1,056 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Hellevoetsluis
Myn âlde lju ha faek forteld dat se timmerjen heard hienen yn 'e nacht; dan kom dêr letter op sa'n plak in hûs to stean, mar ik wit net mei hokker huzen as dat it gefal west hat.
nl.verhalenbank.36738
Yn Drachtster Kompenije stiet in grifformearde tsjerke. Foardat dy dêr stie ha de minsken op dat plak al psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.36969
Us heit hat wolris fan tofoaren lykstaesjes sjoen. Letter wie dêr dan de echte bigraffenis. 't Wie oan 'e Noarderdwarsfeart dêr't er dy lykstaesjes seach.
nl.verhalenbank.37119
Yn 'e Harkema, yn 'e Liuwepoel ha se ris in kear 'help' roppen heard. Letter is dêr ien yn forsûpt.
nl.verhalenbank.37101
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen. "Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd. Doe seach er in lykstaesje oankommen. Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
Yn Harkema seagen se ljochtsjes, dy't der yn werkelikheit net wienen. Letter biriddenearden se dat it de foarboaden fan 'e fytsen west ha.
nl.verhalenbank.37099
Anno 1618. hebben wij in dese Landen ghesien de verschricklicke Comeet-Sterre, welckers bittere effecten of beduydinghen/ bykans gantsch Europa gevoelt heeft.
nl.verhalenbank.44946
Der waerden froeger faek wylde lantearnen by de Dwarsfeart sjoen.
nl.verhalenbank.37149
De eerste zwaluw die men in het voorjaar ziet, noemt men het zwaaltje-voorbode, omdat zij schijnt aan te kondigen, dat haar reisgezelschap spoedig zal aankomen.
nl.verhalenbank.69966
Myn omke fortelde, hy roun ris fan Drachten nei Lippenhuzen. Hy wie sahwat healwei Beetstersweach en de Trijehoek, doe gong der him ynienen in wynpûst foarby en krekt as rattele der hwat by him lâns. Trije jier letter ried de tram dêr lâns, krekt op 't selde plak.
nl.verhalenbank.37140
Sels ha wy it faek hawn, dan gong de doar. Dan gong ik der hinne, mar dan wie der net ien by de doar. Mar dan koe men der mar fêst fan op oan dat der even letter ien kom. Dat wie dan in foarboade.
nl.verhalenbank.37687
Wylde lantearnen seagen wy froeger wol faek. Dat wienen de foarboaden fan 'e fytslampen, seinen se.
nl.verhalenbank.37722
Spûkgûlet in houn dan giet er mei koartens ien dea.
nl.verhalenbank.36763
It fjûr as foarboade fan in brân wie hjir yn 'e Harkema algemien. In skoft letter brânde sa'n hûs dan op.
nl.verhalenbank.16859
Een zeemeermin lokte de mensen. Ze werden gesien as der een ongeluk op til was.
nl.verhalenbank.20294
As der op sé ien siik is, komme de haeijen om it skip hinne. Dêr wachtsje se oant dyselde dea is. De haeijen binne op sé de foarboaden fan 'e dea.
nl.verhalenbank.36732
Dêr't in swel nestelt, dêr komt gelok.
nl.verhalenbank.21671
As wy froeger yn 'e Westerein op 'e hoeke stienen seagen wy jouns wolris wylde lantearnen, skean oer de greiden. Dat wienen foartekens fan 'e auto's.
nl.verhalenbank.36277
As der eksters op it hiem kamen bitsjutte dat dat der praters komme soenen. Eksters brochten nijs.
nl.verhalenbank.36706
Komt der in ekster op 't hiem, dan krijt men in prater.
nl.verhalenbank.24510