Heit sei altyd: Jimme matte noait midden op 'e wei rinne, mar altyd oan 'e kant lâns, hwant der kin us in lykstaesje op 'e wei wêze en dan wurde jim oan kant reard.
nl.verhalenbank.17091
It wie soms allegear ljocht op 'e heide. Allegear wylde lantearnen. Dat hie altyd in bitsjutting; dan soe der letter hwat komme.
nl.verhalenbank.33253
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, woarde der froeger altyd sein.
nl.verhalenbank.29141
In Opende is 't gebeurd dat mensen in de lucht een geluut als van een tram hoorden. Maar die was der toen nog niet. Korte tijd daarna kwàm die tram er.
nl.verhalenbank.27839
Dy feint út Kollum wie mei de helm geboaren. Doe't er mei syn faem troude kommen se earst by syn heit yn Kollum yn to wenjen. Dêr krigen se in bern.
Op in kear stienen hy en syn heit foar 't finster. Doe sei er tsjin syn heit: "Wol heit dêr even wei gean?" Doe't syn heit dat die, sei er even letter: "Nou kin heit der wol wer stean gean."
Doe joech er de...
nl.verhalenbank.17092
Wy seagen oan 'e Dwarsfeart froeger wol us wylde lantearnen. Dy sweefden boven de lânnen. Mar hwat dat to bitsjutten hie, wyt ik net.
nl.verhalenbank.19691
Ik wenne yn 'e Harkema yn 'e Bosk. Ik lei jouns krekt op bêd, dan bigoun it to terskjen fan jewelste op 'e souder. Ik hie dêr hwat hjouwer. Ik gong der ôf om to sjen, mar der wie neat to rêdden. Ik roan om 't hiele hûs hinne, oeral seach ik: neat to sjen.
't Woarde Maitiid. Ik tocht: ik sil dat stikje hjouwer op 'e souder ôfslaen. Doe't ik dat dien hie,...
nl.verhalenbank.26850
In sekere de Vries út Grinzer Pein seach in hiele rigele ljochtsjes yn 'e tiid krekt foardat de tram fan Drachten nei Grins ta der kom. Dêr hat dat foartjirmerij fan west, woed er biweare.
nl.verhalenbank.28869
Wylde lantearnen, dat bisjutte hwat. It wienen de autoljochten fan letter tiid.
nl.verhalenbank.37746
Froeger wienen der wol faek wylde lantearnen, fral oan 'e wei fan Olterterp nei de Himrik. Sy seinen doe, dêr soe noch wolris in trein lâns komme.
nl.verhalenbank.23737
As de sémearmin yn 't farwetter kaem wie dat in min teken. Dêr hienen de skippers it net op stean.
nl.verhalenbank.20606
Omke Jelle gong us mei de jonges nei de Earnewarren, dêr't er yn 't wurk wie. "Matte jim us sjen," sei er, "hwat stiet dêr? Dêr stiet in plaets. Hoe kin dy dêr nou kom wêze?"
Mar der stie net in plaets. Net earder as in jier letter, mar hy hie him dêr fan tofoaren al stean sjoen.
nl.verhalenbank.27196
Trapen se froeger op in pod, dan bigong it to tongerjen, seinen se.
nl.verhalenbank.25781
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
Honden wisten eveneens, dat er een sterfgeval op komst was.
Ze gingen dan vreselijk janken. We noemden dat “doodjoelen”.
nl.verhalenbank.44140
Wylde lantearnen wie de foartsjirmerije fan 'e lettere fytslampen. Doe't wy froeger yn 'e Bosk wennen seagen wy se hiel folle.
nl.verhalenbank.28924
Heit hearde it timmerjen op in plak yn 'e Sumarreheide.
Letter ha se op datselde plak in hûs boud.
nl.verhalenbank.27197
Wylde lantearnen fan froeger dat wienen de lettere fytslampen.
nl.verhalenbank.17054
As ’t hier in Vledderveen vragst, of ze aan hondegejank leuven, den binnen d’r nog verschaiden, dei “joa” zeggen. Moust reken dat hebben de mensken al zo voak mit moakt, dat d’r ’n staarfgeval komp noa hondegehoel, dat paddie lu doar nait aan twiefeln. Trouwens, ’n hekel heb ‘k d’r ook aan.
nl.verhalenbank.45666
Der is my forteld, yn 1949 woarde der us út 'e Poel (de Liuwe-poel) wei roppen om help.
Der wie in boer, dy hearde dat. Hy gong der hinne.
't Wie ier yn 'e moarn, mar der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.28688