Guon yn Garyp seagen yn 'e Broek (to Garyp) wylde lantearnen. "Dêr komt in wei lâns", seinen se. It duorre lang ear't it sa fier wie. Mar de wei is der kaem troch ruilverkaveling. Sy ha wòl gelyk krigen.
nl.verhalenbank.32114
Yn 'e Wierren tusken Aldegea en Nyegea en Garyp wie 'k faek oan 't fiskjen. Moarns en jouns ljochte it dêr altyd en oeral. Op 'e selde plakken kommen in jier of trije letter huzen to stean. Yn 'e Earnewarren krektengelyk.
nl.verhalenbank.24625
Op 'e Harste seach ien de lykstaesje fan syn eigen kolbroer.
nl.verhalenbank.24631
Op 'e Gariperheide woarde eefkes foar 1900 wol faek sein: "Sjoch, dêr sweeft hwat hinne." Dat wienen de fytsen, dy't letter kommen (foartsjirmerije).
nl.verhalenbank.24630
Omke Binne seach ris op in joun in bigraffenis. It wie in lykwein mei allegear folk yn rouklean der achter oan.
Hy moest oan kant gean, oars rekken se him. Mar yn werklikheit wie der neat. Letter wie de echte bigraffenis dêr op 't selde plak dêr't omke Binne him sjoen hie. Omke wie doe noch by pake en dy yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32495
Heit fortelde, hy wie ris yn 'e Earnewarren yn 'e Mieden oan 't wurk. Doe seach er ynienen de sinne skinen op 'e blauwe pannen fan in plaets, wylst dy dêr net stie. Doe seach er de pleats yn syn hiele hear en fear. Letter kaem op dat plak de plaets fan Gjert van der Iest to stean.
nl.verhalenbank.32491
Douwe Baeije sei op in moarn: "Der komt wer in deaden. Dat sil Ulkje wol wêze, hwant ús houn docht oars neat as spûkgûlen. Dan sit er mar foar 't lytse finsterke op 'e stoel en sjocht dy kant nei Ulkje hyltyd út."
Baeije hat gelyk krige. Ulkje is koart dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.22793
Spûkgûlen fan in houn tsjut op in sterfgefal. It komt altyd út. As in houn spûkgûlt stjert der fêst ien hiel gau.
nl.verhalenbank.31506
As de klok deadsk lette, seinen se, kom der ek hiel gau in sterfgefal.
nl.verhalenbank.31507
Us mem tsjinne, doe't se noch net troud wie, as boerefaem by Jan Jelkes yn Garyp. "Wy ha 't faek hawn," sei se, "dan hearden wy de wein mei hea oer de telle roljen yn 'e nacht, en dochs wie dat net it gefal."
De oare deis gebeurde dat echt.
nl.verhalenbank.31502
Dikke Sjoerd Koedriuwer (= Sjoerd Dykstra) fan Sumar moest der nachts ek altyd ôf. Dy wie èk mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.20249
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
Op 'e Greate Wielen hearden in soad minsken dy't dêr op 't iis wienen yn 'e foarige ieu ek in stim: Here, Here, wij vergaan! hearden se. Doe waerd der tocht dat dêr noch ris in hiel soad minsken tagelyk fordrinke soe. Mar de Burgumer dichter Tsjibbe Gearts lei it oàrs út. Der wie sein woarn: Ere, ere, wij zijn voornaam, biwearde er.
nl.verhalenbank.31497
Rypke Paulusma wie rider fan ds. v. Herwaarden fan Garyp. Hja rieden us in kear nei Ljouwert om healwei seizen yn 'e winter. Samar ynienen woarde it reau op 'e berm set. Der stie in muorre foar 't hynder, it beest koe net fierder. Dêrom moest it wol oerside.
De doomny en Rypke seagen de muorre allebeide.
Letter kom dêr de tsjintwurdige brêge.
It gebeurde...
nl.verhalenbank.21785
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dat flies moast fuort forneatige wurde, oars seagen se letter lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.31417
Doe't heit in great jonge wie, seach er gleone ljochten oer de heide. En 't wie ek krekt as rattele der hwat oer de heide. Dat wienen foarboaden fan 'e tram dy't dêr letter kaem is.
nl.verhalenbank.32492
Guon wienen mei de helm geboaren. Sokken moesten alles fan tofoaren sjen. Sa'n man wie greate Sjoerd (Dykstra) fan 'e Achterwei to Sumar. Hy wie koedriuwer en moest der nachts soms ôf om nei in lykstaesje to sjen. Oan deselden dy't achter it lyk oanroannen koed er dan meastal wol birekkenje hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.31505
Bearn Dekker (= Boonstra) wie mei de helm geboaren. Hy moest wol gau us yn 'e nacht fan 't bêd. Dan moest er hwat sjen. Hy hat us op in nacht sjoen, dat der in jongfaem, dy't op 'e Harste ûnder Sumar forstoarn wie, nei 't hôf ta brocht woarde.
Hy seach it yn 'e nacht. De hiele bigraffenis, sa klear as by ljochtskyndei. In wike letter woarde dy faem nei 't...
nl.verhalenbank.20248
Antsje wenne to Sigerswâld ûnder Garyp yn in lyts húske njonken de koaipleats. Antsje fortelde: As ik op bêd liz, sjoch ik allegear ljochtsjes, twa rigen, de kant út nei Ljouwert en de kant út nei Earnewâld.
Hja hat it goed sjoen. Letter kaem dêr de snelwei fan Drachten nei Ljouwert en de wei nei Earnewâld, dêr't de auto's lâns stouden, mei jouns de...
nl.verhalenbank.31623
Yn Sigerswâld ûnder Garyp is it gebeurd dat in jongfeint oer iis yn in wek ried en fordronk. Krekt fan tofoaren hienen guon heard dêr op dat plak út it wetter wei: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
nl.verhalenbank.32119