18,848 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Narrator Gender: male Place of Narration: De Westereen
As in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der hiel yn 't koart ien deagean soe dy't tichteby wenne. Dêr wienen de minsken froeger o sa bang foar.
nl.verhalenbank.36816
As wy froeger yn 'e Westerein op 'e hoeke stienen seagen wy jouns wolris wylde lantearnen, skean oer de greiden. Dat wienen foartekens fan 'e auto's.
nl.verhalenbank.36277
Froeger woarde der sein: As jo de kikkerts deaslagge, dan krije wy tonger.
nl.verhalenbank.25135
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach). Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Trape men op in pod, dan bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.29721
It gebolder fan 'e trein ha se hjir fier fan tofoaren heard doe't der noch gjin trein wie. Doe't hy der letter wie, seinen se: "Dat wie 't hwat wy doe heard ha."
nl.verhalenbank.38410
As men op in pod trape kaem der tonger, waerd der altyd sein.
nl.verhalenbank.32041
Op in pod mochten wy net traepje, hwant dan soe 't bigjinne to tongerjen.
nl.verhalenbank.32141
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
Op 'e Fogelsang yn 'e Westerein waerd op in plak algeduerigen timmerjen heard, mar der wie neat to sjen. Letter setten se dêr in boerespultsje del.
nl.verhalenbank.19534
Wy ha in berntsje forlern. Yn 'e nacht moest ik Antsje der útklopje. In wike foartiid hie Antsje al sein: "Hja hâlde dat jonkje net. Ik ha 't klopjen al heard."
nl.verhalenbank.21082
De wylde lantearnens dy't wy froeger seagen, dat wienen de lettere strjitlampen.
nl.verhalenbank.19537
It gebeurde hjir wol faek, dat minsken seinen: dêr komt skielk in hûs, hwant wy ha 't hjir yn 'e nacht wit hoe faek timmerjen heard.
nl.verhalenbank.38405
Ik hie in kammeraed hawn, dat wie Ymke de Vries. Dy syn heit Jehannes wie in eigenaerdich man. Yndertiid is hjir in herfoarme tsjerke boud, dy is der nou net mear. Foar dat dy tsjerke dêr stie sei Jehannes tsjin Ymke: "Sjoch jonge, op dit plak bouwe se skielk in tsjerke. Ik ha 't sjoen en ik ha de oargelmuzyk al heard." 't Is krektsa gebeurd.
nl.verhalenbank.36560
Ik hie in âldomke, dat wie in broer fan myn beppe. It wie Knillis Veenstra en hy wenne yn Twizelerheide, flak by 't spoar. Keke-om seinen se. De lju seinen ek wol: âlde Keke. Keke-om wie mei de helm geboaren. Hy seach geregeld bigraffenissen fan tofoaren. Sa hat er de dea ek fan syn dochter sjoen, dy't har fordronken hat. Hy seach dagen fan tofoaren de...
nl.verhalenbank.36343
Froeger seagen se hjir wol wylde lantearnen. Dat ha de foarboaden west fan 'e ljochten fan 'e auto's.
nl.verhalenbank.26194
Men leaude hjir fêst, dat, hwannear't in houn spûkgûlde, dat der dan in sterfgefal op komst wie.
nl.verhalenbank.31991
Trapet men op in pod, dan komt der tonger
nl.verhalenbank.36580
Ik ha 't al us hawn, doe wie 'k yn 'e Kule. Doe wie 'k bûtendoar yn 'e nacht. Doe woarde der dêr hyltyd mar ombûke. Mar der wie neat to sjen. In pear dagen letter stienen dêr allegearre fredingpealtsjes. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.25139
't Gebeurde ek wol op guon pleatsen, dat der de nachts tsjerne woarde sûnder dat der in hynder foar de tsjerne roan. Dat wie dan foartjirmerije.
nl.verhalenbank.25138