6,736 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: female Place of Narration: No name
Yn myn jonge jierren seagen se faek wylde lantearnen troch de loft sweven. Letter wienen dat de flychmesines. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.36090
Doe't wy famkes wienen, wienen wy jouns wol us by meester op it skoalleplein. Dat wie yn Frijstêd, tusken Broek en Ikkerwâld. Jouns seagen wy allegear ljochtsjes. Dy forskeaten dan fan 't iene plak nei 't oare. Wy fregen meester: "Hwat is dat?" Meester sei: "Dat binne wylde fûgels." Mar ús mem sei: "Dêr matte jim letter mar us om tinke. Op it plak, dêr't...
nl.verhalenbank.22022
Wonderlijke teekenen. Een helder noorderlicht was mede een voorteeken van de "vierige pest", zooals dat van den veertienden Januari 1192, toen geheel het noorden wel een openstaande vurige oven geleek. De naam heerbrand wijst er reeds op, dat men in het noorderlicht, vooral de voorbode van toekomstige oorlogen ziet.
nl.verhalenbank.39195
Us heit hat wolris fan tofoaren lykstaesjes sjoen. Letter wie dêr dan de echte bigraffenis. 't Wie oan 'e Noarderdwarsfeart dêr't er dy lykstaesjes seach.
nl.verhalenbank.37119
Wonderlijke teekenen. In het jaar l001 viel er op den 20sten en 21sten Januari omtrent negen uur vuur uit den hemel, en doodde vele menschen, zoowel in de huizen als op de akkers. Ook zag men in de lucht vurige serpenten, die hoe langer hoe grooter schenen te worden, en blauwe pooten hadden. Men meende algemeen dat de ondergang der wereld nabij was.
nl.verhalenbank.39200
Dêr't in swel nestelt, dêr komt gelok.
nl.verhalenbank.21671
Trapet men op in slak, dan bigjint it to tongerjen
nl.verhalenbank.22824
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
As de sémearmin sjongt is der min waer op til. Dan forgiet alles. De sélju binne der deabinaud foar.
nl.verhalenbank.25294
Myn man en ik soenen op in kear to praten. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Wy wennen yn Bûtenpost. Doe't wy op stap soenen, sei 'k tsjin myn man: "Wy kinne better thús bliuwe, hwant it is my ynjown, dat dy en dy aenst komme sille." Wy gongen fuort, mar de minsken dy't ik forwachte binne wol kom. Ik sjoch soks wol mear. Dan wyt ik hwa't der komme sille.
nl.verhalenbank.22842
Dêr't nou de rondwei oer de Noarderdwarsfeart hinnegiet seach ús heit froeger oan beide kanten gleone ljochten. Dan sei er: "Dêr komt nochris hwat." Hwant dy gleone ljochten, dat wienen de lettere auto's by joun en by nacht. De man hat gelyk krigen. De rondwei is der kaem en it rydt dêr altyd troch.
nl.verhalenbank.37118
As der in ekster op 't hiem komt, dan komt der hwat nijs. In ekster is in nijs-bringer.
nl.verhalenbank.21661
As de kat him wasket, komt der bisite. De minsken matte goed achtslaen op 'e kat.
nl.verhalenbank.21662
Jierren lyn wennen wy op in buorkerij oan 'e Dwarsfeart. 't Wie op in joun dat wy bûten stienen. Och, och, sei 'k, hwat in ljochtsjes oer de wereld yn 'e lânnen. Allegearre wylde lantearnen. Myn man wie doe krekt wei, skoanheit ek. Ik haw faek oer dy ljochtsjes neitocht. Kom ik nou jouns bûtendoar dan sjoch ik allegear ljochtsjes fan 'e rondwei. Dy komme...
nl.verhalenbank.36900
Yn 'e Harkema ha se yndertiid in nije tsjerke boud. Op it plak dêr't dy tsjerke kaem to stean, hearden guon fan tofoaren al psalmsjongen. Dit fortelde de skoanmem fan myn dochter, frou Veenstra, dy't yn 'e Harkema wennet.
nl.verhalenbank.29763
As de kat him wasket komt der in prater.
nl.verhalenbank.22794
Bontsje Douma har heit hearde froeger psalmsjongen yn 'e loft. Dat hat de foarboade west fan 'e radio.
nl.verhalenbank.17498
Der wennen hjir minsken dy seagen de tram fan Feanwâlden nei Drachten fier fan tofoaren al, foardat er noch ried. Dan wienen der ljochten skean oer de heide. It wienen letter deselde ljochten.
nl.verhalenbank.22698
De wylde lantearnen dy't wy froeger seagen, dat wienen de lettere bromfytsen.
nl.verhalenbank.30502
As 't winter wie seagen wy soms froeger in wylde lantearne op 'e heide. Dan seinenn wy: "Sjoch, dêr is in lampe." "Dêr komt skielk in hûs", sei mem dan. En dat kom ek nei.
nl.verhalenbank.24575