Ik wit noch wol, dat mem op in kear sei:
"Sjoch, dêr skynt in ljocht. Dêr komt in nij hûs, hwant it ljocht brânt der al." Ridlik gau kòm dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.16059
Op in kear wie 'k mei noch ien by de Swadde.
"Hark, sa timmerje se dêr", sei myn maet. Ik hearde it ek dúdlik. Mar der wie dêrom neat to sjen.
Efkes letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.17008
Guon ha hjir it spoar al fan tofoaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.16060
"Sjoch," sei ús mem alris, "sa'n heldere lampe brânt dêr oer de Sweagerfeart. Doe kom dêr letter in brêge mei in lampe der boppe.
nl.verhalenbank.17009
Hjir hat in man wenne, dy syn dochter wie troud mei in sekere Marten. Sy wennen yn 'e Harkema. Dy man kaem ris in kear by ús mem. Hy fortelde mem, dat syn dochter forhongere dêr yn 'e Harkema. De keardel woe net in slach dwaen en bihandele har as in houn. Dat hy woe syn dochter wer thús ha.
Wylst er oan 't fortellen wie, sei mem al in pear kear: Gean...
nl.verhalenbank.16110
Op in kear kom ik fan 't spoar yn 'e Westerein. 't Wie sahwat alve ûre op 'e joun en ik hie sa'n 200 meter roan. Liuwe wie by my.
Doe hearde ik dêr de stim fan in frommes, dat klonk aeklik.
Ik sei: "Hark ris , sa giet Bouke Minke to kear. (Dat wie it wiif fan Bouke de Jong)
In pear dagen letter forsûpte har bern op itselde sté dêr't wy Minke kleijen heard...
nl.verhalenbank.17010
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006
Ek in kear, 't wie noch foar de oarloch doe kaem ik mei noch ien de wei del. Wy roannen achter de pleats fan Piter Zuidema oan 'e Wâlddyk. Doe hearden wy ynienen sjitten. Dat knettere en rikketikke krekt as woarden der fyftich mitrailleurs ôfsketten. "Duvel, hwat woarde ik dêr kjel," sei 'k. "De bonken binne der my dôf fan. It komt fan 'e pleats."
Wy...
nl.verhalenbank.17007
Hjir hat in man west út Grinslân. Dy fortelde my us, hy ried op in moarn mei twa boeren fan Hooghalen nei Hoogeveen nei de merk. Underweis moesten se trije plaetsen foarby. Al yn 'e fierte seagen se dat ien fan dy plaetsen yn 'e brân stie. Mar doe't se flakby wienen, wie der gjin brân to sjen.
Mar doe't se de jouns werom kommen fan 'e merk, wie dyselde...
nl.verhalenbank.15777
As bern al seinen se tsjin ús: "Noait midden op 'e wei rinne." Dat wie fanwege de lykstaesjes. Men koe us oan kant set wurde.
nl.verhalenbank.26312
Bij de brug in de Westerein stonden us in kear mensen, die hebben daar in geluut hoord. Dat kwam út it water. Later is daar een ferdronken.
nl.verhalenbank.24289
Ik haw kunde hawn oan in Roomse man, dy sijn broer koe alles sjen. Hy en syn broer roannen us togearre tusken Hûs ter Noord en Kollumersweach. Doe hie syn broer him beet krigen en sein: "Mast hjir even komme."
Even letter sei er: "Nou kinst dêr wol wer hinne gean. Hast neat sjoen?" "Né," sei myn kammeraet, "allinne mar in mylpealtsje. Wie der dan hwat?"...
nl.verhalenbank.26313
Us heit fortelde dat yn syn jonge jierren foardat de trein der noch wie fan Ljouwert nei Grins, hienen hja yn Sânbulten de lûden fan 'e trein al heard.
nl.verhalenbank.33020
Yn Twizelerheide hearden se fóár 1914-18 al in lûd troch de loft gean. Dat wie it lûd fan in Dúts loftskip, dat der pas folle letter wie.
nl.verhalenbank.33021
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
To Kollumersweach oan 'e Boskreed yn 'e lânnen stie in âld hûs, dêr ha ús heit en dy yn wenne. Fan tofoaren ha minsken dêr neist in ljocht barnen sjoen.
Nei dy tiid ha heit en dy dêr in nij hûs sette litten.
nl.verhalenbank.29503
As in houn spokgûlt dan giet der mei gauwens ien dea.
nl.verhalenbank.25361
As der in skilderij delfiel, dan seiden se: "Der komt in doden." En dat komt ook út.
Wij hè 't bij ús thús had, doe fiel der in skilderij del. Doe sei myn moeke: "Daar komt wat achter wei."
De ene rouwbrief na de andere kwam. Overal kwamen de berichten weg, allemaal van familieleden.
nl.verhalenbank.24287
Op 'e wei fan Feanwâlden nei Dokkum seagen wy froeger in rige ljochtsjes. Letter wienen dat de ljochten fan 'e fytsen en de auto's. Dy hienen wy al jierren fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24705
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064