As in geit blettere kom der reinwetter.
nl.verhalenbank.36316
Alde Keke hat fantofoaren sjoen, dat de trein in ûngelok krige. De tsjettel knapte de middeis om ien ûre hinne. De trein stie stil, mar der kommen gjin deaden. Sy fornommen it yntiids. 't Gebeurde by Sweagerbosk.
nl.verhalenbank.20448
Alde Hindriks Kike wenne achter ús. Mem sei op in kear:
"Der sil ûnwaer komme, dan rekket âlde Hindriks Kike har hûs der ôf. Ik ha 't brânnen sjoen. En op 'e Foarwei sil de boerepleats fan Dedde Wybenga ôfbrânne en alle fé sil der yn omkomme."
't Is allegear sa gebeurd. Hja sei: "Ik sjoch allegearre fjûr." De oare deis gebeurde it. Der kom in greate...
nl.verhalenbank.36300
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht kin sjen mei hwa't er trouwe sil.
nl.verhalenbank.36317
As de noas jin jokket, krijt men rûzje of in buorrel.
nl.verhalenbank.20005
Knjillis Veenstra (Minke Knjillis) fan Sweagerbosk wie mei de helm geboaren. Dy moest alle begraffenissen foarút sjen. Dêr siet in drang achter. Hy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter ek sjoen.
nl.verhalenbank.36302
Myn suster hie in jonkje yn 't stêdssikenhûs yn Ljouwert to lizzen. Dat wie tige min. Myn suster wenne sels ek yn Ljouwert. Doe krigen se biricht dat de tastân fan it bern krityk wie.
Myn swager wie hastich en sei tsjin myn suster: "Toe, dû mast oanmeitsje. Wy matte der hinne foardat it to let is."
Mar myn suster sei kalm: "It hoeft net mear, hwant ús...
nl.verhalenbank.36139
Op in kear sei ús mem: "Der komt in lyk oan út Dokkum wei oer it wetter. Se fine it aenst yn 'e buert fan Ljouwert. Ik sjoch it spielen."
In ûre letter founen se in lyk yn 'e Bonkefeart. 't Wie it lyk fan in geestlik gestoarde, fan Dokkum ôfkomstich.
nl.verhalenbank.36305
Heit wurke by de Baersma's. Op in kear kom er thús. Doe wie mem al wei. Doe sei er: "Ik ha hwat sjoen, bern. Ik ha sjoen, dat se op 'e moanne komme. Dy minsken hienen fjouwer wjokken oan har en in bus op 'e rêch. Ik bileef it net mear, mar jimme sille 't sjen."
Hwat ha 'k faek oan dy wurden fan heit tocht, as se wer ris nei de moanne ta gongen.
nl.verhalenbank.36304
Ekstergeskatter is in foarboade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.19999
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22851
Heit en mem hienen twillingen. It iene berntsje woarde siik, doe wie 't njoggen maenden âld. It stoar en sy brochten it nei 't hôf ta. Doe sei heit: "It oare berntsje hâlde wy ek net. Ik ha 't al yn 't kistje lizzen sjoen." Doe't se weromkommen fan 't tsjerkhôf wie 't oare berntsje ek dea.
Heit en mem wennen doe yn 'e Twizeler Mieden.
nl.verhalenbank.36140
Yn 'e swarte spegel kinne se sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net dan krije se in deakiste yn 'e spegel to sjen.
nl.verhalenbank.36155
Op in pod of in slak moat men net traepje seinen se froeger, oars bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36151
Wy wennen yn Dokkumernijesilen. Myn âldste jonge moest noch geboaren wurde. Ik lei op bêd en ik hie in rare droom. 't Wie yn 1939. Ik seach dat der mannen oer de dyk krûpten mei blikkene dingen op 'e holle. Ik woardde der raer fan.
De deis dat de Dútsers hjir kommen yn maeije 1940 en se alles ûnder wetter rinne lieten binne dy Dútsers presys sa oer de dyk...
nl.verhalenbank.36137
Us mem seach de dingen faek fantofoaren gebeuren. Wy wennen yn 'e Westerein njonken âlde Willemke. Op in kear sei ús mem: "Ik ha âlde Willemke dea lizzen sjoen yn 'e kiste. De kiste gong ûnder 't glês troch, sy koenen him net troch de doar krije."
Doe wie Willemke hielendal net siik.
Twa dagen letter is se ûnforwacht stoarn. It gong allegear krekt sa sa't...
nl.verhalenbank.36296
As men trapet op in slak, bigjint it to tongerjen.
Mem warskôge my altyd.
nl.verhalenbank.20009
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels.
Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
Alde Wigers Gjertsje hie in soan Theunis, dy wenne yn Hollân. Nou en dan kom er thús by syn mem . Op in kear wie dat wer it gefal. Doe sei ús mem: "Hy giet net wer nei Hollân ta."
Hy is even letter fan 'e brêgeleuning yn 't kanael sprong en forsûpt.
nl.verhalenbank.36306