2,995 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Kollumerzwaag
Dêr 't Anne Dykstra wennet by Aldwâld hat men de Spûkepleats. It sechje giet, dat it dêr altyd spûke.
nl.verhalenbank.26314
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25190
Der lei in skipper to Skûlenboarch yn it Knjillisdjip. Hy kom to Jistrum by in moalker. Hy sei tsjin dy moalker: "Dat hûs dêr by de tsjerke, dat stiet der joun net mear." Dyselde middeis brânde it op.
nl.verhalenbank.15735
Dy katten dêr yn dy hutte by Harm van der Berg bisprutsen it wurk dat se dwaen soenen; hwa't se bitsjoene soenen. Hja fabrisearden krânsen yn 'e kessens en yn 'e bêdden, fral yn fearrene bêdden. As de sawnde krâns klear wie, wie 't bern overleden. Dan hienen se wer ien. Mar as de lju in botsen ûnder 'e drompel leinen koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.37351
By 't Sparrebosk tsjin 't spoar oan tichte by de froegere halte op Sânbulten, dêr spûke it. Dêr doarme yn 'e nacht altyd in man om. Dat wie ien dy wie al stoarn, mar hy koe de rêst net krije. Douwe Lui neamden se him.
nl.verhalenbank.37345
Us mem wie noch in lyts famke. Pake hie in kedde, dat wie in kring. Dêr wie in fôlle by en dy biet er soms. Op in kear gebeurde dat wer. Mem seach it en pake seach it ek. Pake waerd razend. "Smearlap," rôp er, "ik sil dy dat ôfleare!" Hwant de fôlle raesde it út. Doe pakte pake it hynder by de kop en draeide de kop in heal slach om. 't Hynder raesde it...
nl.verhalenbank.32215
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, binne onútwisber.
nl.verhalenbank.37379
Alde Boate Griet wie in tsjoenster. 't Wie in tante fan my. Fedde de Vries (de bikende krûdedokter) is letter yn har hûs kom to wenjen. Heit sei: "Noait muntsjes opite dy't dat minske dy jowt. Dy binne bitsjoend." Wy hienen duveldrek foar har ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24891
Op Sânbulten oan 'e Achterwei op 'e Hege Kop wie in stik rogge. Dêr wie alle jounen in spoek yn.
nl.verhalenbank.24890
In wjerwolf is ien dy't alles ha wol, in geit, in skiep, in baerch, in minske. Ien fan sawn bruorren is in wjerwolf. Hy mat faek hwat forskuorre.
nl.verhalenbank.37378
Myn pake, Fokke Veenstra, wie tige sterk. Hy wenne yn 'e Westerein. Op in kear kaem er mei hynder en wein út 'e Sweager Mieden. Doe wienen dêr in stik of 8 man by 't spoar oan 't wurk. Se seagen pake oankommen. Doe seinen se tsjin elkoar: "Soe Fokke werklik sa sterk wêze as se sizze?" Dat woenen se wolris witte. Doe tilden se mei har achten in rail op en...
nl.verhalenbank.32214
Myn pake is fordronken hjir oerdwars yn 'e Leijen. Mem hat faek sein, doe't er de nachts fordronken is, waerd der dyselde nachts trije kearen op it glês kloppe. (It wetter koe hast net oer him hinne komme; miskien hat er himsels wol fordronken. Yn itselde hûs, dêr't er yn wenne hat him ek ris ien ophong. It doogde dêr net.)
nl.verhalenbank.37344
Myn skoanheit syn buorman wie in soan fan Lamke. Dy hie in dochter Hiltsje. Reinders Oeke fan Twizelerheide wie de overste fan 'e tsjoensters. Dy learde Hiltsje it fleanen. Skoanheit sei: "Ja, jimme kinne 't leauwe of net, hwant hja fluttert al fan 'e ûnderdoar op 'e pomp. Jimme kinne wol bigripe, 't sit yn 't laech. 't Is in beppesizzer fan Lamkje! Jimme...
nl.verhalenbank.37350
In omke fan my wie tachtich jier doe't er my fortelde dat er us in kear to murdejeijen west hie yn 'e boulannen. 't Wie op in nacht. Hy hie dêr in daem fornield trochdat der in murd yn in buis sitten hie. Dy buis hied er útgroeven, krekt yn 'e daem. Doe wienen der guon oankaem, in man en in wiif. Hy hie se allinne mar heard, hy hie neat sjoen. "Donders,"...
nl.verhalenbank.25191
Achter de Ham by in poel hearden guon minsken us de stimmen fan twa bern. Letter binne dêr twa bern fordronken.
nl.verhalenbank.15734
Pleachbeesten binne dieren as hounen. Se binne rûch. Ik ha wolris ien sjoen oan 'e âlde achterwei yn 'e Falom, dêr't ik oan wenne ha. Dat wie by de earste Breedte. It pleachbeest lei dêr in bulte op 'e berms op 'e hoeke fan 'e wei. In pleats hie dêr it sicht op. It dier die neat. As ik jouns let thúskaem, dan lei er dêr. Hy hie greate bargeearen.
nl.verhalenbank.25185
Op in kear kaem stammerige Harm my tsjin op 't paed nei de Swadde. "Sake," sei er, "hwat bistû meger. Sake, hwat bistû bleek." Ik hie pine yn 'e bek en sei tsjin him: "Ast my nou ha wolst, snij ik dy fuort de strôtte troch." En dat miende ik ek. Ik sei: Ik lit my net troch dy bitsjoene. Doe sei er: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.16995
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542