1,279 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Surhuisterveen
Skoanmem wenne yn 'e Súdwesthoeke by Balk. Hja wie yn har jonge jierren faem by de boer. Op in kear sieten se yn 'e hûs to kofjedrinken. "Hark," sei se, "dêr giet de tsjerne." Hja dêrhinne en doe wie der neat. Hja sieten wer by de kofje, doe wie dat lûd der opnij. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.25222
As eksters om 'e doar hinne skatterje, dan komt der yn dat hûs in deaden.
nl.verhalenbank.22065
As der ien stjerre sil, bigjint de houn to spûkgûlen. Hy hâldt de kop keard nei deselde dy't stjerre sil. Wy ha 't sels ûnderfoun mei ús famke, dêr't Piter de Graaf fan sjoen hat dat se deagean soe.
nl.verhalenbank.24421
In bulte minsken ha froeger fan tofoaren de trein riden heard, dy't fan Feanwâlden nei Bûtenpost giet.
nl.verhalenbank.19883
Ik molle froeger gauris. 'k Wie op in kear fan hûs, ik siet yn 'e buert fan Almelo. Dy deis hie 'k gjin sin oan moljen. It wie krekt as drukte my hwat. Der kommen in pear eksters by my, dy skatteren hyltyd om my hinne. De jouns krige ik in tillegram. Myn heit wie slim siik, ik moest thúskomme. De eksters wienen de boaden.
nl.verhalenbank.26852
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat. Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie. 't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
Sa'n fiif en fyftich jier lyn hat myn pake Ruerd Helbich de tram fan Drachten fan to foaren riden sjoen. Der brânden jouns ljochtsjes, dy rieden krekt as de tram. Ridlik gau dêrnei wie de tram der. Pake wenne doe yn 'e Parken (Grinzer Pein).
nl.verhalenbank.25221
Jan Kooistra fan 't Fean (hy komt fan 'e Harkema) past wol op dat er altyd by nacht oan 'e kant fan 'e wei rint, hwant oars kinne de lykstaesjes net passeare. Hy mat us oer in lyk hinne fallen wêze.
nl.verhalenbank.22212
Seagen de lju froeger wylde lantearnen, dan woarde der sein: "Dêr komt in hûs to stean."
nl.verhalenbank.22061
Op it Wytfean, oan 'e oare kant de Lange Wyk, dêr wenne in dikke boer, dêr gong it altyd like rûch om en ta. Op in joun sieten se dêr by elkoar yn 'e hûs, doe kaem dêr in hiel raer lûd út 'e skuorre wei, it wie in bange skreau. Se waerden der allegearre kjel fan en gongen nei de skuorre ta to sjen. Mar der wie neat foarfallen. De oare deis kaem der wer...
nl.verhalenbank.37523
Wy woarden altyd warskôge: rin noait midden op 'e wei by joun of by nacht, hwant der kin us in lykstaesje passeare.
nl.verhalenbank.24424
Wy kommen to wenjen yn 'e Harkema njonken de Kristlike skoalle. Dêr hienen wy in hûske kocht, in lyts burgerhûske. Ik wie dêr ferver. Op in nacht sprongen ik en myn frou beide kjel oerein yn 't bêd. Der woarde timmere en wol sa dúdlik as gebeurde it flak by. Ik der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen. Ik roan de hiele buorren lâns, hwant ik woe 't...
nl.verhalenbank.22050
Letter doe wennen wy fierderop yn 'e Harkema, omtrint by de brêge. De frou wie siik, dy hie de gryp. Sy lei yn 't bêdsté. Ik siet yn 'e keamer to krantlêzen. De frou seach út it bêdsté wei nei bûten ta en sei tsjin my: "Oebele, dêr stiet reade Willem syn hûs yn 'e brân!" Ik sjen, de kant nei de Pauloane út, hwant dêr wenne reade Willem, mar dêr stie net...
nl.verhalenbank.22051
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251
De plaets, dêr't Atse Zijlstra to Surhuzum wennet, is in goed sechstich jier lyn troch de wjerljocht ôfbrând. Guon ha him fan tofoaren yn 'e brân stean sjoen.
nl.verhalenbank.19880
Douwe Stavasius fan Grinzer Pein seach lykstaesjes. Boardzer Bruining fan Boelensloane ek. Dy leeft noch. Men mat noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme, sûnder dat men it sjocht. Dan wurde jo fan 'e wei ôfsmiten.
nl.verhalenbank.25234
Myn man hat murdefanger west. Op in kear wie Piter de Graaf mei myn man to murdejeijen. Sy wienen yn 'e Kompenije op in âld reedtsje. Doe sei Piter tsjin myn man: "Wolst even oan kant gean?" "Hwerom mat ik oan kant?" sei myn man. "Gean even oan kant," sei Piter, "hwant der komt in lykstaesje oan." "Och, rin hinne", sei myn man. Mar hy wie even mei Piter...
nl.verhalenbank.24425
Myn skoanmem hiet fan Tijke. Dy wie troud mei Albert Land. Sy wennen by 'Driewegen' yn 'e Harkema. Har suster Antsje wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Op in kear wie Antsjemoai by skoanmem to praten west. 't Wie al op 'e joun en sy soe wer fuort. Mar sy wie noch mar krekt fuort of sy kom werom. Hja fleach der oer en rôp: "Hearink, de wereld forgiet!...
nl.verhalenbank.22052
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje." Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje." De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253
Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren. Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed. Ik sei: "Och, wol...
nl.verhalenbank.24252