Dêr't in swel nestelt, dêr komt gelok.
nl.verhalenbank.21671
As der in ekster op 't hiem komt, dan komt der hwat nijs. In ekster is in nijs-bringer.
nl.verhalenbank.21661
As de kat him wasket, komt der bisite. De minsken matte goed achtslaen op 'e kat.
nl.verhalenbank.21662
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure."
Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
Op in moarn rûkte ik dat myn iten oanbarnde. Mar ik hie noch net iens iten op 'e kachel stean. Ik sei by my sels: Dit komt my net oer. Mar 't gebeurde wòl. Wylst ik de moarns oan 't itensieden wie kom der ien by de doar. Ik praette hwat lang. Ik forgeat it iten. Dat brânde oan.
nl.verhalenbank.21675
As in fûgeltsje tsjin 't finster tikket, komt der in boadskip.
nl.verhalenbank.21660
As der eksters by in hûs kamen, dan kom der in sterfgefal yn 'e buert. De eksters binne dan de boardskippers.
nl.verhalenbank.29561
As der in pod op jou paed komt, wêz dan op jou hoede.
nl.verhalenbank.21670
As je by de kaertlizzer klaveraes lûke, dan krije jo in brief.
nl.verhalenbank.21659
Yn Twizelerheide hearden se midden yn 'e nacht in hoanne kraeijen op 't keale fjild. Mar der wie neat. Tsien jier letter stie dêr in spultsje en dêr wienen ek hinnen en hoannen.
nl.verhalenbank.21680
Fan 'e wike kom hjir in beppesizzer.
"Dû hast hjir fan 'e moarn ek al west", sei 'k.
"Né, beppe", sei se.
"Dû hast hjir west, 'k ha dy sjoen, dû hiest in blauwe jurk oan. Mar dû wytst it sels net."
"Ja," sei se, "'k hie in blauwe jurk oan fan 'e moarn."
nl.verhalenbank.21681
Myn dochter wie ris by my, doe woarde se siik. Doe't ik ris in kear yn 'e hûs kom, woarde ik yn 'e keamer keard. Ik seach net hwat it wie, dat my kearde. De oare deis moest myn dochter opnom wurde yn 't sikenhûs. Doe brochten se in draechbaer by ús yn 'e hûs. Dat wie it ding dat ik de foarige deis sjoen hie en dat my kearde.
nl.verhalenbank.24845
Fan 'e moarn hat myn skoandochter hjir west om my to helpen. Dy komt hjir elke moarn om it wurk hwat to dwaen. Ik sei fan 'e moarn tsjin har: "Dû meist wol oanmeitsje. Hwant dû krijst fan 'e middei bisite. Ik leau fan jimme mem."
Nou is har mem der al.
nl.verhalenbank.21679
De dochter fortelt: "Fan 'e wike kom mem hjir by ús yn 'e stâl. Doe sei se yn har sels: 'Hwat dogge dy trije keallen hjir?'
Ik hearde dat en ik sei: 'Hoe komt mem der by, de stâl is ommers leech.' Mar de oare deis sette myn man trije keallen op stâl. Sy hie 't wol goed sjoen."
nl.verhalenbank.24846
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Us mem sei soms, as se de klok lieden hearde:
"Hwat let de klok wer raer. Der komt wer in deaden."
nl.verhalenbank.29691
Myn suster lei mei t.b.c. hjir njonken. Hja wie tige min. Op in moarn kaem ik by har. Doe sei se tsjin my: "It is sa fremd, ik hear hyltyd dat se oan 't timmerjen binne."
Fuort dêrnei is se stoarn. Hja hat it timmerjen oan har eigen kiste heard.
nl.verhalenbank.29702
Soms kom ik moarns yn 'e keamer, dan tink ik: "Hea, ik rûk sigarelucht." Dan komt der fêst de middeis in man dy't sigaren smookt.
nl.verhalenbank.21674
Hjir tichteby komt in wei skeanoer. Ik ha de ljochtsjes al twa kear sjoen.
nl.verhalenbank.21676