Knjillis Veenstra wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts wit hoe faek ôf en dan roan er soms hiele einen om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24895
As der in houn spûkgûlde koe men der mar fêst fan op oan dat der yn 'e omkriten ien deagean soe.
Us mem plichte to sizzen: Hjir tikket in wyld horloazje oan 'e muorre. Dat bitsjutte ek dat der ien weireitsje soe.
nl.verhalenbank.38616
Keke wist altyd krekt hoefolle manlju en hoefolle froulju der yn in lykstaesje meirounen.
nl.verhalenbank.29518
Hjir wennen minsken dy ha fan tofoaren it spoar riden heard, foardat it der wie.
De âlde minsken seinen, der soenen weinen komme/ride sûnder hyns der foar. Dat wienen de lettere auto's, dy't se doe al sjoen hienen.
nl.verhalenbank.29530
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren.
As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen.
As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
Op in kear sei ik tsjin myn man: "Dû komst aenst thús mei in klok en in taffeltsje." Ik hie 't klear yn myn dream sjoen.
14 dagen letter reizge er nei in boelguod, dêr kocht er in pendule en in taffeltsje, dy't er my brochte.
nl.verhalenbank.30108
Neitiid hat er wer ris in kear by ús west. Doe seach er iderkear ta 't glês út. Wy wennen doe oan 'e Heidereed. Hy seach nei de Boskreed. Dêr stie in hûs oan, dat wie skean oer.
Sahwat in healjier letter is dêr in dochter fan sa'n sawntsjin, achttsjin jier forstoarn. 't Wie ien fan Jan Visser.
nl.verhalenbank.29512
Heit hie in broer, dat wie Sytse Koster. Dy wenne yn 'e Hamsterheide, mar hy arbeide yn Eastemar by Wilko Werumeus Buning. Doe seach er op in kear op 'e Boskwei, dêr't er lâns moest in lykstaesje.
It wie in kreamfrou dy't der stoarn wie, hwant hja hie in wyt kleed oer de kiste hinne. De lykstaesje gong him foarby. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23665
As men by in boer arbeidet en men mat dêr oernachtsje, mat men der om tinke, dat men noait in bêd makket op in boerewein. Dat waerd ús froeger altyd sein.
Men kin better op 'e groun sliepe. Liz dêr hwat hea del en hwat tekkenspul. Mar net op in wein.
Hwant sa'n wein koe de oare deis of in pear dagen letter us brûkt wurde matte foar in bigraffenis. Dan koe...
nl.verhalenbank.25363
As eksters om 't hûs hinne skatteren brochten se in biricht. Dan gebeurde dêr gau hwat. 't Hoefde gjin sterfgefal to wêzen.
Foel 't gewicht fan 'e Fryske klok del, dan kaem der ek in deaden yn 'e famylje.
As de klok klepte tidens it lieden mei in bigraffenis, dan wie der gau wer in bigraffenis.
Tikken der wylde horloazjes achter 't bihang, dan bitsjutte...
nl.verhalenbank.29525
Froeger wienen wy oan 't flaechs braekjen. Myn broer en ik moesten altyd ús heit en mem helpe, dan koenen wy deis in kwartsje de man fortsjinje. Heit hie in izeren slypbrake, wy hienen in houten brake. Elke bundel dy't wy makken woech seis poun en twa ûns. Mem kaem der noch by. Dy hie in lear oer de knibbel. Hja moest de lêste skjûden (?) der mei 't mes...
nl.verhalenbank.29511
Keke hat hjir njonken wenne. Hy hie in soan yn Grinslân to wenjen. Doe hat Keke op in kear in lykkiste by him thús yn 'e keamer sjoen. Doe hie er tocht: "Dat bin ik sels." Mar dat wie 't gefal net. De soan is ris in kear - dat wie letter - út Grinslân wei thús kaem en hat him hjir by him yn 't apelhôf oan in beam ophong. Sadwaende kaem dy kiste by Keke yn...
nl.verhalenbank.29516
Hiel faek hearden wy dat guon ergens timmerjen heard hienen. Dan bouden se op sa'n plak letter in hûs.
Ek waerd in brân soms fan tofoaren waernomd. Dan brânde sa'n hûs letter op.
Ek hwannear't der ien fordronk hearden se it helpgerop soms dagen fan tofoaren.
nl.verhalenbank.29933
Keke syn dochter hat harsels fordronken yn in gat by 't spoar. Keke hat ek hàr kiste by him yn 'e hûs stean sjoen.
Hja wenne noch by him yn 'e hûs. Hy hie net sjoen dat hja fordronken wie.
nl.verhalenbank.29517
Keke wie arbeider by Gosse Venema, in greate boer.
Dy boer forlear syn wiif yn 'e kream. De jonge, Piter, bleau yn leven. Dat hie Keke allegear fan tofoaren sjoen. Hy seach de hiele lykstaesje.
Doe't se mei 't lyk fuort gongen op 'e dei fan 'e bigraffenis hied er sein: "Ho even. Dit is hjir net yn oarder. It is oars as sa't ik it sjoen ha. Der lei in wyt...
nl.verhalenbank.29514
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen.
Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht.
Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
Soms gebeurt it dat bern mei de helm geboaren wurde. Men mat dan it flues nei ûnderen ta der ôflûke.
Docht men it krekt oarsom, dan mat it bern letter alles sjen. Pleechsusters yn 't sikenhûs stielen sa'n helm wol. Dy drage se by har. Dan binne se feilich.
Se wurde ek wol forkocht. Dy't sa'n helm by him hat, dy is kûgelfrij.
Se sizze dat alle frijmetslers...
nl.verhalenbank.32221
Ik bin geboaren yn Ikkerwâld, mar ik wie al gau wees en bin doe yn Moarmwâld greatbrocht. Tusken de Broekster strietwei en Moarmwâld, dêr wennen wy, in eintsje fan 'e wei ôf. As bern sieten wy jouns faek yn 't tsjuster foar 't finster. Dan fleagen der fise-ferse ljochtsjes op 'e greate wei foarby. Mar dy wienen der yn werkelikheit net. Dat hat...
nl.verhalenbank.24707
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke.
Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht.
Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Der binne minsken, dy stjûre Skoppenboer fuort en dan krije se in flesfol jenever werom. It gebeurt meastal yn kroegen.
nl.verhalenbank.29546