Ik ha guon kend, as dy moarns nei de jister ta soenen to melken, dan hearden se fan fierren al de speten fan 't melken yn 'e earnamers. Dan wienen se der noch lang net oan ta. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.28906
Hjir achter is us in stjelpke opbrând, dêr wenne âlde Tsjerk Witteveen yn. Us hûs stie der njonken.
Ik hie nei myn broer ta west en kom de jouns om alve ûre hinne dêr wei. Doe seach ik fan fierrens al dat stjelpke yn 'e brân stean. Ik roan ta om der mar sa gau mooglik to wêzen. Mar doe't ik der njonken wie, wie 't út. It brânde hielendal net.
Trije wiken...
nl.verhalenbank.16940
Dêr't nou Mekke van Doezum wennet, oan 'e beton-wei, wienen wy us op in joun mei ús achten as jongfolk. Doe hearden wy dêr getimmer en gesjou fan planken. It gong der bot oan wei, mar der wie neat to sjen. Wy gongen der wei, hwant wy hienen der in hekel oan. In goed jier letter woarde dêr in skuorre delset. Doe wienen dêr krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.16941
Gâns minsken fan Sumarreheide ha fan to foaren de ljochtsjes fan 'e tram sjoen, foardat dy noch ried.
nl.verhalenbank.17123
Durk hat by de Boskreed wenne yn 'e Harkema yn in forlofsaek. De broer fan myn heit, Aen Klokje (= Aen Alma) hat foar eigen egen sjoen dat der op in nacht út dat hûs in bigraffenis weikom. Hy hat it my sels forteld. 't Wie fan in jonge, dy wie dêr stoarn. 't Kom krekt sa nei. Durk syn jonge stoar al gau dêrnei en doe hâldden se de bigraffenis dy't myn...
nl.verhalenbank.26856
In jonge fan ús is yn 'e Dútse bisettingstiid oppakt en nei Dútslân transporteard. Krekt foardat er thúskaem, alhiel ûnforwacht, sei heit: de jonge komt werom, ik ha him al sjoen.
nl.verhalenbank.17335
Froeger waerden der jouns wol gauris ljochtsjes sjoen dy't op en del gongen. Letter seinen se dat dat de foarboaden west hienen fan 'e fytslampen en de autoljochten.
nl.verhalenbank.37647
Doe't ik sa'n jonge wie fan tolve jier gebeurde it dat se yn 'e buert fan Ingwierrum in lûd yn 'e loft hearden. Dat wie krekt it lûd as fan in stoomboat. Letter kommen de stoomboaten pas.
Dat lûd dat se doe heard ha, dat hat in 'foar gespeustel' west.
nl.verhalenbank.27051
Ik wit noch wol, dat mem op in kear sei:
"Sjoch, dêr skynt in ljocht. Dêr komt in nij hûs, hwant it ljocht brânt der al." Ridlik gau kòm dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.16059
Myn omke hat fantofoaren de swiere auto's al heard dy't letter op 'e Grinzer strietwei kommen to riden. It wienen krekt deselde lûden
nl.verhalenbank.16517
Dêr't nou it spoar lâns giet, dêr seagen de lju hjir froeger ljochtsjes by jountiid, dy't der oan kamen.
Dat hat foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.37641
As ien him ophingje soe, dat wisten se fan tofoaren èk.
nl.verhalenbank.38439
Ik haw hjir yn Twizelerheide wol gauris by nacht timmerjen heard froeger. Dan sei 'k: "Der is wer foarspûkerije."
Dan koe men der mar wis fan op oan dat dêr letter in hûs kaem to stean.
nl.verhalenbank.37642
Op in kear wie 'k mei noch ien by de Swadde.
"Hark, sa timmerje se dêr", sei myn maet. Ik hearde it ek dúdlik. Mar der wie dêrom neat to sjen.
Efkes letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.17008
Guon ha hjir it spoar al fan tofoaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.16060
Us heit wie us by nacht om in dikke peal út om dy op to stoken. Us mem gong op bêd.
Doe't heit yn 'e hûs kom, sei ús mem: Hast hjir earder yn 'e hûs west? Hast hjir nyskes hwat yn 'e hûs brocht?
Né, sei ús heit, hoe soe 'k dat dien ha.
Nou, hjir is hwat yn 'e hûs brocht. Dat skaefde tsjin 'e middeldoar oan en de klompen woarden tagelyk oer de flier reard....
nl.verhalenbank.16074
Der wie ek in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr wisten se fantofoaren al fan dat it opbrânne soe. Dat fortelde heit.
nl.verhalenbank.38438
Yn 'e Petten yn 'e Harkema hat froeger in moune stien.
Wiger Koaning (Kootstra) hat dy moune in skoft fan tofoaren al yn 'e brân sjoen, foardat er echt opbrânde.
nl.verhalenbank.16939
Myn man en ik wennen hjir flak by. Doe't dit hûs noch boud wurde moest, hearden wy fier fan tofoaren nacht op nacht it timmerjen al.
nl.verhalenbank.16132
Piter Terpstra fan Droegeham seach lykstaesjes fan tofoaren. Even letter hienen jy dan de èchte lykstaesje op it paed.
Dat kloppe altyd.
nl.verhalenbank.37328