1,279 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Surhuisterveen
Skoanmem wenne yn 'e buert fan Beerta yn Grinslân. Op in joun seach hja dúdlik in bigraffenis. Hja koe de minsken, dy't achter it lyk oanroannen. In dei of hwat letter wie de èchte bigraffenis der. It kloppe allegear krekt.
nl.verhalenbank.32726
Hja hat it ek sjoen fan ús Jeltsje. Doe wie se sa raer gesteld. Doe't se dy nachts op bêd lei, seach se it leefolk en in lyk. Sy gong der ôf. Doe kommen se der oan en setten de kiste yn 'e keuken. De oare moarns kom Jeltsje by har. "Hoe is 't mei mem, leave", frege se Joukje noch. "Goed", sei Joukje. Jeltsje gong deselde moarns nei Bútenpost en dêr rekke...
nl.verhalenbank.20450
Binne-om roun ris op in joun achter op 'e Sumarreheide Romke de Vries syn reden del en kaem sa by pake Tamme. "Heit," sei er, "hwat hie 'k nou in nuver gefal. Niis is der my in lykkoets foarby riden. Dêr stie in kiste op; 'k soe sizze foar ien fan in jier 13, 14." It gebeurde de wyks dêrop dat de dochter fan Joeke Veenstra stoar. It bern wie 14 jier âld....
nl.verhalenbank.31575
Ik haw IJe Wykstra fan Greategast skoan kend. Ik ha wol by him west. Even foardat er dy fjouwer plysjes deasketten hat, siet der by har in houn foar de doar to spûkgûlen. IJe wenne by syn âlde mem yn. Doe't er dat spûkgûlen hearde, sei er tsjin har: "Dat bitsjut in deaden. Doe sei syn âlde mem: "Dan sil ik dat wol wêze, ik bin al âld." De hiele nacht hie...
nl.verhalenbank.29716
In man fan Meppel fortelde my ris: Mast noait tinke dat der neat bistiet. Dat ha 'k bileefd, sei er. Ik kom op in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. Ik wie oan 'e daem ta - 't wie tige stil en 't wie ljochtmoanne - doe hearde ik fuotstappen. 't Wie nuver. As ik stapte, dan hearde ik èk oare fuotstappen. Stie ik stil, dan wie der neat. Sa gong dat...
nl.verhalenbank.25163
Mien grötmoeder zèj altied: “As ik over ’n vis of visse droomde, ging d’r iemand dood”. Hoe grötter de visse ware, die ze ien den droom zag, hoe korter bé’j huus ’t stèrfgeval zou zien, of hoe noader ien de familie. Ok was ’t zo: hoe duidelijker da ze de vis zag, hoe korter ien de burt er iemand dood zou goan of hoe meer ien de familie. Ik hetta...
nl.verhalenbank.45091
Bearn Dekker wie mei de helm geboaren. Sy hienen dy helm wol forneatige, mar likegoed seach er alles. Hy moest der nachts faek út, dan waerd er dreaun. Dan seach er in bigraffenis. 't Kom altyd krekt sa nei lyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.20392
It wie op in joun letter en der hong in mist fan sa'n heale meter hichte oer de groun. Doe seach dyselde Anders de Haan fan Garyp in bigraffenis. Se roannen boven op 'e mist. In pear dagen letter wie der op itselde plak in bigraffenis.
nl.verhalenbank.22180
Der binne minsken dy wurde mei de helm geboaren. Dy ha 't letter neat to rûm. Dy matte allerhande dingen foarút sjen en 't binne hast altyd minder moaije dingen dy't se sjogge, lyk as bigraffenissen en lykstaesjes. 't Hat hast altyd mei de dea to meitsjen. Hjir yn 'e omkriten hat ek sa'n man west. De stumper moest wit hoe faek fan bêd ôf, altyd by nacht....
nl.verhalenbank.29766
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede. Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
nl.verhalenbank.22021
Bontsje Knjillis wie algemien bikend. Hy wie mei de helm geboaren, dat wist elkenien. Nachts moest er faek út bêd wei om hwat to sjen. Dy't dat hat, kin net lizzen bliuwe. Dat mei nou ienkear net. Op in kear wie Bontsje Knjillis bot fan 'e wize. Doe hied er wol sawn lykstaesjes tagelyk sjoen. Dat wie yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp (novimber 1918).
nl.verhalenbank.29954
We woonden in Schoonhoven. M'n moeder was bezig kinderponnetjes te strijken. Vroeger hadde ze van die mooie satijne nachtponnetjes. Een van de kindere was ziek. Een kind van vijf maanden. Die wagen met dat kind stond in de tuinkamer. Vlak voor de tuinkamer stond een pereboompje. Daar zat een ekster in te schreeuwe en tekeer te gaan. M'n moeder zegt: "Dat...
nl.verhalenbank.51009
Der hat in man by my wenne, dat wie Sytse Rapkes. Dy moest der nachts altyd ôf om nei bigraffenissen to sjen. De lykstaesje moest earst passeard wêze, earder gong er net wer op bêd. Hy wist hast altyd wol hwa't der stjerre soe, mar hy sei it net. Hy wie mei de helm geboaren. Der wienen wol dokters, dy knoeiden de helm wei, dy wienen der hyt op. Dêrtroch...
nl.verhalenbank.22232
Myn broer hat as soldaet yn Amersfoort west. Ik wie in jonge fan fyftsjin jier. Op in nacht hearde ik him dúdlik thús kommen. Ik seach hoe't er it skuonsekje oer 't skouder droech en hoe't er in plysjemûtse op 'e holle hie en al syn fierdere klean seach ik hiel dúdlik. Heit siet yn in hoekje to krantlêzen. In maend letter kom er thús. Krekt sa't ik it...
nl.verhalenbank.20431
Heit syn pake Gauke Jansma fortelde: Doe't ik in jonkje wie fan in jier of tsien gong ik mei myn mem nei Nyegeasterhoek. Doe sei mem tsjin my: "Mast even oan kant gean, hwant der komt in bigraffenisstoet oan." Ik gong oan kant, mar ik ha neat sjoen. Mar ús mem seach it wol: Fjouwer wiken letter wie der op datselde plak in bigraffenis.
nl.verhalenbank.29616
It is sahwat sechstich jier lyn, doe wenne hjir in skuonmakker. Deis wied er altyd oan 't skuonmeitsjen en jouns brocht er de skuon bylâns op 'e karre. Syn dochter Jeltsje gong dan faek mei. "Op in joun," fortelde Jeltsje, "rieden wy op it rjochte ein tusken Boelensloane en Blauhûs. Doe woenen de hounen ynienen net in stap fierder gean. Heit sei: - Kom...
nl.verhalenbank.32418
Doe't ik noch by uzes thús yn 'e hûs wie hearden wy ris yn 'e nacht in hiele botte slach. Us hûs hie in hiel lyts bihyndich gonkje. 't Wie krekt as de slach dêr wei kom. "Hwat is dat?" sei heit. Wy hearden it allegearre. De houn blafte. Heit wie doe al net rjocht goed, mar hy gong der ôf om to sjen. Der wie neat. Heit gong wer op bêd. Heit woarde minder...
nl.verhalenbank.25166
Dy't mei de helm geboaren wurde, sjogge bigraffenissen fan tofoaren. Bontsje Keke fan Kollumersweach moest ek altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Mar Keke seach ek oare dingen foarút. Tidens de oarloch hat er sjoen dat Juliana op 'e troan komme soe. Der soe noch in forskrikkelik greate oarloch komme as Beatrix op 'e troan kaem. Dan soenen se om 'e...
nl.verhalenbank.10678
Warmolts, dat wie in boer. Hy wenne yn 'e Harkema op in plaets oan 'e feart nei Surhústerfean. Op in kear, doe stie er achter 't hûs. Doe gong it bot op in timmerjen. Hy gong it lân yn, hwant hy woe wite hwer't dat timmerjen wei kom. Doe kom er op it plak dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet. Dêr woarde er tsjinhâlden. Hy koe net fierder. Der woarde...
nl.verhalenbank.22231
Voorboden. Ik heb altied in Exel woond. Mien voar was scheper, mien grootva en overgrootva waren ’t ook. Van hekserij heb ik niet veule markt. Wel van voorboden. Dat bestiet dan ook. Zölf heb ik ies ’n veurgezicht had van een husien. ’t Was ’n keer schemerdonker en ik lupe deur ’t darp. Doar zie ik bie een dannebossien een lichien. D’r was geen lanteern...
nl.verhalenbank.13761