Trapet der ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36267
Sels haw ik it ek. Doe't ús heit stoar wie ik slim swiersettich. Der drukte hwat op my. Ik wist dat der hwat slims gebeurde, mar fan heit syn stjerrren wist ik neat ôf.
Doe't mem forstoar wie 't èk sa mei my. It lei my by dat der hwat hiel slims gebeurde.
nl.verhalenbank.36239
Op in nacht is myn omke Piter Veenstra oan it Wyldpaed formoarde. Heit hie dyselde nachts in droom. Hy droomde dat der ien formoarde woarde. Mar hy koe de gesichten net goed ûnderskiede. Heit wie altyd tige mâl mei Piterom.
De moardner is noait bikend woarn.
nl.verhalenbank.36238
Op in pod mat men noait traepje, omdat der dan tonger komt, dat waerd ús froeger foarhâlden.
nl.verhalenbank.31806
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Wy ha hjir op 'e heide in houn hawn dy't spûkgûlde. Hy die it allinne as der in sterfgefal tichteby op komst wie, oars hearde men him net. Mar sokke tiden wie er net to hâlden, dan moest er nei bûten ta.
Mem prebearre him dan wol yn 'e hûs to hâlden, mar dat koe se eins noait rêdde. Hy gong dan bûten sitten mei de kop achteroer en dan mei de eagen rjochte...
nl.verhalenbank.31805
Us heit roan mei noch in man op in joun tusken Oerterp en de Lange Wyk by Drachten. 't Wie donker. Hja kommen by in hûs, dêr gong it bot op in timmerjen en saegjen.
Hja tochten: hoe kin dit sa let op 'e joun - En hja dêrhinne to sjen. Mar dêr wie net in minske warber en der wienen ek gjin lûden mear.
Op 't lêst gongen se fuort. Se seinen: Dit is...
nl.verhalenbank.36237
Us mem en heit wienen ris op in nacht togearre to murdejeijen. Doe kamen se op in plak - it wie yn Wergea - dêr waerden bussen delsmiten en se hearden amers ratteljen en al sa mear.
Binnen it jier waerd dêr in nije pleats boud. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.31800
In soad minsken fan 'e heide ha fan tofoaren de ljochten fan 'e tram sjoen en ek de lûden heard, doe't hy der noch net wie.
nl.verhalenbank.31802
Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem dúdlik it gliden fan 'e tram oer de rails hinne. Ek guon seagen de ljochten fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24638
Lytse Kjille wenne op 'e Gerdyk. Hja wie kaertlizter. Heit en Piter-om ha ris nei har ta west. Hwat se heit fortelde is allegear neikom. Mar hwat se fan Piter-om sei, dat wienen allegear nuvere forhaeltsjes. It wie krekt, sei heit, as woe se net sizze hwat se sizze moest. Tuskentiden wie se hyltyd stil. Koarte tiid dêrnei woarde Piter-om formoarde.
nl.verhalenbank.36268
Koarte tiid foardat Piter-om formoarde wie, útfanhûze er in pear nachten by heit en dy. Doe kom er in kear yn 'e hûs, doe hie er krekt nei 't hûske ta west. Hy sei: wylst ik op 't hûske siet, hearde ik hyltyd dat der kreune woarde.
"Nou," sei heit, "dan wol 'k dêr ek ris hinne."
Heit der hinne, mar dy hearde neat. Doe Piter-om der wer hinne. Dy hie 't...
nl.verhalenbank.36240
Der wenne hjir in sikere Spinder, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf om nei lykstaesjes to sjen. Hy seach ek oare dingen. Hjir wienen twa mannen dy krigen hevige rúzje om in reed. Doe moesten se foar 't kantongerjocht komme. Mar de iene liichde mear as de oare. Doe hat men Spinder der by roppen, omt dy heldersjende wie. Dy fortelde...
nl.verhalenbank.31792
Dêr wenne in âld minske yn Garyp-Sigerswâld, dy seach in ljocht rjocht op har takommen fan 'e rjochting Earnewâld. Doe sei se: "Hjir komt skielk in wei, dat is sa wis as hwat." En 't is ek neikaem. Mar it hat wol in 20 jier duorre, ear't dy wei der wie.
nl.verhalenbank.31803
Ik wie in fanke fan in jier of 14, 't wie yn 'e nacht, ik lei op bêd. Ik wie wol klear wekker, hwant ik siet op 't lêst yn bêd, sa bang waerd ik. Ik tocht: se binne hjir yn 'e skuorre oan 't terskjen, ik hearde it hiel dúdlik. Mar 't wie net sa fansels, hwant dat koe net. De oare moarns ha se dêr terske. Ik hie 't dus de nacht tofoaren al heard.
nl.verhalenbank.31797
Janke fan Romke-om (Romke Skyt) en Trynmoai tsjinne yn Drachten. Hja rekke dêr yn forwachting. Hja moest in bern ha fan in joad Van Leer út 'e Hounestege.
Op in middei wienen Mart en hja op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe sei se: "Hark, dêr liede de klokken al."
"De klokken?" sei Mart, "ik hear neat."
"Ja," sei se, "de klokken. Dy liede al dat se my strak...
nl.verhalenbank.21360
Wylde lantearnen sweefden hjir froeger faek oer de heide. Men wol ha dat dat de lettere auto's binne.
nl.verhalenbank.31789
Sjoerd Dykstra wie koedriuwer. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf. Dan seach er lykstaesjes. De gewoane minsken koenen dat net sjen. As sa'n helm net forbrând wurdt by de geboarte, dan matte se 't altyd sjen. Forbrânne se de helm, dan net.
nl.verhalenbank.24642
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net.
Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde."
Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt."
It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea.
De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791