Myn omke hat fantofoaren de swiere auto's al heard dy't letter op 'e Grinzer strietwei kommen to riden. It wienen krekt deselde lûden
nl.verhalenbank.16517
Alde Keke hat fantofoaren sjoen, dat de trein in ûngelok krige. De tsjettel knapte de middeis om ien ûre hinne. De trein stie stil, mar der kommen gjin deaden. Sy fornommen it yntiids. 't Gebeurde by Sweagerbosk.
nl.verhalenbank.20448
As de noas jin jokket, krijt men rûzje of in buorrel.
nl.verhalenbank.20005
Ekstergeskatter is in foarboade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.19999
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22851
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels.
Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
As it sweltsje tsjin 'e glêzen tikket, komt der mei trije dagen in deaden.
Op it Wyldpaed gebeurde it, dat in lyts popke wosken en klaeid woarde. De mem lei noch yn 't kreambêd. It iene buorwyfke sei: "Der tikket trije kear in sweltsje op 'e glêzen. Dat bitsjut dat der yn 't koart in sterfgefal wêze sil."
Trije dagen letter wie 't berntsje wei.
nl.verhalenbank.20000
As der in deatikkerke achter 't bihang is, seit men wol: der is in fremde wekker yn 'e hûs. Ek wol: in wyld horloazje. Dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.20001
As de klok sadanich let krekt as op in bigraffenis, dan stjert der ek ien.
nl.verhalenbank.20002
Us pake (heit syn heit) seach wol us lykstaesjes fan tofoaren. Hy wist altyd as der yn 'e omgeving in sterfgefal komme soe. In skoftsje letter kom dat ek altyd út. Hy wenne yn Bûtenpost en wie ôfkomstich fan Stiens.
nl.verhalenbank.22847
Wy ha in broerke forlern. Der wenne in âlde frou tichte by ús yn 't earmhûs. Dy sei fan tofoaren al: "Hjir komt gau in deaden, hwant ús houn spûkgûlt iderkear."
nl.verhalenbank.22852
Der wenne in frou yn Bûtenpost, dy fornom ek dingen fan tofoaren. Dat wienen altyd treurige dingen, lyk as sykte en forstjerren ensa. 't Forrin fan 'e sykte en de dea fan har man hat se allegear fan tofoaren krekt sa sjoen as it gebeurd is. Letter is se nei Grins ta gong to wenjen. Sy is nou al dea.
nl.verhalenbank.22848
Us heit seach de dingen ek foarút. Fan ús Baeije hat er de hiele bigraffenis fan tofoaren sjoen. Hy hat it leefolk sjoen en hy hat ek sjoen, dat se har biklaeiden.
Baeije
nl.verhalenbank.20451
As men wylde lantearnen sjocht, dan komt der hwat to dwaen. Dan sil der boud wurde.
Doe't de Wedze noch modder wie, tilde it dêr fan 'e wylde lantearnens. Dat binne ljochte fûgels.
Dan komt der fan alles.
Der is èk fan alles kom: Hurde wei, fytsen auto's, in stasjon.
Foardat dat der allegear wie gong it dêr ôfgryslik oan wei.
nl.verhalenbank.19664
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren.
Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
To Sweagerbosk wie in húshâlding, dêr wie de mem allinne thús mei 't jonkje. Doe bigong har houn bûtendoar to spûkgûlen. Hy roan hyltyd mar achterút, al gûlendewei en sa ta 't hûs yn oan 'e fjûrpot ta. Dêr bleau er stean mei 't gesicht nei de muorre ta.
Fjirtsjin dagen letter kom 't jonkje to forstjerren. Syn kiste kom to stean tsjin 'e muorre oan op it...
nl.verhalenbank.19998
Ik lei siik op bêd yn 'e hûs. Us Joukje siet mei in feint yn 'e keuken. 't Gebeurde oan 't Wyldpaed. Hja wie och sa stil, dat de feint dy frege: "Hwat mankeart dy?" Doe sei se: "Ik sjoch in lykstaesje." Hja seach ús der achteroan, en harsels net. Doe tocht se net oars as sy soe sels deareitsje.
Doe't se by my kom wie se sa stil.
"Hwat is der oan?" sei 'k....
nl.verhalenbank.20449
Keke stie op in nacht yn 'e ûnderbroek nei in lyk to sjen op 'e hoeke fan 't Wyldpaed, sa hurd moest er doe út bêd wei. Hy hie gjin tiid mear om 'e broek oan to dwaen, hwant dan kom er to let.
nl.verhalenbank.20452
Hja hat it ek sjoen fan ús Jeltsje. Doe wie se sa raer gesteld. Doe't se dy nachts op bêd lei, seach se it leefolk en in lyk. Sy gong der ôf. Doe kommen se der oan en setten de kiste yn 'e keuken.
De oare moarns kom Jeltsje by har. "Hoe is 't mei mem, leave", frege se Joukje noch.
"Goed", sei Joukje. Jeltsje gong deselde moarns nei Bútenpost en dêr rekke...
nl.verhalenbank.20450
As ien him ophingje soe, dat wisten se fan tofoaren èk.
nl.verhalenbank.38439