26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Nijega
Froeger leinen de lytse bern yn in reiden widze. Dêr siet in tou oan fêst, dêr't de widze mei roeike woarde. Dy't der mei widze die der gauris in knoop yn. Safolle knopen as der yn dat widzetou sieten, safolle bern krigen de âlden.
nl.verhalenbank.11544
As de deade moai is, dat mat men noait bigeare, hwant dan komt der wer ien to forstjerren yn 'e famylje. Dêrom is de deade bliid en moai.
nl.verhalenbank.11522
Wy ha hjir jierrenlang de needslachting hawn. As der hwat slachte wurde moest wienen dat faek ûnforwachte needgefallen. Hwat binne wy faek even fan toforen kloppe woarn. Mar dan wie der noch neat. Even letter wie de man der sels dy 't kloppe. 't Gebeurd wol yn 'e nacht, mar ek wol us oerdei. Soms wie 't it tikjen fan in stok op it glês. Dan hie sa 'n ien...
nl.verhalenbank.23355
As der in ekster by hûs komt (swart mei wyt) komt der in roubrief. De ekster is de foarboade op it hiem.
nl.verhalenbank.11523
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
nl.verhalenbank.11521
Ik en myn suster wennen hjir al oan 'e Hege Wei, doe stie it nije hûs hjir tsjinoer noch net. Wylst ik en myn suster hjir yn 'e hûs sieten, hearden wy dúdlik dat it hjiroer op in timmerjen gong. Wy seinen tsjin inoar: "Der wurdt bûten timmere." Mar doe't wy nei dat plak tagongen, wie der neat to sjen. Letter kom de nije plaets dêr to stean, dy't der nou...
nl.verhalenbank.15803
Op 'e Tike hearden wy op in snein tige dúdlik guon timmerjen yn in âld hûs, dat tsjin uzes oer stie. Mar soks wie ûnmooglik, hwant de man, dy't yn dat hûs wenne, roan op 'e wei om. Mar in skoftsje letter woarde datselde hûs fortimmere. It hat dus foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.15802
Wy seagen de ljochten fan 'e tram fan tofoaren al, foar dat de tram der wie. It gong de Hearrewei del en dan skean de heide oer. Wy seinen dan: "Der giet ek noch in ljocht skean de heide oer op Burgum yn." Letter wie it de tram dy't dêr lâns ried.
nl.verhalenbank.15805
Wy seagen ljochtsjes by de reed fan 'e Wierren lâns. Mar der wenne doe noch net ien. Letter kommen dêr hûzen to stean en doe fytsten der jouns wol us guon lâns mei lantearnen oan 'e fyts. Dat ha dy ljochtsjes west.
nl.verhalenbank.15804
Guon dy't ûnforwacht stjerre sille ha fan tofoaren, as se noch libje, al libbenen dierkes by har. It binne hiele ljochte sulverbeestjes, hwat greater as in groatkerl. It binne de leedbringers. Ik ha 't sels wol sjoen.
nl.verhalenbank.11548
Sjocht men in fjûrbol oan 'e loft dan wol dat sizze dat der oarloch komt. Reade streken oan 'e loft bitsjut ek oarloch.
nl.verhalenbank.11561
Yn 'e feart, tichte by de Nyegeaster tsjerke hat ús mem ris sjoen dat dêr in manspersoan fordrinke moast. Hy hie in horloazje mei keatling op 't boarst.
nl.verhalenbank.11500
Ik en myn dochter dy't op 'e Tike wennet stienen ris by ús yn 't bûthús. Doe seagen wy ynienen allebeide ien fan 'e stâllen leech, dêr't oars in grouwe koe stie. It ketting en 't lear leinen der allinne mar. Wy wisten net hwat wy seagen. Mar fuort dêrnei stie de koe der wer en wie alles wer as tofoaren. Mar in jier letter kaem dy koe to forstjerren. Der...
nl.verhalenbank.11501
Yn 't foarige wie 't yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) noch allegearre heide. Op in kear seach ús mem samar troch dy heide skippen farren mei de lantearne yn 'e mêst. Jierren letter waerden dêr twa fearten groeven. Ien dêrfan is de polderfeart, dy't yn Earnewâld útkomt. Dêr farden letter skippen.
nl.verhalenbank.11502
Op in kear sieten wy allegear yn 'e keamer. It wie op in moarntiid. It wie o sok kâld waer en der wie net in minske bûten to sjen. Doe rattele der ynienen ien oan 'e foardoar om. Mar der wie net ien. Dy foardoar woarde noait brûkt. Ik sei: Dit hat hwat to bitsjutten. Myn man woarde ridlik gau dêrnei siik en dokter mast komme. Krekt njoggen dagen letter...
nl.verhalenbank.12307
Foarboaden fan'e dea: a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade. b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief. c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea. d. As der ûle ropt. e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen. f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...
nl.verhalenbank.23372
De mem en beppe fan myn skoanmem soenen op in jountiid nei de tramhalte ta yn Nyegea om harren man (en heit) ôf to heljen. Sy wisten noait hoe't er thúskomme soe, hwant hy brûkte wol us drank en dan wie 't net fortroud, dat er allinne roan. Doe seagen dy twa froulju ûnderweis yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) skippen farren op it lân. Letter is dêr in feart...
nl.verhalenbank.12308
Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har. Is der ek hwat nijs? frege der. Né, ik soe 't net wite, sei Antsje. Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei: Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op...
nl.verhalenbank.11562
It wie yn 'e simmer en fier foar myn tiid. Doe foeren der skippers oer de Galle by Grou. Dy kommen fan Ljouwert. Doe seagen dy skippers ynienen in baen mei ridersfolk foar har. Alle minsken, dy't op 'e baen wienen, sakken troch it iis. Letter wienen de minsken yn Grou altyd hwat skruten foar dat plak. Foaral de âlde minsken. Mar de ramp dy't dy skippers...
nl.verhalenbank.12216
Us heit hat yn Goaijingahuzen yn 'e ûngetiid west. Op in kear gong it der op 'e stâl hiel bot oan wei. Mar der wie neat. Letter, doe't de kij op stâl kommen, wie 't selde lûd der wer. Dat hat foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.12297