7,184 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Narrator Gender: female Place of Narration: Kollumerzwaag
Bij de brug in de Westerein stonden us in kear mensen, die hebben daar in geluut hoord. Dat kwam út it water. Later is daar een ferdronken.
nl.verhalenbank.24289
Us heit fortelde dat yn syn jonge jierren foardat de trein der noch wie fan Ljouwert nei Grins, hienen hja yn Sânbulten de lûden fan 'e trein al heard.
nl.verhalenbank.33020
Yn Twizelerheide hearden se fóár 1914-18 al in lûd troch de loft gean. Dat wie it lûd fan in Dúts loftskip, dat der pas folle letter wie.
nl.verhalenbank.33021
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
As der in skilderij delfiel, dan seiden se: "Der komt in doden." En dat komt ook út. Wij hè 't bij ús thús had, doe fiel der in skilderij del. Doe sei myn moeke: "Daar komt wat achter wei." De ene rouwbrief na de andere kwam. Overal kwamen de berichten weg, allemaal van familieleden.
nl.verhalenbank.24287
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064
Myn skoandochter har heit, Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde, by Faan hienen guon oan 'e kant fan 't wetter stien en doe hienen se in lûd heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter wie der ien oanfytsen kom en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.24066
In healjier fan tofoaren sei 'k tsjin ús bern: "Heit leeft net lang mear." Der skeelde him doe neat, mar ik hie al sjoen dat er overleden wie. It kaem presys sa út.
nl.verhalenbank.30110
Ik hè buurlui had op Kollumerzwaag, die ferhuurden auto's. As die auto's in de schure stonden, dan begonnen se in de nacht te brommen en een lawaai te maken. En der kwam toch niemand bij. Se deden 't út haar sels. De deuren waren op slot. En dan begonnen se ook al te tikken. Op 't laatst klopte 't overal. Ik sei: "Dat is een teken, dat 't huus fermaakt...
nl.verhalenbank.24293
Der hat hjir froeger ien west, dy hat in skipke farren sjoen by de Swâdde. Doe seinen se: "Dêr komt in feart." Mar dy feart is der noch net.
nl.verhalenbank.24899
Knjillis Veenstra wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts wit hoe faek ôf en dan roan er soms hiele einen om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24895
Op in kear sei ik tsjin myn man: "Dû komst aenst thús mei in klok en in taffeltsje." Ik hie 't klear yn myn dream sjoen. 14 dagen letter reizge er nei in boelguod, dêr kocht er in pendule en in taffeltsje, dy't er my brochte.
nl.verhalenbank.30108
Ik wit noch wol, dat mem op in kear sei: "Sjoch, dêr skynt in ljocht. Dêr komt in nij hûs, hwant it ljocht brânt der al." Ridlik gau kòm dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.16059
Op in kear wie 'k mei noch ien by de Swadde. "Hark, sa timmerje se dêr", sei myn maet. Ik hearde it ek dúdlik. Mar der wie dêrom neat to sjen. Efkes letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.17008
Guon ha hjir it spoar al fan tofoaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.16060
"Sjoch," sei ús mem alris, "sa'n heldere lampe brânt dêr oer de Sweagerfeart. Doe kom dêr letter in brêge mei in lampe der boppe.
nl.verhalenbank.17009
Hjir hat in man wenne, dy syn dochter wie troud mei in sekere Marten. Sy wennen yn 'e Harkema. Dy man kaem ris in kear by ús mem. Hy fortelde mem, dat syn dochter forhongere dêr yn 'e Harkema. De keardel woe net in slach dwaen en bihandele har as in houn. Dat hy woe syn dochter wer thús ha. Wylst er oan 't fortellen wie, sei mem al in pear kear: Gean...
nl.verhalenbank.16110
Op in kear kom ik fan 't spoar yn 'e Westerein. 't Wie sahwat alve ûre op 'e joun en ik hie sa'n 200 meter roan. Liuwe wie by my. Doe hearde ik dêr de stim fan in frommes, dat klonk aeklik. Ik sei: "Hark ris , sa giet Bouke Minke to kear. (Dat wie it wiif fan Bouke de Jong) In pear dagen letter forsûpte har bern op itselde sté dêr't wy Minke kleijen heard...
nl.verhalenbank.17010
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006
Ek in kear, 't wie noch foar de oarloch doe kaem ik mei noch ien de wei del. Wy roannen achter de pleats fan Piter Zuidema oan 'e Wâlddyk. Doe hearden wy ynienen sjitten. Dat knettere en rikketikke krekt as woarden der fyftich mitrailleurs ôfsketten. "Duvel, hwat woarde ik dêr kjel," sei 'k. "De bonken binne der my dôf fan. It komt fan 'e pleats." Wy...
nl.verhalenbank.17007