Knjillis Sytske wenne by 't foetbalfjild. Sy hat baekstere by Frearke Tetsje. Lys, sei se tsjin my, as't leauste wolste, ja of né, op in kear kommen der seis eksters moai achterinoar oan by ús pomp lâns it paedtsje del. Krekt in bigraffenis. Gjin tsien wiken letter wie myn fanke dea.
Sy wie noch mar seis jier âld.
nl.verhalenbank.16070
Doe't Willems Tryn har famke yn 1945 ûnder 'e moalwein deariden is, kommen der trije eksters by har op 't hiem, om har de tiding to bringen.
nl.verhalenbank.16071
By ús beppe kom us in ekster yn 't finsterbank. Dy bringt my tiding, sei se. Trije wiken letter stoar se.
nl.verhalenbank.16073
Anne fan ús Saek wie hjir. De eksters skatteren wol sa bot yn 'e hege beam, dat ik koe 't net langer forneare. Ik smiet der nei mei stiennen. Sy skatteren mar troch. Ik sei: Nou stiet hjir gau de sikenwein hjir. En 't is ek gebeurd. Under 't selde plak dêr't dy eksters sa skatteren, hat de sikenwein stien, doe't Anne de earm bruts.
nl.verhalenbank.16072
Us heit wie us by nacht om in dikke peal út om dy op to stoken. Us mem gong op bêd.
Doe't heit yn 'e hûs kom, sei ús mem: Hast hjir earder yn 'e hûs west? Hast hjir nyskes hwat yn 'e hûs brocht?
Né, sei ús heit, hoe soe 'k dat dien ha.
Nou, hjir is hwat yn 'e hûs brocht. Dat skaefde tsjin 'e middeldoar oan en de klompen woarden tagelyk oer de flier reard....
nl.verhalenbank.16074
Hounen spûkgûle as der guon stjerre sille. Doe't Piter syn mem hast dea wie, stie hjir in dikke, bûnte houn to spûkgûlen. Hoe wy him ek smieten en fuortjeije woenen, hy bleau hjir mar stean en hâldde net op mei spoekgûlen.
nl.verhalenbank.16077
Wy ha fan tofoaren it timmerjen heard oan 'e Malmoune. (de malmoune wie in fjouwerkant hûs foar fjouwer a-soasiale gesinnen; in pear jier lyn waerd dat hûs ôfbrutsen)
Ek hearden wy fantofoaren it saegjen en 't smiten mei balken fan it hûs dêr't Sjoerd Stienstra, hjir oer de wei, yn kom te wenjen.
nl.verhalenbank.16068
Trape men op in pod dan krige men swier waer.
nl.verhalenbank.29345
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Us mem en dy moesten froeger Sytske al us in kear ophelje. Dy wenne by 't monumint op 't Bomkleaster.
Hja soe komme to naeijen, mar sy koe sels de naeimesine net drage. Mem droech de naeimesine. De krúswei moesten se passeare, dy wie doe noch net forhurde.
De oare deis fortelde mem, se hienen dêr by de krúswei sa bot mei stiennen smiten, dat hie se dúdlik...
nl.verhalenbank.24329
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?"
Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Us mem hat wolris forteld, dat guon in lûd hearden dat út it wetter wei kom - dan moest der ien forsûpe.
Even letter kom der ien oanriden en dy rekke yn 't wetter en forsûpte. Ik wyt net mear hwer't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.29332
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat ha de lettere fytslampen west.
nl.verhalenbank.24342
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
As in ekster tichte by hûs komt, sei ús mem, dan komt der binnenkoart in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22718
As in houn spûkgûlt, komt der mei gauwens in deade op 'e buert. Ik ha 't sels meimakke.
nl.verhalenbank.29339
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Auke Karre kom saterdei-to-jouns altyd by ús mei bakkerswaren. Hy kom fan Eastemar of sa, dy kusten út wei.
Op in joun sei 'k tsjin mem: "Hark, dêr is Auke Karre." Ik hearde dúdlik de karre en syn gong en ek it swypkjen fan 'e koer mei bakkersguod.
Ik wie yn 'e gong om wetter op to heljen.
Mar doe't ik nei de doar ta gong wie der yn gjin fjilden of wegen...
nl.verhalenbank.22290
Letter hat er wer us hwat sjoen, doe kom er ek by my wei. Dat wie noait liker as wie 't in auto of in rydtúch of sa. 't Wie heger as in gewoane wein en 't stie by harren thús foar de doar. Letter ha se syn heit (healwize Gradus) nei Wagenborgen ta brocht. Doe kom der echt in auto foar de doar. Dat hat it grif west.
nl.verhalenbank.15877