichteby stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in popke. Dat wie tige siik. Elkenien koe sjen dat it net goed kom. Dat popke rekke wei. Al in pear jounen fan tofoaren gong dêr in âld houn nei dat hûs ta en dy siet dêr de hiele joun foar dat hûs to spookgûlen. Se jagen him fuort, mar even letter wie hy der wer en dan gong 't wer op in...
nl.verhalenbank.27815
Sémearminnen koenen moai sjonge. As de skipper ien seach forgong 't skip. Sy lokken de manlju yn sé. Dan fordronken dy.
nl.verhalenbank.27859
Traepje noait op in slak. Dan bigjint it to tongerjen. Hat in slak modder op 'e sturt, dan krije wy rein.
nl.verhalenbank.28119
't Gebeurde wol dat minsken yn 'e nacht it spinnewiel hearden. Dan waerd der spoun. Dat wie 't wurk fan 'e kabouters, waerd der sein. By de timmerman gebeurde 't wol dat se dêr yn 'e nacht timmerjen hearden. Dan seinen sei: "Der sil ek gau wer ien stjerre, hwant by de timmerman wienen se al mei de lykkiste oan 'e gong."
nl.verhalenbank.27941
As jouns de sinne gleon op 'e glêzen skynt en 't liket fan fierrrens krekt as stiet it hûs yn 'e brân, dan komt der hurde wyn. As de kobben heech yn 'e loft soeije, sûnder dat se de wjokken biwege, komt der ek hurde wyn. As de loft alhielendal klear is, sûnder in wolkje, komt der binne trije dagen rein.
nl.verhalenbank.28110
Njonken ús wennen in man en in frou. Dy hienen twa soannen. Op in joun let wienen se ûnderweis nei hûs ta. Hja roannen op 'e dyk lâns, hwant beneden wie de wei smoarch. 't Wie slim modderich. Doe woarden se ynienen allebeide by de dyk delsmiten. In pear dagen letter forstoar dy jonges har mem. Omdat it paed sa smoarch wie, gongen se mei 't lyk op 'e dyk....
nl.verhalenbank.27818
De nachtmerje kaem troch 't slotsgat. 't Wie in frommes. Men moest hinnegean en set de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28102
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
To Wierum wenne in feint, dy die 't altyd mâl. Hy spotte en flokte dat it net mear moai wie. Hy wie ek faek dronken. Op in joun kaem er by minsken yn 'e hûs. Dêr woed er graech ûnderdak ha foar de nacht. Hy kaem yn 't bûthús to lizzen op strie. Doe't se de oare moarns by him kamen, hied er de holle omkeard op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.28117
Hie men lêst fan langskonken, dan hong men in fleartokke foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28103
As der ien bitsjoend wie, dan siet der in krâns yn 't kjessen dêr't dyselde mei de holle op lei. Dy krâns forbrânden se yn 'e dôfpot, dan kaem de tsjoenster foar de doar.
nl.verhalenbank.28101
Frijmitselders wienen kûgelfrij.
nl.verhalenbank.27959
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838
De swarte spegel hearde by de waarzeggerij. Dan seagen se yn dy spegel. Dan krigen se hwat fan 'e takomst to sjen.
nl.verhalenbank.27958
Yn Den Haech hat men de Bloedpoarte. Dêr sit in keamer yn, dêr is it donker. Dêr binne de muorren hielendal mei nammen biskreaun. Guon fan dy nammen koenen se der noait wer ôfkrije. Dy nammen wienen mei bloed skreaun.
nl.verhalenbank.27964