2,813 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Garyp
Yn Garyp yn 'e Westerein gong it yn 'e nacht faek op in timmerjen. Dan woarde ik wekker en hearde der nei. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.17110
Heit syn heit hat hiel froeger al sjoen dat der fleanmesines troch de loft fleagen.
nl.verhalenbank.17104
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
De wylde lantearnen dat wienen de foarboaden fan 'e auto's. Ik ha se faek sjoen yn 'e Earnewarren.
nl.verhalenbank.23044
Doe't ik noch faem wie, fortelde in bolkoerrinster fan Garyp by ús, dat der wie in frommes yn Garyp forstoarn en har broer hie fan to foaren de hiele bigraffenis sjoen. Hy waerd oan 'e kant set doe't de lykstaesje foarby gong.
nl.verhalenbank.17106
It hûs dêr't heit en dy yn wenne ha, ûnder Garyp is der nou net mear. Doe't se der noch net mei oan 't bouwen wienen, ha se it timmerjen en stienklopjen dêr al heard.
nl.verhalenbank.17107
Us mem hat in berntsje forlern. Fan tofoaren hat se de hiele bigraffenis sjoen, har sels der ek by. Sy hie in regenkleed om dat wie makke fan in skoat. Letter, doe't de bigraffenis der echt wie, koe mem it regenkleed net fan 'e boerinne krije. Doe krige se it skoat, dat knipte se dwarstroch en dat die se om. Dit gebeurde yn Garyp.
nl.verhalenbank.17113
Oan 'e Tsjerkwei ûnder Earnewâld is in jonge fan sahwat tolve jier âld yn 'e pet fordronken. It iis wie dêr noait sterk. Dêr leinen ek meastal takken. De lju rieden dêr altyd omhinne, mar dy jonge die dat net. In skoftsje fan to foaren ha minsken dúdlik heard, dat in jonge dêr yn 'e pet rôp fan "Help!", mar doe wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.17105
Doe't ik tsien jier âld wie, doe is my sjen litten hwer't ik letter komme soe to wenjen. Ik seach tige dúdlik twa nije húskes. De doar, de finsters, it dak, it hiele model seach ik sa klear, dat ik it noait wer forgetten ha. It ienen húske is letter ôfbrutsen. Doe't ik troude bin 'k yn 't hûs kom to wenjen. Ik herkende it. Dat wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.22981
As heit nei in forgadering wie, gebeurde it soms dat mem nei in skoft sei: ik hear heit al praten, hy is op komst. Mar dan wie hy der net. Efkes letter kaem er.
nl.verhalenbank.31526
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen wienen de foarboaden fan 'e fytsen en de auto's.
nl.verhalenbank.22991
Skoanmem hat faek sein dat se de tram fan Drachten fier fan tofoaren al heard hie en in bulte oare minsken ek.
nl.verhalenbank.31418
De wylde lantearnens, dat ha de foarboaden west fan 'e flychmesines. Hwant se wienen yn 'e loft.
nl.verhalenbank.23034
To Garyp stiet oan 'e wei nei de polderdyk in hûs, dêr wennet nou Lammert Slofstra. Froeger stie dêr in âld hûs foar, doe wie 't nije dêr noch net. Mar guon wisten fan tofoaren al dat it nije dêr komme soe. Dy hienen dêr timmerjen heard en oare lûden dy't men by 't bouwen observearret.
nl.verhalenbank.32112
Ek in bult minsken út dizze streek ha de tram al lang fan tofoaren riden sjoen.
nl.verhalenbank.31624
Doe't ik in famke wie fan sa'n jier as seis - doe wennen wy noch oan 'e polderdyk - doe seach ik op in jountyd klear de lokomotyf fan 'e tram de hoeke om gean. It wie in great, swart ding. In skoftsje dêrnei doe is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21340
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal. Jan Wiberens de Haan fan Garyp hat yndertiid syn frou forlern. Hja hienen in moai hountsje. Alle nachten spûkgûle it beest. Doe't de frou forstoarn wie, wie 't dien.
nl.verhalenbank.32115
Myn skoanheit Sjoerd Kingma wenne op 'e ein fan Garyp yn in lyts húske flak by de oerwei fan Nyegea nei Burgum. Hy hearde nacht op nacht it fluitsjen fan 'e tram, deunby, wylst der doe noch gjin tram wie. Dy kaem letter pas.
nl.verhalenbank.23028
Al hiel lang lyn, doe't de strjitwei fan Ljouwert nei Grins der noch net wie, hearden skippers op it Swartkrús geduerich dat der weinen oer in brêge rieden. Der wie doe noch net in brêge, mar letter is dy brêge dêr kaem. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31416
Inkelden yn Sumarreheide ha de ljochtsjes fan 'e tram al fier fan tofoaren sjoen, foardat de tram der wie.
nl.verhalenbank.21339