Sels ha wy it faek hawn, dan gong de doar. Dan gong ik der hinne, mar dan wie der net ien by de doar. Mar dan koe men der mar fêst fan op oan dat der even letter ien kom. Dat wie dan in foarboade.
nl.verhalenbank.37687
De earrebarren bringe gelok oan.
nl.verhalenbank.33594
Trape men op in pod dan kaem der tonger.
nl.verhalenbank.38017
Wylde lantearnen seagen wy froeger wol faek. Dat wienen de foarboaden fan 'e fytslampen, seinen se.
nl.verhalenbank.37722
"Sjoch," sei ús mem alris, "sa'n heldere lampe brânt dêr oer de Sweagerfeart. Doe kom dêr letter in brêge mei in lampe der boppe.
nl.verhalenbank.17009
Timmerjen hearden se hiel faek fan to foaren. Dan sei de iene tsjin 'e oare: "Mast ris hearre, sa giet it dêr op in timmerjen." Dat is op forskeidene plakken gebeurd.
nl.verhalenbank.16883
Alde Janke Mozes wie mei de helm geboaren. Dy seach alles foarút. Dy hat ek fantofoaren sjoen dat it hûs, dêr't skoanmem en dy yn wenne ha, opbrânde.
nl.verhalenbank.17395
Guon seagen hjir in hûs fan tofoaren yn 'e brân, wylst it pas letter echt ôfbrânde.
nl.verhalenbank.37713
Doe't de tram noch net troch Feanwâlden ried wienen hjir al guon dy't de ljochten fan 'e tram sjoen ha.
nl.verhalenbank.38584
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
Wy ha fan tofoaren it timmerjen heard oan 'e Malmoune. (de malmoune wie in fjouwerkant hûs foar fjouwer a-soasiale gesinnen; in pear jier lyn waerd dat hûs ôfbrutsen)
Ek hearden wy fantofoaren it saegjen en 't smiten mei balken fan it hûs dêr't Sjoerd Stienstra, hjir oer de wei, yn kom te wenjen.
nl.verhalenbank.16068
Oan 'e Ds. Visser-wei yn 'e Houtigehage wienen guon dy seagen dêr ris in hûs yn 'e brân stean. Mar doe't se der by kamen wie der gjin brân. Mar in dei of hwat letter brânde it wol degelik op.
nl.verhalenbank.37449
Froeger seagen se hjir de ljochtsjes fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten rydt al lang foardat der noch sprake wie fan in tram.
nl.verhalenbank.37844
Wy ha hjir yn 'e buert yn in âld hûs wenne.
"Sjoch," sei 'k op in joun tsjin ús mem, "it binne dêr allegear ljochten." "Ja," sei se, "dêr kin wolris in drokke wei komme."
In jier twa, trije lettere is dy wei der kom.
nl.verhalenbank.16121
Alde Pyt, dy't de ljochten fan 'e tram seach, wie ek in tsjoenster. Dy hie in pod yn 'e rok binaeid. Dy droech se altyd by har.
nl.verhalenbank.37689
Yn Twizelerheide hat in herberge stien, dy ha se baernen sjoen. Doe't se der by kamen wie 't sa net. Letter is er ôfbaernd.
nl.verhalenbank.16966
En zo k en k joe meer gevaln opnuimen van gounend, dei op honnen schootn, omdat ze flauw wurn van dat gejank; moar t huilp nooit.
Eeksters en sproi-en (spreeuwen) binnen eevnmin te vertrouwn.
Wordt nou nait veul geleuf meer aan schonkn, moar mien olle lu en mien schoonoln en goa zo moar deur, dei twiefelden nait aan zukke dingen. Dat kwam nait omdat ze...
nl.verhalenbank.44564
Wy seagen hjir froeger faek wylde lantearnen. Dat bitsjutte hwat, mar hwat it krekt bitsjutte wisten wy net.
nl.verhalenbank.37776
IJe Wykstra fan Lúxwâld de biruchte moardner, hearde wit hoe faek dingen fan tofoaren, dy't letter gebeurden.
Dat wie tsjirmerije.
nl.verhalenbank.37775
Op in kear kom der in feint by de faem wei. Hy hie de hiele nacht by har opsitten en 't wie in eintsje yn 'e moarn op. 't Wie mendei.
Hy soe fuort. Se stienen togearre bûten, doe sei er: "Ik mat fuort noch net hjir wei. Ik sil dy aenst wol sizze hwerom." Hy bleau in skoftsje stean to sjen. Doe sei er: "Nou is 't foarby. Nou matte jimme der ris om tinke,...
nl.verhalenbank.17090