1,173 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Nijega
Der binne ek minsken, dy ha gjin hart.
nl.verhalenbank.12539
Der kom us in keppeltsje froulju fan 't wjudderslân. Dêr wie ek in âld minske by, dy roan hwat foaroer. Sy gongen in reed del en doe woarde dat âld minske samar ynienen oan kant treaun, sûnder dat ien fan 'e oaren har oanrekke. Sy kom ta fallen. De oaren seinen: "Hoe is 't nou?" "Och ja," sei 't âldwyfke, "dêr wie in lykstaesje." "Hea," seinen de...
nl.verhalenbank.21656
Yn 'e tiid, dat de fûgels fearren en kleuren krigen, woarde ek de pau útrist. Doe't er syn prachtige fearren bisjoen hie, sei er: "Sa is 't goed." Mar dat hied er hwat to gau sein. Hwant doe't er goed by him del seach, doe fornom er, dat er hiele rare poaten hie. Mar doe wie it to let, doe koe it net mear foroare wurde.
nl.verhalenbank.20206
It sweltsje hie nestele yn 't griene hout, dêr't it krús fan Kristus út makke is. Dat wie ûnearbiedich. Dêrom mei in swel noait wer yn 't griene hout syn nêst bouwe. Mar altyd tsjin stien of hout oan dat dea is.
nl.verhalenbank.20212
Op 'e Sumarreheide spoeken trije neakene froulju mei lang hier. Der wie in man dy moete harren. Hy roan hurd fuort, mar de froulju setten achter him oan en se woannen op him. Doe bigong er noch hurder to rinnen. Doe't er thús wie koed er net mear. Hy foel op in stoel del en it swit stroomde him as wetter by de holle del.
nl.verhalenbank.11550
Froeger leinen de lytse bern yn in reiden widze. Dêr siet in tou oan fêst, dêr't de widze mei roeike woarde. Dy't der mei widze die der gauris in knoop yn. Safolle knopen as der yn dat widzetou sieten, safolle bern krigen de âlden.
nl.verhalenbank.11544
Op in kear sieten wy allegear yn 'e keamer. It wie op in moarntiid. It wie o sok kâld waer en der wie net in minske bûten to sjen. Doe rattele der ynienen ien oan 'e foardoar om. Mar der wie net ien. Dy foardoar woarde noait brûkt. Ik sei: Dit hat hwat to bitsjutten. Myn man woarde ridlik gau dêrnei siik en dokter mast komme. Krekt njoggen dagen letter...
nl.verhalenbank.12307
Der wie in fanke, dat soe trouwe mei in roomske man. Sels wie se net rooms. Har heit wie hiel bot op dy trouwerij tsjin. Op 'e dei dat se trouwe soenen hied er in ein peal meinom. Dêr soed er ien fan harren mei deaslaen. Underweis trof de pryster him. Dy soe it jonge pear trouwe. "Man, jo binne wapene. Hwat sille jo?" frege de pryster. De man sei sa en...
nl.verhalenbank.11545
Yn Olterterp by 't Godloas Tolhek spoeken altyd twa om. Dat wienen de adfokaten. De minsken koenen dêr gâns hinder fan ha. Doe ha dêr twa boeren hinne west mei in boerewein, mei twa hynders der foar. En dy ha dy beide spoeken op 'e wein set. Doe binne se mei dy spoeken fuortriden. Mar it ried ôfgryslike swier. De hynders koenen it hast net lûke. De boeren...
nl.verhalenbank.11551
Hwerom de sinne saterdeis altyd skynt: As 't de hiele wike reind hat, matte de soldaten saterdeis har himden droege ha. Dêrom skynt de sinne dan altyd.
nl.verhalenbank.20203
Klean fan in forstoarne binne neat wurdich.
nl.verhalenbank.12299
As Imke de Jong op'e merk kom, dan hied er hoepen by him. Dêr gûchele er hwat met om en dan wie 't in ketting. In skoftsje letter wienen 't wer ringen.
nl.verhalenbank.21653
Hantsjemieren wienen gjin bêste mieren, ha 'k wol ris heard. As it der mar hwat op like, wienen se al tofreden. It gers woarde soms allinne mar hwat platstrutsen. Hja makken ek gjin dikke foeren hea. As de boer by harren kom en se hienen krekt in foer hea op 'e wein set, dan koed er wolris sizze: "Dat is ek net in grou foer, wol?" Dan seinen se: "'t Is...
nl.verhalenbank.20201
Der hat in sémearmin op Burgumerdaem west. Dy fluite sa nou en dan.
nl.verhalenbank.11547
Geane de guozzen 11 novimber troch de iisskossen, dan geane se krysttiids troch 't slyk.
nl.verhalenbank.12304
De nachtmerje komt by de fuotten op en rint sa oan 'e hals ta.
nl.verhalenbank.12310
As 't op Trijekoaningen friest, dan friest it trettsjin wiken letter nòch.
nl.verhalenbank.12305
Der wie in man dy woe wite of it koe, dat wetter yn wyn foroare woarde. Hy hie wetter foar him stean. It wie krysttiid. To middernacht, om tolve ûre krige er antwurd: Heden is het water wijn, maar nu neemt het leven een eind. Doe't se by him kommen wie de man overleden.
nl.verhalenbank.11546
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
nl.verhalenbank.11521
Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel." Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne...
nl.verhalenbank.15814