1,279 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Surhuisterveen
As de klok raer let, komt der mei gauwens ien op 't hôf. Dat is ek it gefal, as der in houn bigjint to spûkgûlen.
nl.verhalenbank.19878
Beppe werkte in bult yn 't werkhûs yn Grinzer Pein. Hja hie fan tofoaren al in pear kear sjoen dat der ien nei 't wetter ta gong. Dat wie in djip baggelgat. De gedaente dy't dêr hinne gong wie ljocht yn 'e klean. Op in kear kom beppe wer by 't werkhûs, doe wie dêr in man fuort. Hy wie net to finen. Hy wie yn 'e ûnderklean fuort gong, hwant de boppeklean...
nl.verhalenbank.25223
As ik oer hynders droom komt der altyd in sterfgefal yn ús famylje. Hwat kalmer as dy hynders binne, hwat langer it duorret mei sa'n sterfgefal. As de hynders wyld binne komt sa'n sterfgefal hiel gau. Dan komme de hynders wyld op my ta. 't Komt altyd út.
nl.verhalenbank.24258
Stammerige Harm syn mem hie in winkeltsje. Op in joun sieten se dêr meielkoar oan 'e kofje. Doe sei 't minske ynienen: "Nou is 't aanst myn tiid." "Hoe dat sa?" sei ien fan 'e oaren. Guon makken der in grapke fan. Ien sei: "Ast it liichste, mast de stok oer de bealch ha." Klokslach tolwe ûre yn 'e nacht die 't minske noch ien snok en doe wie se dea. Sy...
nl.verhalenbank.19889
Skoanheit lei mei kanker op bêd. Hy wie o sa siik. It roan om 't lêste. Doe kloppe der ien bûten op 't glês. Dy sei: "De dood." Doe't se nei bûten gongen om to sjen, wie der net ien. Even letter wie skoanheit wei.
nl.verhalenbank.19885
Myn broer Marten hat us in kear in lykstaesje sjoen. It wie op in joun yn Twizelerheide. Hy gong by dy lykstaesje lâns. Alle minsken dy't achter it lyk oan roannen koed er wol. It wie in man dy't stoarn wie. In skoftsje letter is dy man werklik stoarn. Dat gebeurde sa'n sechstich jier lyn.
nl.verhalenbank.19879
Op in joun seagen wy by de Skieding wylde lantearnen. Dy bleauwen dêr op trije plakken stean. Op dy trije plakken kommen letter twa hûzen en in skoalle. De skoalle stiet der noch, de huzen net mear. 't Wie op 'e Skieding fan Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.25396
By it Bomkleaster yn 'e buert, dêr ha jy de Skalkepaden, dwars troch de lannen hinne. Dêr spoeke in great wyt frommes.
nl.verhalenbank.27231
't Wie yn 'e oarloch. Greate Pier wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy moest by Greate Pier wêze. "Witte jo hwer't er wennet?" frege er. Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en sei: "Dêr wennet er, hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37977
Der sit in monster yn 't wetter. Dêrom mat men by 't donker noait to ticht by 't wetter lâns. Hwant dat lûkt. Dan kin men samar fordrinke.
nl.verhalenbank.26846
Sterke Hearke wie tige sterk. Hy holp de slachters wolris. Harm Thys-jonges fan Surhústerfean wienen slachters. Sterke Hearke moest in dikke bolle by har bringe. Dy stie op stâl en wie frijhwat wyld. Hearke gong der hinne en makke de bolle los. Doe die de bolle in rare slach en smiet Hearke om. Hearke sei: "Stil, beestje." Doe hie Hearke him wol sa goed...
nl.verhalenbank.25397
Myn heit kom fan Lúxwolde yn Grinslân. Hy hat yn Greategast by de boer tsjinne as feint. Doe hied er al forkearing mei mem. De wask brocht er altyd fuort. Dan gong er in smel paedtsje lâns mei klaphekjes. Dat is der nou net mear, dat paedtsje. Op in joun hied er de wask wer nei 't doarp brocht. Hy kom werom en roan dat paedtsje lâns. 't Wie al let. Hy...
nl.verhalenbank.24260
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha dan mat men de klompen achterstofoar foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.22163
In wikseldaelder krigen se fan 'e duvel. Dy groeide altyd wer oan. Se moesten oppasse dat se him noait hielendal útjoegen.
nl.verhalenbank.36076
In tsjoenster wie meastal in âld-minske. Janne Luts wie yn myn bernetiid in tsjoenster yn 'e Boelensloane. Sy brocht altyd hwat by ús, dat moesten wy opite, mar dat doarsten wy net heal to dwaen. In tsjoenster foroare har faek yn in kat. Op in kear hie yn 'e Boelensloane in man in fremde swarte kat by him yn 'e hûs. Hy hat dy kat pakt en slein en der út...
nl.verhalenbank.36062
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin. Dan komt der ien by de doar. It is de duvel. Hy giet by de oaren sitten. Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?" "Né", seit se. "Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Op 'e merke op 'e Like stie froeger in tintsje, dêr siet in swarte spegel yn. De faem dy't dêr yn seach koe har takomstige man sjen. En omgekeard seach de feint syn takomstich wiif. As jo net trouden krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.25235
Tsjoensters forgaderje as katten.
nl.verhalenbank.22214
De Aldehou to Ljouwert is boud op kouwehûden.
nl.verhalenbank.29143
Katten hâldden meielkoar in forgadering. Ik ha 't wolris sjoen. Ien grouwe kat hie de leiding. Dat wie it hoofd fan de binde. Dan gong it op in psalmsjongen. Ik ha 't yn 'e Rottefalle sjoen.
nl.verhalenbank.36063