1,239 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Garyp
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
As de kat him wasket komt der in prater.
nl.verhalenbank.22794
Doe't ik tsien jier âld wie, doe is my sjen litten hwer't ik letter komme soe to wenjen. Ik seach tige dúdlik twa nije húskes. De doar, de finsters, it dak, it hiele model seach ik sa klear, dat ik it noait wer forgetten ha. It ienen húske is letter ôfbrutsen. Doe't ik troude bin 'k yn 't hûs kom to wenjen. Ik herkende it. Dat wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.22981
As heit nei in forgadering wie, gebeurde it soms dat mem nei in skoft sei: ik hear heit al praten, hy is op komst. Mar dan wie hy der net. Efkes letter kaem er.
nl.verhalenbank.31526
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen wienen de foarboaden fan 'e fytsen en de auto's.
nl.verhalenbank.22991
Skoanmem hat faek sein dat se de tram fan Drachten fier fan tofoaren al heard hie en in bulte oare minsken ek.
nl.verhalenbank.31418
To Garyp stiet oan 'e wei nei de polderdyk in hûs, dêr wennet nou Lammert Slofstra. Froeger stie dêr in âld hûs foar, doe wie 't nije dêr noch net. Mar guon wisten fan tofoaren al dat it nije dêr komme soe. Dy hienen dêr timmerjen heard en oare lûden dy't men by 't bouwen observearret.
nl.verhalenbank.32112
Ek in bult minsken út dizze streek ha de tram al lang fan tofoaren riden sjoen.
nl.verhalenbank.31624
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal. Jan Wiberens de Haan fan Garyp hat yndertiid syn frou forlern. Hja hienen in moai hountsje. Alle nachten spûkgûle it beest. Doe't de frou forstoarn wie, wie 't dien.
nl.verhalenbank.32115
Al hiel lang lyn, doe't de strjitwei fan Ljouwert nei Grins der noch net wie, hearden skippers op it Swartkrús geduerich dat der weinen oer in brêge rieden. Der wie doe noch net in brêge, mar letter is dy brêge dêr kaem. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31416
Foardat de tram fan Drachten nei Feanwâlden der wie, seinen de lju fan Sumarreheide dat se de ljochten al sjoen hienen.
nl.verhalenbank.22778
Wy wennen froeger yn Aldegea oan 'e wei. Achter ús wie in klearmakker. As wy jouns yn 'e hûs sieten, hearden wy de lûden fan molkbussen, dy't se delsetten en legen. En wy hearden de lûden fan in pomp. Doe wie dêr noch neat. Mar letter kom op datselde plak in molkfabryk. Dêr brûkten se earst in hânpomp, letter gong it allegear masinael.
nl.verhalenbank.22974
Faek hearden se hjir froeger timmerjen, sûnder dat der yn werklikheit timmere waerd. Op sa'n plak kaem dan letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.31504
Men seach faek wylde lantearnen oer Sumarreheide. Letter kaem de tram; doe wisten se hwat it bitsjut hie.
nl.verhalenbank.31503
Ik wie sa'n oardeljier lyn by de Kilometerwei ûnder Aldegea. Dêr stie 'k to sjen nei it terrein fan it ierdgas. Wylst ik dêr stie hie 'k hiel sterk it gefoel dat dêr ien fordronk. Ik sei: "Ik mat hjir wei, ik kin hjir net bliuwe." Ik wist net hwa en hwat dêr fordrinke soe. Nou in healjier lyn is Riemmer Benedictus dêr op 't selde plak fordronken. Dat hat...
nl.verhalenbank.22980
As men yn 'e nacht midden op 'e wei rint, wurdt men soms oan kant treaun troch in lykstaesje, dy't passeare mat. Sa'n lykstaesje sjogge jo net.
nl.verhalenbank.22993
As it lyk in snein oerstie, stoar der gau wer ien.
nl.verhalenbank.31508
In man út Sumar, dy't nei Grins west hie foar ûndersyk yn it jier 1887 kom op it Barndelân by de Nije Wei in hiel great munster to sjen mei gleone egen. It wie stil waer, mar it sûze en bearde dêr as stie der in stoarm. Letter, om 1893, 94 hinne is dêr it tramstasjon boud, en doe wist er, dat it de foarboade fan 'e tram west hie, dy't stoom út 'e masine...
nl.verhalenbank.21794
Dêr't letter de tramwei kaem seagen guon op 'e Gariperheide wylde lantearnen. "Hjir komt hwat", seinen se. Doe kaem de tram dêr.
nl.verhalenbank.32113
Yn Garyp ha guon al us út 'e feart in stim heard: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
nl.verhalenbank.24628