18,482 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
Yn 'e Smellinger Pein stie master mei in ploechje arbeiders to praten. Wylst lette de klok. Master sei: "Hearre jim wol hwat de klok seit?" "Ja, bim-bam." "Né, hy seit: "Hjoed oer in jier komt master Pier." Krekt in jier letter is er stoarn. Heit hat it my forteld.
nl.verhalenbank.17324
As it glês fan 'e petroaljelampe swart brând wie, dan seinen se: der sit in brief op 'e lampe. Dan gebeurde der hwat.
nl.verhalenbank.17320
As men op in pod trapet komt der tonger, waerd der sein.
nl.verhalenbank.24387
Froeger seagen se hjir de ljochtsjes fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten rydt al lang foardat der noch sprake wie fan in tram.
nl.verhalenbank.37844
Us mem kaem to forstjerren. Wy hienen hjir njonken in keammerke, dêr't de kiste kaem to stean. Heit hearde fan tofoaren dúdlik hoe't der mei de hammer slein waerd yn it keammerke. Letter doe't de kiste der út moast moest der in sketsje út slein wurde. It wienen deselde slaggen, dy't er earder heard hie, sei er.
nl.verhalenbank.17334
As se ien stekke mei 't mes en 't bloed giet net út dyselde syn klean wei, dan giet er dea. Fokke Pander hat us ien stutsen. De frou wosk syn klean. Mar it bloed woe der net út. Doe sei se: "Hy giet dea." Hy is ek dea gong.
nl.verhalenbank.17321
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen, sizze se wol. Wy ha 't wolris dien as bern. Dan gebeurde it ek.
nl.verhalenbank.24700
Trape men op in pod, dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.36216
De wylde lantearnen fan froeger haw ik altyd biskôge as de foarboaden fan 'e fytsen.
nl.verhalenbank.17353
It gebeurde by de boeren wol gauris dat yn 'e nacht samar fansels de tsjerne bigong to draeijen en ek de winen draeiden soms samar yn 'e nacht. (de winen dêr moest it sied troch skifte wurde) Dit wie foartsjirmerij. De oare deis soe 't dan wer op in tsjernjen en wynjen gean.
nl.verhalenbank.27270
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen wienen de foartekens fan 'e lampen. De minsken krigen letter folle mear ljocht.
nl.verhalenbank.17588
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Trapet men op in pod of kikkert, dan bigjint it to tongerjen. Plukt men tongerblomkes, dan begjint it ek to tongerjen.
nl.verhalenbank.28289
It is yn 'e Boelensloane gebeurd, dat guon dêr it fanfare spyljen heard ha, wylst it der net wie. Ik ha 't sels ek heard. Ik wie doe noch in jonkje. Der wie doe noch net in korps yn 'e Boelensloane. Ik stie op in joun bûten mei moai waer. Us Jehan wie der ek by. Ik sei: "Heit, dêr spylje èk guon." Doe ha wy it fanfarekorps al spyljen heard dat letter yn...
nl.verhalenbank.26100
Ek haw ik it saegjen en timmerjen heard, foardat der by ús in skjippehok boud is. Dat wie ek foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19593
Yn 'e Popkepoel is 't sizzen, sil noch us in bern yn fordrinke. Guon minsken ha 't bern razen heard.
nl.verhalenbank.21408
Skoanheit en dy wennen op 'e Trije Roede. Se sieten in kear yn 'e hûs, doe hearden se ynienen in plof. Doe't se nei bûten ta gongen wie dêr neat to sjen. Mar de oare deis hienen se in dekker by 't hûs. Dy foel fan 't dak ôf en dat joech krekt deselde plof. It hie foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.17580
Achter de Poel op 'e Boelensloane wenne âlde Elske. Dy moest fan alles sjen. Nachts kom se faek út bêd wei en dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.17581
Ik roan us mei in stik of hwat oaren op in joune de Loane del. Doe seagen wy it hûs fan Piter en Sijke yn 'e brân. Wy der hinne om to sjen. Doe't wy der kommen leinen de minsken op bêd to sliepen en der wie alhielendal gjin brân. Mar in wike of hwat letter brânde it op.
nl.verhalenbank.25255
Tryn Snipel wie kaertlizter op 'e Boelensloane. Hja sei altyd: 't Wurdt allegear rykdom! Dat mochten de lju wol hearre.
nl.verhalenbank.36206