Hjir achter is us in stjelpke opbrând, dêr wenne âlde Tsjerk Witteveen yn. Us hûs stie der njonken.
Ik hie nei myn broer ta west en kom de jouns om alve ûre hinne dêr wei. Doe seach ik fan fierrens al dat stjelpke yn 'e brân stean. Ik roan ta om der mar sa gau mooglik to wêzen. Mar doe't ik der njonken wie, wie 't út. It brânde hielendal net.
Trije wiken...
nl.verhalenbank.16940
Dêr't nou Mekke van Doezum wennet, oan 'e beton-wei, wienen wy us op in joun mei ús achten as jongfolk. Doe hearden wy dêr getimmer en gesjou fan planken. It gong der bot oan wei, mar der wie neat to sjen. Wy gongen der wei, hwant wy hienen der in hekel oan. In goed jier letter woarde dêr in skuorre delset. Doe wienen dêr krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.16941
Us heit wie us by nacht om in dikke peal út om dy op to stoken. Us mem gong op bêd.
Doe't heit yn 'e hûs kom, sei ús mem: Hast hjir earder yn 'e hûs west? Hast hjir nyskes hwat yn 'e hûs brocht?
Né, sei ús heit, hoe soe 'k dat dien ha.
Nou, hjir is hwat yn 'e hûs brocht. Dat skaefde tsjin 'e middeldoar oan en de klompen woarden tagelyk oer de flier reard....
nl.verhalenbank.16074
Yn 'e Petten yn 'e Harkema hat froeger in moune stien.
Wiger Koaning (Kootstra) hat dy moune in skoft fan tofoaren al yn 'e brân sjoen, foardat er echt opbrânde.
nl.verhalenbank.16939
Wy hearden beide yn 't bigjin fan ús trouwen faek timmerjen yn 'e nacht, hjir skeanoer. "Hwa mei dêr nou noch timmerje yn 'e nacht?", seinen wy dan.
Ik ha der wolris ôf west, om der nei to sjen, mar der wie neat.
nl.verhalenbank.17377
Yn 'e Hamsterpein is ris in kear in buorkerije opbrând.
Ik wie doe noch in jong baeske. Ik seach de brân al fan tofoaren. Der binne trouwens mear dy't dy brân fan tofoaren sjoen ha. 't Duorre in pear maend, doe brânde er op.
nl.verhalenbank.28606
By myn skoanâlden yn 'e Bosk hat in hûs yn 'e brân stien. Myn skoanâlden hienen earder yn dat hûs wenne. Piter Schievink seach it fan to foaren al brânnen.
nl.verhalenbank.17379
Timmerjen hearden se hiel faek fan to foaren. Dan sei de iene tsjin 'e oare: "Mast ris hearre, sa giet it dêr op in timmerjen." Dat is op forskeidene plakken gebeurd.
nl.verhalenbank.16883
Alde Janke Mozes wie mei de helm geboaren. Dy seach alles foarút. Dy hat ek fantofoaren sjoen dat it hûs, dêr't skoanmem en dy yn wenne ha, opbrânde.
nl.verhalenbank.17395
Wy ha fan tofoaren it timmerjen heard oan 'e Malmoune. (de malmoune wie in fjouwerkant hûs foar fjouwer a-soasiale gesinnen; in pear jier lyn waerd dat hûs ôfbrutsen)
Ek hearden wy fantofoaren it saegjen en 't smiten mei balken fan it hûs dêr't Sjoerd Stienstra, hjir oer de wei, yn kom te wenjen.
nl.verhalenbank.16068
Trapen se froeger op in pod, dan bigong it to tongerjen, seinen se.
nl.verhalenbank.25781
Wylde lantearnen wie de foartsjirmerije fan 'e lettere fytslampen. Doe't wy froeger yn 'e Bosk wennen seagen wy se hiel folle.
nl.verhalenbank.28924
Trape men op in pod dan krige men swier waer.
nl.verhalenbank.29345
Ik ha de lampe fan ús hûs fan tofoaren brânnen sjoen, doe wie 't hjir oars net as heide.
It wie in hinglampe.
nl.verhalenbank.16067
Iksels fornim ek wolris dingen fan tofoaren. Ik ha fiif jier lang yn Limburch west yn 'e minen. Dêr hearde ik soms de lûden fan timmerjen. Dan woarde dêr op datselde plak letter hwat foroare. Dat kom altyd nei. Soms hearde ik it wol in healjier fan tofoaren.
nl.verhalenbank.28605
Yn myn feintetiid, doe't ik noch yn 'e hûs wie, haw ik hjir yn 'e Homear wol gauris timmerjen heard yn 'e nacht.
Myn maten ek wol. As wy jouns bûtendoar kommen wie 't dúdlik to hearren. Letter kommen dêr huzen to stean op de plakken dêr't wy it hearden. 't Wie tjirmerije.
nl.verhalenbank.27283
Froeger gebeurde it faek, dat wy yn 'e nacht it boekjen fan it flaechs hearden. Dat wie altyd tjirmerije. Dan koe men der mar fêst fan op oan, dat it de oare deis wer op in braekjen gong.
nl.verhalenbank.27282
Bareld van der Wyk wenne yn 'e Stûken. Jouns hearden se 't lûd fan in hynder. It wie krekt as skarrele der in hynder om 'e doar. Letter kom yn datselde hûs in man to wenjen mei in hynder.
nl.verhalenbank.16882
Sahwat in sechstich jier lyn seagen ik en myn wiif allebeide jouns ljochten by it nije tsjerkhôf. Letter binne dêr strjitlampen kaem.
nl.verhalenbank.17375
It gebeurde froeger faek dat de tsjerne yn 'e nacht gong, of de brake of dat der tursken woarde yn 'e nacht. Dat wie foartjirmerij. De oaredeis gebeurde it yn werklikheit.
nl.verhalenbank.28509