26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Sumar
Komt der in ekster op 't hiem, dan krijt men in prater.
nl.verhalenbank.24510
Trapet der ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36267
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
nl.verhalenbank.12264
As jy in swarte kat tomjitte komme, matte jy op jins hoede wêze, hwant dat bitsjut ûngelok. It koe in tsjoenster wêze.
nl.verhalenbank.36235
Foar it spûkgûlen fan in houn wienen de minsken hjir deabinaud, hwant dat kaem altyd nei. Us heit en ús mem ek. Se hawwe 't faek ûnderfoun. Sa'n dier wit mear as in minske formoede kin.
nl.verhalenbank.32181
Yn Sumar hjir njonken, hearde ik yn 'e nacht faek timmerjen. Dat is noch mar in skoftsje lyn. Fuort dêrnei ha se dat nije hûs der delset. It wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.20221
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Op 'e Sumarreheide ha de minsken wol gauris huzen fan tofoaren yn 'e brân sjoen, dy't letter opbrânden.
nl.verhalenbank.20399
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
To Garyp seagen se op in plak jouns hyltiten ljochtsjes. Twa jier letter kaem op dat plak in boerespultsje to stean.
nl.verhalenbank.31481
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
Froeger seinen se tsjin ús as bern: Traepje noait op in pod, hwant dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.31494
Sels haw ik it ek. Doe't ús heit stoar wie ik slim swiersettich. Der drukte hwat op my. Ik wist dat der hwat slims gebeurde, mar fan heit syn stjerrren wist ik neat ôf. Doe't mem forstoar wie 't èk sa mei my. It lei my by dat der hwat hiel slims gebeurde.
nl.verhalenbank.36239
Op in nacht is myn omke Piter Veenstra oan it Wyldpaed formoarde. Heit hie dyselde nachts in droom. Hy droomde dat der ien formoarde woarde. Mar hy koe de gesichten net goed ûnderskiede. Heit wie altyd tige mâl mei Piterom. De moardner is noait bikend woarn.
nl.verhalenbank.36238
Op in pod mat men noait traepje, omdat der dan tonger komt, dat waerd ús froeger foarhâlden.
nl.verhalenbank.31806
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920