As ’t hier in Vledderveen vragst, of ze aan hondegejank leuven, den binnen d’r nog verschaiden, dei “joa” zeggen. Moust reken dat hebben de mensken al zo voak mit moakt, dat d’r ’n staarfgeval komp noa hondegehoel, dat paddie lu doar nait aan twiefeln. Trouwens, ’n hekel heb ‘k d’r ook aan.
nl.verhalenbank.45666
Der is my forteld, yn 1949 woarde der us út 'e Poel (de Liuwe-poel) wei roppen om help.
Der wie in boer, dy hearde dat. Hy gong der hinne.
't Wie ier yn 'e moarn, mar der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.28688
As in houn spûkgûlt, komt der in lykstaesje lâns.
nl.verhalenbank.12266
Bearn van der Woude seach soms lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.26896
De wylde lantearnen dat wienen de foarboaden fan 'e auto's. Ik ha se faek sjoen yn 'e Earnewarren.
nl.verhalenbank.23044
Yn 'e Mieden stie us in kear in hûs yn 'e brân. Guon gongen der hinne om to sjen, mar doe brânde it net.
Letter is it hûs ôpbrând.
nl.verhalenbank.26894
Us mem kaem to forstjerren. Wy hienen hjir njonken in keammerke, dêr't de kiste kaem to stean.
Heit hearde fan tofoaren dúdlik hoe't der mei de hammer slein waerd yn it keammerke. Letter doe't de kiste der út moast moest der in sketsje út slein wurde. It wienen deselde slaggen, dy't er earder heard hie, sei er.
nl.verhalenbank.17334
Tsjerke Lize wie heldersjende. Hja wenne oan 'e Mûzegroppewei en moest der hiel faek ôf nachts om hwat to sjen. Sy seach dan meast lykstaesjes.
nl.verhalenbank.12270
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
nl.verhalenbank.12264
Trapet men op in pod, dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.38658
It is sahwat krekt hûndert jier lyn. Heit wie noch feint, hy wenne by pake yn. Op in joun kom er thús mei de wein, dêr't er in pear jonge hynders foar hie. Pake wenne op in spultsje krekt oer 't spoar hinne. Mar it spoar wie der doe noch net. Doe't er oer it plak hinne ried, dêr't letter it spoar kom, wie der ynienen in heislik lawaei yn 'e loft. Heit...
nl.verhalenbank.17095
Voordat de trein tussen Leeuwarden en Groningen er was hebben ze op Westerzand (bij Gaarkeuken) hem al horen rijden.
nl.verhalenbank.31250
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
Trape men op in pod dan krige men swier waer.
nl.verhalenbank.29345
Hwannear't in pau skreau, kaem der rein.
nl.verhalenbank.27816
Forskate lju fan 'e Sumarreheide hienen de tram al riden heard doe't hy der noch lang net wie. Ek seagen se de reade ljochten. Ek hûzen hearden se oan timmerjen dy't der noch net stienen en hja seagen brânnen dy't der pas letter kamen. Sokke dingen wienen doe algemien. It tsjirme dêr altyd yn dy streken.
nl.verhalenbank.32200
It gebeurde ek us dat Knjillis mei heit en noch in pear oaren oan 't sûkerij-dollen wiene yn Kollumersweach. Mar dat is al forskeidene jierren lyn. Doe hâldden se even tabak. Doe't dat sahwat dien wie en de oaren wer bigongen to dollen, bleau Knjillis stean en seach mar strak nei de hurde wei. Even letter bigong er ek to dollen. Doe wie der ien by 't...
nl.verhalenbank.17094
To Surhuzum, op it plak dêr't nou de pypketsjerke (= grifformearde tsjerke) stiet, dêr hearden se fan tofoaren al psalmsjongen.
nl.verhalenbank.37230
It wie sahwat yn 1910. Myn suster roan mei in tas mei negoasje by de huzen lâns. Doe't se de jouns thúskaem, sei se: "Hjoed ha 'k hwat wûnders bileefd. In plaetske yn Sânbulten oer 't spoar hinne stie yn ljochte lôge, doe't ik der lâns kom. Ik roan der hurd op yn, hwant sa'n greate brân hie 'k noch noait sjoen. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat...
nl.verhalenbank.17484
Guon hearden de trein fan Ljouwert nei Grins fier fan to foaren al, foardat der noch sprake wie fan in trein, al to Sânbulten riden. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.32663