Komt der in ekster op 't hiem, dan krijt men in prater.
nl.verhalenbank.24510
Foar it spûkgûlen fan in houn wienen de minsken hjir deabinaud, hwant dat kaem altyd nei. Us heit en ús mem ek. Se hawwe 't faek ûnderfoun. Sa'n dier wit mear as in minske formoede kin.
nl.verhalenbank.32181
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
Op 'e Sumarreheide ha de minsken wol gauris huzen fan tofoaren yn 'e brân sjoen, dy't letter opbrânden.
nl.verhalenbank.20399
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
To Garyp seagen se op in plak jouns hyltiten ljochtsjes.
Twa jier letter kaem op dat plak in boerespultsje to stean.
nl.verhalenbank.31481
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Wy ha hjir op 'e heide in houn hawn dy't spûkgûlde. Hy die it allinne as der in sterfgefal tichteby op komst wie, oars hearde men him net. Mar sokke tiden wie er net to hâlden, dan moest er nei bûten ta.
Mem prebearre him dan wol yn 'e hûs to hâlden, mar dat koe se eins noait rêdde. Hy gong dan bûten sitten mei de kop achteroer en dan mei de eagen rjochte...
nl.verhalenbank.31805
Myn broer wennet yn Warten. Hy hat dêr wit hoe faek yn 'e nacht timmerjen heard, sûnder dat dêr hwat wie. It echte timmerjen gebeurde letter.
nl.verhalenbank.32480
As der ien tige siik wie en hy lei op stjerren, dan bigoun ús houn altyd to spûkgûlen. Hy seach it lyk fan tofoaren.
nl.verhalenbank.20393
Gjet van der Iest wenne yn Garyp. Hy handele en hie froeger yn Dútslân west. Dêr hie er by in boer tsjinne.
Hy koe slachtsje en dy boer hie in miltvuur-bolle. Dy slachte Gjet en dêr hat er syn earm omtrint mei forspile. Dêr koe er letter net folle mear mei dwaen. Gjet hie in spultsje op 'e Tuie yn Garyp. Hy hie in greate húshâlding en koe dêr eins net...
nl.verhalenbank.32182
As der ien tige siik wie sei ús mem wolris: "Dy redt it net, hwant de klokken bongelje." Dan koe men der mar fêst fan op-oan dat sa'n ien mei koartens stoar.
De branjehandler fan Sumar sei ek: "Ik hear it wol oan 'e klokken, der sil wer ien stjerre. It lûd wol net út 'e klok, dat doocht net."
nl.verhalenbank.20394
Yn 'e Harkema moest in nije grifformearde tsjerke boud wurde. Dêr moest in plak foar opsocht wurde. In pear mannen fan 'e tsjerkerie moesten om har hinne sjen. Doe kamen se op in plak dêr hearden se dúdlik psalmsjongen hoewol dêr neat to sjen wie. Op dat plak ha se de tsjerke letter boud.
nl.verhalenbank.31893
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
Oan 't kloklieden by in bigraffenis koe men hearre of der mei koarten wèr in sterfgefal komme soe.
Datselde koe men ek fan in houn gewaer wurde. Dy spûkgûlde dan.
nl.verhalenbank.31493
Op it plak dêr't nou Koos Landheer syn hûs stiet, hearden se fantofoaren hyltyd timmerjen.
Koarte tiid dêrnei waerd it hûs dêr delset.
nl.verhalenbank.20401
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400