Op 'e helling wie altyd foartsjirmerije. Dêr wisten se fantofoaren altyd as der hwat komme soe. Dan woarde der yn 'e nacht mei stikken hout smiten en it gong op in timmerjen en in klopjen. Myn âldste suster wie naeister en kom dêr ek. Hja hat it faek heard en it kom altyd nei.
nl.verhalenbank.21877
Wy hienen in âld buorfrou, dat wie Minke. Dy wie siik. Op in kear sei heit: "Hear dy katûle ris roppen. It komt net goed mei Minke." Heit krige gelyk. Minke is al gau dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.28376
Yn Garyp yn 'e buorren ha se us heard:
De tijd is verstreken, de man is er niet.
Fuort dêrnei fordronk der ien yn 'e wide Ie.
nl.verhalenbank.20885
Ien fan Burdaerd reizge mei 't trekskip nei syn wurk ta. Op in kear hearde hy achter him in freeslik gejammer. Mar der wie neat to sjen. Mar in wike letter rekke de soan fan in fékoopman by 't skip del en fordronk. Doe hearde er krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.21829
In skipper roan nêst in fyftich jier (± 1903) fan Eastemar nei Burgum, om hier to biteljen. Syn omkesizzer hied er by him.
Doe't se oan it Mienskar ta wienen, hearden hja dúdlik Help! Help! roppen. Hja gongen dy kant út, dêr't it lûd wei kom en fregen: "Hwat is hjir?" Mar sy krigen gjin antwurd. Sy koenen ek neat ûnderskiede, hwant it wie jountiid.
Mar...
nl.verhalenbank.21814
Myn man Bounse fortelde, hy wie ris in kear mei in pear maten op 'e wei fan 't Wytfean nei de Rottefalle. Yn 'e hoeke, dêr't nou Jurjen Kloosterman wennet, hearden se ynienen in hiel lûd gebrom yn 'e loft. It wie sahwat boven Rottefalle dêr't it lûd wie. Sy woarden sa bang dat sy gongen yn 'e kant fan 'e sleat lizzen.
Dat hat de foarboade west fan 'e...
nl.verhalenbank.28381
Soms woarde der achter 't bihang kloppe. Dan kom der in deaden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.28394
Yn 'e Koaten die in sekere Taeke mei oan 'e komeedzje. Hy moest de skonk der ôf ha en dat gebeurde yn dat toanielstik, dêr't er yn meispile.
In wike of hwat letter moest er de skonk der werklik ôf ha. De man is stoarn.
nl.verhalenbank.21830
Wie it op it stuit dat ien hwat hearde of seach, kâld, dan duorre it lange tiid dat it neikom.
Wie it waerm, dan gebeurde it mei gauwens.
nl.verhalenbank.20084
Myn swager hat in jonge, dy is mei de helm geboaren. Hy sjocht de dingen dy't gebeure sille nou en dan fan tofoaren. Op in kear doe wienen myn swager en 'e frou fuort. Doe't se thús kommen, sei er: "Hjir hat hoed ek in frou by de doar west. Dy seach der sa en sa út. Trije kear hie se der west. Mar sy wie der yn werklikheit net west. De oare deis kom se.
nl.verhalenbank.28368
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen, wy wennen noch yn Jistrum. Wy leinen de nachts op bêd, doe hearde myn frou ynienen dat it bûten drok op in timmerjen gong. Sy tocht: hoe kin dit nou sa, midden yn 'e nacht?
De oare moarns sei se tsjin Sibbele Tryntsje, de buorfrou: "Ha se by jimme fannacht sa timmere?"
It minske wie forbaesd en sei: "Né minske, hoe...
nl.verhalenbank.29305
Guon hearden us op in joun Hanne Foekes, de fisker, dy't to Eastemar by de opslach yn syn aekje lei, oatmoedich kjirmjen. Hja dêr hinne, mar de aek wie leech. Twa jounen letter bruts Hanne Foekes de skonk. Hy kjirme krekt sa, lyk as de minsken it tofoaren heard hiene.
nl.verhalenbank.20082
Heit fortelde ús froeger, in man út Droegeham hat klear heard dat der yn 'e Harkema sein waerd:
Harkema-Opeinde Uitstappen! En dêrby hearde er it lûd fan in ridende trein. Dat doe waerd der tocht dat der yn 'e Harkema noch in trein komme soe. Miskien gebeurt it noch. Harkema is it greatste plak fan 'e gemeente woarn.
nl.verhalenbank.31212
Heit fortelde, hja hearden froeger gebolder yn 'e loft, krekt foardat de trein kom.
nl.verhalenbank.32806
Yn 'e famylje fan myn wiif to Burgumerheide wie ien tige min. De famylje kom delsetten. (Mar hy is wer better woarn).
Doe sei ien fan 'e famyljeleden: "Mei seis wiken binne wy wer byinoar."
Op 'e kop om't ôf, krekt seis wiken letter stoar der in broer fan skoanheit. Dat wie Sjouke Dykstra.
Dyselde hie 't dus wol goed sjoen.
nl.verhalenbank.32807
Wy leinen op in kear yn Klein Groningen - dat is oan diz kant Donkerbroek - mei 't skip to ierdappelladen. Ik wie noch net troud en ik slepte foar yn 'e durk.
Us Sjouk wie noch in jongfaem. Dy roun op in iere moarn troch de warring hinne nei ús ta. Hja sei: Nou ha 'k sa nuver droomd: Jehannes Boom is dea. (Jehannes Boom wie in âld Eastemarre skipper.)
De...
nl.verhalenbank.31909
Yn Sjoerd Bonnes-plaets yn Sumar hat Fokke van der Kuip feint west. Op in kear hearde er dêr in swart bont hountsje gûlen. Dat hearde aeklik. op itselde plak dêr't it hountsje stie to gûlen, foel in pear dagen letter in man fan 'e fyts. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.21880
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
Frytsen wenne to Eastemar. Hja wie mei de helm geboaren. Hja moast altyd lykstaesjes sjen. Meastal wie dat yn 'e nacht. Dan gong Frytsen fan it bêd ôf. Mar hja seach ek wol oare dingen foarút. Op in kear kaem se by Rikele Pot yn 'e winkel. Dy hie in winkel yn galanteryën. Doe sei se: "Der komt hjir binnenkoarten in greate rammeling by jo."
De oare deis...
nl.verhalenbank.31209
Myn frou har omke Gjert v.d. Heide wie op in moandei-to-moarn ier fan 'e faem thús kom. Hy wie alhiel fan 'e wize. Hy sei, der wie him in lykstaesje foarby gong. Doe wied er sa binaud woarn, dat hy hie sa hurd roan, de soallen hienen ûnder 'e skuon wei west. 't Wie op 'e Trije Roede gebeurd (Boelensloane).
nl.verhalenbank.22266