Alde Thomas Klare koe ek kaertlizze. Sy wenne by 't spoar. Earder hie se yn Houtigehage wenne. Op in kear kaem se by ús. Sy sei: Hjir is kloppe of hjir wurdt aenst kloppe.
Doe kloppen se yn 'e nacht by ús. In suster fan Griet har man hie 't yn 'e holle krigen. Dy moest fêstboun wurde.
Klare sei ek noch, wylst se de kaerten skodde: It binne allegear swarte...
nl.verhalenbank.16993
De boer dy't in earrebarre op 'e skuorre hat, is dêr mâl mei. Sa'n earrebarre bringt gelok. Hy jowt ek hier.
Hy smyt ien fan syn jongen út it nêst.
nl.verhalenbank.25381
Oene Kempenaer wenne yn Sweagerbosk. Hy koe knoffelbânlizze. As ien de pols fordraeid hie, bisette hy dat en dan wie 't samar wer klear. Ek foar oare kwalen wist er middels, by minsken en by dieren.
Us mem hie 't net op âlde Oene stean. Hy hie hiele rare egen yn 'e kop.
Op in kear wie mem fan 't lân kaem, dêr't se oan 't wurk west hie. Doe wie dêr in...
nl.verhalenbank.29544
Der rint in paedtsje fan Sweagerfean nei de Triemen ta, dêr roan by nacht altyd in fôlle mei in houten kop.
nl.verhalenbank.24060
Ik en myn broer wienen us mei in pream yn 't ûnlân achter de Broek sahwat tusken Readtsjerk en Feanwâlden om hea. Doe seagen wy in wylde lantearne. Dy sweefde al mar hinne en wer. Nou wied er hjir en dan wer dêr. Ik sei tsjin myn broer: "Ik woe dat dat ding hjir by ús kaem. Dan koenen wy trocharbeidzje." Hwant it wie in sterk ljocht, dêr't wy wol by sjen...
nl.verhalenbank.24706
Tsjoensters kinne troch alle gatten en kieren komme, èk troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.24712
Stammerige Harm koe tsjoene. Syn mem wenne oan 't Wyldpaed, dy hie in winkeltsje. Dêr wie in swart buordtsje yn dat winkeltsje, dêr stie mei wite letters op:
Hendrikje van Assen,
ik woon hier aan de weg.
Wat heb ik meer te wensen:
de zegen van de Heer
en nering van de mensen.
nl.verhalenbank.24074
Der rint in ûnderierdske gong fan Feankleaster nei Westergeast. Westergeast hie froeger in roomske tsjerke en yn 't slot to Feankleaster wennen froeger ek roomsen.
nl.verhalenbank.29550
Ik ha wolris heard dat hjir pleachbeesten west ha, dy't yn 'e nacht mei de minsken oproannen.
nl.verhalenbank.24070
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden.
Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Op in nacht, doe't wy op bêd leinen, kaem ús petroaljelampe del. It wie in Belgyske brander. Wy woarden ôfgryslikste kjel. Alles wie op 'e tafel delkaem, mar it nuvere wie, der wie neat stikken. It glês wie hiel, de par wie hiel, de ballon wie hiel. Hoe koe dat - hwant de leaden bol, dy't flak boppe it glês hong wie ek delkom. En it fremdste wie, de...
nl.verhalenbank.16997
In omke fan my hat faek forteld, hy hie us op in nacht yn Aldwâld roan. Doe wie der ien njonken him kaem en dy roan mei him op. Dat duorre lang. Dyselde hie neat sein. Op 't lêst wienen se by in hage kom. Doe wie er samar weiwoarn. 't Hie in spoek west. Op it plak dêr't it spoek wei waerd hong in blau-wollen skelk oer de hage. Omke woe biweare dat dy foar...
nl.verhalenbank.26317
To Twizelerheide lei yn 'e nacht in man op bêd. Doe seach er, dat der in kiste by him ta 't hûs yn brocht woarde. Hy tocht: "Soe ik dêr yn matte." Mar in wike of hwat letter kom der in dochter út 'e Hamsterheide by him útfanhûs. Dy kom dêr ûnforwacht to forstjerren. Sy brochten de kiste ta de keamer yn krektlyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.15736
As de sémearminnen sjonge dan komt der min waer. De fiskers ha 't min op 'e sémearminnen bigrepen. 't Is in min teken, as se har sjen litte.
nl.verhalenbank.25193
Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf. Dy byt altyd.
nl.verhalenbank.25187
Op 'e Lytse Wâl ûnder Lutjewoude koe net in skip oan 'e wâl lizzen bliuwe. De skippen gongen dêr altyd los. As se it anker útsmieten, dan kom dat altyd werom. 't Gebeurde soms wol trije kear. Dêr woe net in skip fêst bliuwe.
nl.verhalenbank.25839
Hjir wenne in âlde widner. Al gauachtich nei't syn frou stoarn wie sei er: "Myn frou hat hjir hjoed ek wer west."
Hja kaem nou en dan by him.
nl.verhalenbank.37346
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.
nl.verhalenbank.37352
Deselde kedde ried in kear mei dong fan 'e skerne.
It dongsté wie tige glêd. It dier koe noait de wein mei dong út it skerngat krije. Hy gliid hyltyd út.
Dat gebeurde wol fjouwer kear. Doe koe pake it net langer oansjen. Mem seach dat er de kedde foar de wein weihelle en dat er de hannen oan 't tiksel sloech en alhiel allinne de wein út it skerngat luts.
nl.verhalenbank.32216
Dy't op snein geboaren binne, binne knoffelbânlizzers.
nl.verhalenbank.24892