5,541 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: female
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat ha de lettere fytslampen west.
nl.verhalenbank.24342
As in spegel delkomt, komt der binnen seis wiken in sippe deaden.
nl.verhalenbank.21986
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
Yn 'e tiid doe't er noch gjin trein ried fan Ljouwert nei Grins hearden se op it Blaufallaet al it sûzjen fan 'e fjilden oer de rails. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.22732
As in ekster tichte by hûs komt, sei ús mem, dan komt der binnenkoart in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22718
Op 'e helling op 'e Wâl hearden se yn 'e nacht faek getimmer. Dat wie altyd fan to foaren as der wer drokte op til wie. 't Wie de foarboade.
nl.verhalenbank.19628
Alde Metske Smit wie mei de helm geboaren. Yn 'e nacht moast hy der ôf. Dan seach er lykstaesjes de wei passearen. 't Kaem letter altyd krekt sa nei.
nl.verhalenbank.19629
As der ien stjerre sil, bigjint de houn to spûkgûlen. Hy hâldt de kop keard nei deselde dy't stjerre sil. Wy ha 't sels ûnderfoun mei ús famke, dêr't Piter de Graaf fan sjoen hat dat se deagean soe.
nl.verhalenbank.24421
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Auke Karre kom saterdei-to-jouns altyd by ús mei bakkerswaren. Hy kom fan Eastemar of sa, dy kusten út wei. Op in joun sei 'k tsjin mem: "Hark, dêr is Auke Karre." Ik hearde dúdlik de karre en syn gong en ek it swypkjen fan 'e koer mei bakkersguod. Ik wie yn 'e gong om wetter op to heljen. Mar doe't ik nei de doar ta gong wie der yn gjin fjilden of wegen...
nl.verhalenbank.22290
Yn Burgumerheide seagen de lju wylde lantearnen. Letter seinen se, dat hienen de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.18087
Op in moarn rûkte ik dat myn iten oanbarnde. Mar ik hie noch net iens iten op 'e kachel stean. Ik sei by my sels: Dit komt my net oer. Mar 't gebeurde wòl. Wylst ik de moarns oan 't itensieden wie kom der ien by de doar. Ik praette hwat lang. Ik forgeat it iten. Dat brânde oan.
nl.verhalenbank.21675
De Blaudobbe is yn 'e Houtigehage. Alde Taeke hearde dêr alle jounen geraes yn dy dobbe. "Dêr mat noch us hwat yn gebeure", sei Taeke. Mar ik wyt net as der al us hwat gebeurd is.
nl.verhalenbank.24679
Mem fortelde, dat har mem dy wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wenne in jonge, fortelde beppe, dy kaem op in kear hurd ta 't hûs útrinnen, en dy rôp: Sjogge jimme 't net? Sjogge jimme 't net? Dêr komt in wein oanriden sûnder hynder." Dat wie it lettere spoar.
nl.verhalenbank.37163
As in fûgeltsje tsjin 't finster tikket, komt der in boadskip.
nl.verhalenbank.21660
As der eksters by in hûs kamen, dan kom der in sterfgefal yn 'e buert. De eksters binne dan de boardskippers.
nl.verhalenbank.29561
Doe't ik noch yn 'e hûs wie yn 'e Falom, rôp mem us op in kear: "Hiske, dêr ropt ien fan 'de krante!'" Ik sei tsjin mem: "Gean mar hinne, mar der is neat. Nei in healûre komt de krante wol." 't Wie èk sa. In healûre letter waerd der roppen: "De krante!" En doe wie hy der werklik. Dat wie alle jounen sa. Ik hearde 't altyd in healûre fan tofoaren al en nou...
nl.verhalenbank.22018
It wie by de houten brêge to Kûkherne. It stoarme hiel bot. Ynienen hearde ús mem in fremd lûd bûtendoar. Sy gong derút om to sjen, mar der wie neat. Even neitiid woarde it winter. Doe hearde hja it lûd wer. Der stie in ploech jongfolk. Ien fan har hie dat lûd. It wie in fremden-ien.
nl.verhalenbank.21921
As der in pod op jou paed komt, wêz dan op jou hoede.
nl.verhalenbank.21670
Heit syn beppe - myn oerbeppe - wie Sjoerde Gees. Sy wenne yn in âld hûske yn Koatstertille, njonken 't âld tsjerkhôf. Hja wie baekster en bakere altyd by rikelju yn 'e Koaten. Mar hja wist fan tofoaren hwannear't hja komme moest. It gebeurde faek dat hja de jouns op bêd gong en wist, dat hja der de nachts út moest to kreamheinen. Hja sei dan, as hja...
nl.verhalenbank.32426