7,128 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Narrator Gender: female Place of Narration: Opende
Wy ha hjir yn 'e buert yn in âld hûs wenne. "Sjoch," sei 'k op in joun tsjin ús mem, "it binne dêr allegear ljochten." "Ja," sei se, "dêr kin wolris in drokke wei komme." In jier twa, trije lettere is dy wei der kom.
nl.verhalenbank.16121
Forskate lju ha hjir de tram fan to foaren heard, foardat dy hjir lâns kom.
nl.verhalenbank.21111
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
Foardat de tram hjir lâns kom ha guon him al heard. Hindrik de Jong wie de earste, dy't de tram roljen en tûtsjen hearde. Sake Elzinga de twadde. In pear jier letter lei de tram der pas.
nl.verhalenbank.23134
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
Elke oavond om tien uur kwam der altyd in groat licht answeven by de Leidyk. Mem sei dan: "Wat kan dat toch sijn", want doar was in heel groat gat. Doar kon noait wat overheen rijdn. Dat licht kwam de kant fan Mearum út weg. Loater kwam de tram doar langs presys in deselfde tyd 's oavends tien uur. Dat het dat licht toen west.
nl.verhalenbank.25889
As eksters skatterje yn in beam by hûs, dan giet der ien dea. As de houn spoekgûlt giet der ek ien dea. As de kat him wasket, komt der bisite.
nl.verhalenbank.16126
Wy seagen froeger in rige ljochtsjes yn 't Súd fan 'e Pein. Letter kom dêr de tram.
nl.verhalenbank.27301
Op in nacht sei er: "Wat sal dat nou wezen. Het bromt in de locht." It gong der bot oan wei. Letter kom de Graf Zeppelin troch 't noarden oer ús hinne mei prins Hindrik der yn. Doe't er dat loftskip seach, sei er: "Dat mei 't west ha."
nl.verhalenbank.27303
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean." Mar dy huzen steane der noch net. Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
nl.verhalenbank.32012
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt." Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Yn 'e Houtigehage wenne in âld-minske: Akke Stoarm. Der wienen us in kear eksters by har achter hûs oan 't skatterjen. Doe sei se: "O heden, nou komt der gau in deaden yn 'e buert." Hja krige gelyk. Binnen trije dagen stoar der ien.
nl.verhalenbank.21097
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
nl.verhalenbank.32015
Myn man, dat wie Ingbert Bijma. Dy syn swager seach froeger ris in ljocht yn 'e Parken, dat biweegde. Letter wist er hwat dat bitsjut hie. It hie de foarboade west fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten ried.
nl.verhalenbank.37999
Wylde lantearnens wienen hjir froeger in soad. Sokke lantearnens hienen in bitsjutting. Sy woarden hjir fral boppe de heide sjoen. It bitsjutte nije wegen en nije huzen seinen se.
nl.verhalenbank.23141
Frou van der Molen - hjir út 'e Pein - en har earste man wienen us op in joun fuort west to praten. 't Wie hjir achter yn 'e Juliana-buert. Sy wienen noch net troud. Doe stienen se ynienen yn 't ljocht. Sy wienen noch net oan hûs ta. Doe't se thús kommen sei se tsjin har heit: "Hwerom ha jim de lampe sa heech brânnen?" Doe sei har heit: "Wy ha de lampe...
nl.verhalenbank.25929
Egbert Hoekstra hearde op 'e nacht by him yn 'e hûs getimmer. De oare wyks stoar syn frou. Mar de kiste koe net troch de doar en ek net ûnder it finster troch. Doe moest it hiele finster der út. Letter, nei de bigraffenis kom it der wer yn. Doe't se dêr mei oan 't timmerjen wienen, sei er: "Fleden wike ha 'k dat timmerjen ek heard, krekt deselde slaggen....
nl.verhalenbank.38000
As in houn spûkgûlt stjert der gau ien dy't tichteby wennet. Gewoanlik duorret it in dei of trije.
nl.verhalenbank.27310
Heit stie op in joun bûtendoar. Doe seach er 't noarden yn. Doe sei er: "Ik sjoch noch ljocht." Piersma's jonges hûs stie yn 'e brân. Hy woe der hinne, mar doe't er op healwei wie, doe seach er neat mear. "Ik ha my forsind," sei er, "it brânt net." Fjirtsjin dagen letter sloech de lôge der út. Doe is it hûs dan werklik opbrând.
nl.verhalenbank.27304
In de Parken woonden wij noast in dubbelde woning. 't Was in olle fort. In de ene helft woonde een old minske, in de andere er noast in jonge huusholding. Op een morgen kwam ik der ôf. Doe woaren der fier eksters op 't strietsje foar de dunen fan dat dûbelde huus. Die eksters bleven hyltyd op 't ene straetje, bij de jonge minsken, niet bij 't âlde. Presys...
nl.verhalenbank.26977