6,078 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: female Place of Narration: De Westereen
Yn 'e Harkema ha se yndertiid in nije tsjerke boud. Op it plak dêr't dy tsjerke kaem to stean, hearden guon fan tofoaren al psalmsjongen. Dit fortelde de skoanmem fan myn dochter, frou Veenstra, dy't yn 'e Harkema wennet.
nl.verhalenbank.29763
Bontsje Douma har heit hearde froeger psalmsjongen yn 'e loft. Dat hat de foarboade west fan 'e radio.
nl.verhalenbank.17498
Myn omke wenne op 'e Oastersingel yn 'e Westerein. Alle jounen kaem der in great ljocht op him ta en dat gong dwars by him troch 't hûs hinne. In skoft letter moest it hûs der ôf, doe kaem de trein dêr en dy kaem krekt to riden oer de froegere founeminten fan it hûs. Dat hie dus dat greate ljocht west.
nl.verhalenbank.29737
Doe't der noch gjin sprake wie fan in spoar hearden guon minsken hjir hyltyd in gebolder. Dat wie it lûd fan 'e lettere trein.
nl.verhalenbank.30096
Op in nacht, noch net sa lang lyn waerd ik ynienen wekker troch in lûde plof; krekt as foel der in muorre del. De oare moarns roun ik om 't hûs hinne om to sjen hwat der gebeurd wie, mar der mankearde neat oan. Binnen 't jier waerd it âlde húske fan myn buorman ôfbrutsen. Doe hearde ik krekt wer itselde lûd, doe't der in stiennen muorre delkaem.
nl.verhalenbank.36512
Us mem hie in baekster, dy wie mei de helm geboaren. Mem frege har in kear: "Ha jo wolris hwat sjoen?" "Och minske," sei se, "ik ha der wit hoe faek op út west yn 'e nacht. Dan kòe 'k net thúsbliuwe. Doe't myn dochter fordronken is haw ik dat ek allegear foarútsjoen."
nl.verhalenbank.36513
Us heit soe op in moarn nei 't wurk ta op 'e fyts. 't Wie noch o sa bitiid en 't wie noch tsjuster. Ynienen wurdt er mei fyts en al oan kant set en komt sa yn 'e feart tolânne. 't Wie in rjochte wei. Der kaem in lykstaesje lâns, mar dy hat er net sjoen. 't Gebeurde hjir yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.30363
Spûkgûlt der in houn, dan komt der in deaden. Ek as de eksters tichteby skatterje.
nl.verhalenbank.29785
Hjir yn 'e Westerein hat yndertiid de blau-mûzel gien (een soort mazelen). Doe stoaren der in hiele bult. Der wie ûnder mear in húshâlding mei fiif bern, dêr foelen fjouwer by wei. It wienen allegear bigraffenissen, dei oan dei. Alde Knjillis (= Bontsje Keke; Veenstra) hat dat allegear fan tofoaren sjoen. Hy sei: "Hjir gebeurt aenst raer hwat, ik koe net...
nl.verhalenbank.36514
Wy wienen noch fan dy bern, doe wie der in man, dy sei tsjin ús mem: "Ik haw in brân sjoen." It winkeltsje, skean tsjin ús oer hied er yn 'e brân sjoen. Dêr wenne in âld minske yn. Gauachtich dêrnei brânde it op. Mem wie doe noch bang dat er him forsjoen hie, dat it ús hûs wêze soe.
nl.verhalenbank.36515
Ik hear by de 'Heiligen der laatste dagen'. Wy wennen yn in hûs, dêr siet gâns rûmte yn. Dêr hat in winkel yn west. Op in nacht sei 'k tsjin ús mem: "Mat mem ris hearre, sa moai binne se oan 't sjongen." It wie flakby. Sahwat twa jier letter waerden der yn 'e keamer fan ús hûs byienkomsten hâlden fan 'e 'Heiligen der laatste dagen'. By dy byienkomsten...
nl.verhalenbank.36517
Ik hie in âlde pake, dy wenne yn Sweagerbosk. Hy wie timmerman. Hy sei op in moarn: "Der hat fannacht sa'n getimmer west, hjir flak by yn 'e buert, der sil grif wer hwat gebeure." In skoft letter waerd der njonken him in hûs boud.
nl.verhalenbank.36516
Ik gong froeger wol út to naeijen, en by dy gelegenheit haw ik hjir - dêr't nou Jan de Boer wennet - us in wylde lantearne sjoen. Soks wiist op op ien of oare dat dêr yn 'e takomst gebeure sil. 't Is wol gau us dat der dan in hûs komt.
nl.verhalenbank.20538
It is hjir wolris gebeurd dat der ien by nacht oan kant set waerd, as der in lykstaesje passearde, sûnder dat dyselde hwat seach. Men mat dêrom by nacht noait op it midden fan 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.30071
Mem fortelde, hja en har kammeraetske wienen ris op Ljouwerter merke. Doe woenen se yn 'e swarte spegel sjen. Earst seach har kammeraetske yn 'e swarte spegel. Dêr kaem mem har broer yn to stean. Mar dy hat se net krigen. Mem krige in persoan to sjen, dy koe se net. Mar it kloppe wòl. Letter is se mei dy persoan troud. Hy wie tige donker. It wie myn heit.
nl.verhalenbank.36551
Wylde lantearnen wienen der froeger, dêr't nou de spoarlijn is. Dat wienen de ljochten fan 'e lettere trein.
nl.verhalenbank.30095
It is jierren lyn gebeurd, dat de buorlju hjir yn 'e Westerein my jammerjen hearden. It lûd wie achter út it lân wei kaem. Doe't se my fregen hwat der oan skeelde, sei ik: "Ik ha dêr noait achter yn 't lân west en ik haw noait jammere." En dochs hâldden se fol, dat it myn lûd west hie. Sa'n fjouwer wiken letter woarden der twa fan myn famkes siik. Se...
nl.verhalenbank.29728
Yn 'e Westerein wenne in meester. 't Wie yn 'e winter en hy sei: "Ik wol even in eintsje ride op redens." Mar hy is by de Kûkhernster brêge fordronken. De minsken hienen dêr fan tofoaren al gejammer heard. It lei dêr by de brêge iepen.
nl.verhalenbank.36556
Doe't ik en myn man krekt troud wienen, - yn Twizelerheide - hearden wy yn 'e nacht dúdlik timmerjen. It wie njonken ús hûs. Mar der wie neat to sjen. Letter kom dêr it hûs to stean fan in timmerman. Japik de Haan wennet der nou yn.
nl.verhalenbank.20543
Wylde lantearnen waerden hjir froeger in soad sjoen. It hie hwat to bitsjutten seinen se. 't Wie foartsjirmerije. It tsjutte op 'e lampen fan 'e fytsen, de auto's en de fleantugen fan letter.
nl.verhalenbank.29765