1,793 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Boelenslaan
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen, sizze se wol. Wy ha 't wolris dien as bern. Dan gebeurde it ek.
nl.verhalenbank.24700
De wylde lantearnen fan froeger haw ik altyd biskôge as de foarboaden fan 'e fytsen.
nl.verhalenbank.17353
Dêr't letter de tram ried, dêr seagen wy in twa en fyftich jier lyn al ljochten. "Sjoch, dêr is dat ljocht wer", seinen wy dan. 't Wienen wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.32416
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in soad. It wienen de foarboaden fan fytsen en bussen.
nl.verhalenbank.17737
Us mem hat wolris forteld, dat, as se toudounsje soe mei oare famkes, doe't hja noch in bern wie, dat hja dat dan de jouns fan tofoaren al hearde en fornaem.
nl.verhalenbank.32772
Ik roan us mei in stik of hwat oaren op in joune de Loane del. Doe seagen wy it hûs fan Piter en Sijke yn 'e brân. Wy der hinne om to sjen. Doe't wy der kommen leinen de minsken op bêd to sliepen en der wie alhielendal gjin brân. Mar in wike of hwat letter brânde it op.
nl.verhalenbank.25255
Wylde lantearnen sweefden oer de lannen. Letter wienen dat de fytsen mei de carbid-lampen.
nl.verhalenbank.25107
Heit timmere wol ûnderhâns. Op in kear hearde er op in plak timmerjen, dêr wie neat to sjen. Doe sei heit: "Hjir njonken giet it ek op in timmerjen, dêr komt skielk ek in hûs." Dat is nei kom. By Ruerd Klaver woarde in great hok boud. 't Hûs wie to lyts. Ruerd Klaver wenne njonken myn folk.
nl.verhalenbank.24446
Spûkgûlen fan in houn tsjut ek op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.32232
Yn 'e Boelensloane stie in hûs, dêr gyng it nachts altyd op in timmerjen. Even letter woarde dat hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.24612
It spukgûlen fan in houn, it geskatter fan eksters, en it rare lieden fan in klok binne oanwizings fan in sterfgefal.
nl.verhalenbank.21906
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Oan 'e Warreboskloane seagen in suster fan my en dy har man (Hindrik van der Meer) allegear fjûr boven in hûs. Mar yn werklikheit wie der gjin fjûr. Net lang dêrnei is 't hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.32417
Yn 'e Blaudobbe ha se ris it lûd fan in razend berntsje heard. Dêr sil nochris ien yn fordrinke.
nl.verhalenbank.24908
Wylde lantearnen woarden der yn 'e Legauke sjoen. De minsken roannen der hinne om der by to kommen, mar dan wienen se fuort. Dat wienen letter de fytsljochten.
nl.verhalenbank.21904
Boardzer Bruining seach, foardat de oarloch útbriek, hiele troepen minsken, dy't nei Drachten tasetten. Boardzer roan mei in opstoppe keal mei twa koppen by de doarren lâns. Ek mei fremde aeijen. Ek mei in skip yn 'e flesse. Hy gong ek to nijjierroppen. Dan sei er hiele stikken op. Kom er by kristlike minsken, dan sei er in kristlik fers op, by oare...
nl.verhalenbank.24698
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Yn 'e Popke-poel ha se us in kear Help! roppen heard. Dêr binne letter guon troch 't iis sakke. Dy rôpen ek fan help. Sy binne ret woarn.
nl.verhalenbank.24909
Ik haw to Den Oever timmere. Dan praette 'k wol ris mei in âld fisker. Dy fortelde my, as der in siken oan board wie op sé, dan kommen de fisken om it skip hinne swemmen. Dan sei it folk: "Dy giet dea." En dat gong ek fêst troch.
nl.verhalenbank.24449
Us buorfrou sei us tsjin my: "Hearst it wol, Antsje, hoe'n gerattel as der yn 'e loft is? Soe men der net binaud fan wurde? Hwat is dat nou?" Hwant der wie neat to sjen. Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21903