18,317 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Narrator Gender: male Place of Narration: Danbury
Er was es iemes op de Kapel, die had de fiet on de vinger. Hé’j hatter barre pien on. Hé’j kos snachs nie sloape. Hé’j kos ’t ien huus nie mer make van de pien. Hé’j doch: “Ik godden hortje bute lope ien de frisse loch. Toe hé’j bute kwam, zag ie ’n poar huus wieër nog lich. Da was gek. Middenien de nach. De finsters en de gediene ware los. En hé’j keek...
nl.verhalenbank.49655
Bouw van kerken op een bepaalde plaats: Panningen, een kerkdorp in Helden, heet in de volksmond “Kapel”. Vroeger hoorde dit dorp ook onder parochie Helden. Een boer, die met zijn ossewagen een vracht zand had gehaald uit de richting Vosberg, voer door de kom van Kapel. Plotseling bleef zijn os staan, en was niet te bewegen tot voortgaan. Slagen en goede...
nl.verhalenbank.60988
Ik ha guon kend, as dy moarns nei de jister ta soenen to melken, dan hearden se fan fierren al de speten fan 't melken yn 'e earnamers. Dan wienen se der noch lang net oan ta. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.28906
Hjir achter is us in stjelpke opbrând, dêr wenne âlde Tsjerk Witteveen yn. Us hûs stie der njonken. Ik hie nei myn broer ta west en kom de jouns om alve ûre hinne dêr wei. Doe seach ik fan fierrens al dat stjelpke yn 'e brân stean. Ik roan ta om der mar sa gau mooglik to wêzen. Mar doe't ik der njonken wie, wie 't út. It brânde hielendal net. Trije wiken...
nl.verhalenbank.16940
Dêr't nou Mekke van Doezum wennet, oan 'e beton-wei, wienen wy us op in joun mei ús achten as jongfolk. Doe hearden wy dêr getimmer en gesjou fan planken. It gong der bot oan wei, mar der wie neat to sjen. Wy gongen der wei, hwant wy hienen der in hekel oan. In goed jier letter woarde dêr in skuorre delset. Doe wienen dêr krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.16941
Gâns minsken fan Sumarreheide ha fan to foaren de ljochtsjes fan 'e tram sjoen, foardat dy noch ried.
nl.verhalenbank.17123
Durk hat by de Boskreed wenne yn 'e Harkema yn in forlofsaek. De broer fan myn heit, Aen Klokje (= Aen Alma) hat foar eigen egen sjoen dat der op in nacht út dat hûs in bigraffenis weikom. Hy hat it my sels forteld. 't Wie fan in jonge, dy wie dêr stoarn. 't Kom krekt sa nei. Durk syn jonge stoar al gau dêrnei en doe hâldden se de bigraffenis dy't myn...
nl.verhalenbank.26856
In jonge fan ús is yn 'e Dútse bisettingstiid oppakt en nei Dútslân transporteard. Krekt foardat er thúskaem, alhiel ûnforwacht, sei heit: de jonge komt werom, ik ha him al sjoen.
nl.verhalenbank.17335
Froeger waerden der jouns wol gauris ljochtsjes sjoen dy't op en del gongen. Letter seinen se dat dat de foarboaden west hienen fan 'e fytslampen en de autoljochten.
nl.verhalenbank.37647
Doe't ik sa'n jonge wie fan tolve jier gebeurde it dat se yn 'e buert fan Ingwierrum in lûd yn 'e loft hearden. Dat wie krekt it lûd as fan in stoomboat. Letter kommen de stoomboaten pas. Dat lûd dat se doe heard ha, dat hat in 'foar gespeustel' west.
nl.verhalenbank.27051
Ik wit noch wol, dat mem op in kear sei: "Sjoch, dêr skynt in ljocht. Dêr komt in nij hûs, hwant it ljocht brânt der al." Ridlik gau kòm dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.16059
Dêr't nou it spoar lâns giet, dêr seagen de lju hjir froeger ljochtsjes by jountiid, dy't der oan kamen. Dat hat foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.37641
As ien him ophingje soe, dat wisten se fan tofoaren èk.
nl.verhalenbank.38439
Ik haw hjir yn Twizelerheide wol gauris by nacht timmerjen heard froeger. Dan sei 'k: "Der is wer foarspûkerije." Dan koe men der mar wis fan op oan dat dêr letter in hûs kaem to stean.
nl.verhalenbank.37642
Op in kear wie 'k mei noch ien by de Swadde. "Hark, sa timmerje se dêr", sei myn maet. Ik hearde it ek dúdlik. Mar der wie dêrom neat to sjen. Efkes letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.17008
Guon ha hjir it spoar al fan tofoaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.16060
Der wie ek in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr wisten se fantofoaren al fan dat it opbrânne soe. Dat fortelde heit.
nl.verhalenbank.38438
Yn 'e Petten yn 'e Harkema hat froeger in moune stien. Wiger Koaning (Kootstra) hat dy moune in skoft fan tofoaren al yn 'e brân sjoen, foardat er echt opbrânde.
nl.verhalenbank.16939
Piter Terpstra fan Droegeham seach lykstaesjes fan tofoaren. Even letter hienen jy dan de èchte lykstaesje op it paed. Dat kloppe altyd.
nl.verhalenbank.37328
Wy hearden beide yn 't bigjin fan ús trouwen faek timmerjen yn 'e nacht, hjir skeanoer. "Hwa mei dêr nou noch timmerje yn 'e nacht?", seinen wy dan. Ik ha der wolris ôf west, om der nei to sjen, mar der wie neat.
nl.verhalenbank.17377