Wylde lanterens dat was it feurspoek, dat was hier ook wel. Loater komt der wat.
nl.verhalenbank.24391
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
De jouns fan tofoaren foardat de fjouwer plysjes troch IJe Wykstra fan Greategast deasketten waerden wie de loft alhiel read. Dit hat in foarboade west fan it bloedbad.
nl.verhalenbank.37442
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
nl.verhalenbank.32015
Myn man, dat wie Ingbert Bijma. Dy syn swager seach froeger ris in ljocht yn 'e Parken, dat biweegde. Letter wist er hwat dat bitsjut hie. It hie de foarboade west fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten ried.
nl.verhalenbank.37999
Froeger seach men hjir op 'e Skieding hipljochtsjes.
Dat wienen foarboaden fan 'e huzen dy't der letter kamen.
nl.verhalenbank.32298
De bigraffenissen sjoch ik altyd by nacht. Dat is de foarboade fan 'e dei. Meastal stean 'k oan 'e kant yn 'e barm, en dan gean se foarby. Dat duorret mar even. Op syn langst duorret it dan noch trije dagen, dat se komme mei 't lyk.
Ik wurd net kloppe. Ik wurd twong om der út. Ik bliuw noait lizzen.
Ik bin nou sawn en tachtich. Ik gean der nou net mear...
nl.verhalenbank.24123
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn.
Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr.
Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme.
Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.32017
Yn de Pein ha wol guon west, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen fan tofoaren lykstaesjes, mar ik wit der gjin foarbylden fan to neamen.
nl.verhalenbank.31918
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme.
Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert.
Hja wie mei de helm geboaren. hja...
nl.verhalenbank.32014
As de houn spûkgûlt dan leit der ien op stjerren. Wy ha 't hjir hawn dat hjir njonken de dochter forkearing hie mei in feint. Mar doe rekke dy forkearing yn 'e hobbel. De feint wie fan plan har dea to sjitten. Hy rekke har, de kûgel gong troch de hals hinne, mar sy wie net dea.
Fuort dêrnei skeat er himsels dea. It fanke is wer better woarn.
De jouns fan...
nl.verhalenbank.32299
Wy sieten froeger altyd achter in ljochtsje oan jouns. Joun op joun wie dat ljochtsje dêr. 't Wie op Topweer.
Omke sei: "Tink der om, dêr komt skielk in wei."
En hy hat gelyk krigen. Dêr is letter in hurde wei kaem.
nl.verhalenbank.31930
Myn âlde lju ha faek forteld dat se timmerjen heard hienen yn 'e nacht; dan kom dêr letter op sa'n plak in hûs to stean, mar ik wit net mei hokker huzen as dat it gefal west hat.
nl.verhalenbank.36738
Yn Drachtster Kompenije stiet in grifformearde tsjerke.
Foardat dy dêr stie ha de minsken op dat plak al psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.36969
Us heit hat wolris fan tofoaren lykstaesjes sjoen. Letter wie dêr dan de echte bigraffenis. 't Wie oan 'e Noarderdwarsfeart dêr't er dy lykstaesjes seach.
nl.verhalenbank.37119
Yn 'e Harkema, yn 'e Liuwepoel ha se ris in kear 'help' roppen heard. Letter is dêr ien yn forsûpt.
nl.verhalenbank.37101
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen.
"Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd.
Doe seach er in lykstaesje oankommen.
Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
Yn Harkema seagen se ljochtsjes, dy't der yn werkelikheit net wienen. Letter biriddenearden se dat it de foarboaden fan 'e fytsen west ha.
nl.verhalenbank.37099