Frijmetselers helpe elkoar altyd. As se trije kear holpen ha, en 't jowt noch neat, dan wurdt sa'n ien formoarde. Hja jowe noait de hiele hân, mar altyd twa fingers.
nl.verhalenbank.24434
Oan 'e Lytse wei tusken Harkema en Droegeham is us in kear in frou formoarde woarn. Op dat plak stie in beam mei in krús der yn. As se dy beam ôfkapten en hy sprute wer út, dan kom altyd dat krús der fansels wer yn.
nl.verhalenbank.27049
Oan 'e Mûzegroppewei is alris in moard gebeurd. Sytse Batema hat syn dochter de hals útsnien. De bloedplakken komme altyd wer as men prebearret se út to wiskjen.
nl.verhalenbank.27256
As der ergens in moart gebeurt, krijt men de bloedplakken der noait wer út.
nl.verhalenbank.25238
Der wenne in âld minske oan 'e Lytse Wei, dy is dêr formoarde woarn. Sy ha doe in krús op 'e beam set. Sûnt spoeke dat âlde minske dêr altyd om. Forskate lju doarsten dêr jouns net mear lâns komme. It krús bleau dêr altyd yn. Woarde de beam omkapt, dan kom it krús wer yn in nije loate.
nl.verhalenbank.27247
Ik ha wol us heard dat guon yn 'e kroech it heilich avondmael fierden en dat har nei ôfrin de nekke omdraeid woarde. Hwer't it gebeurd is, wyt ik net.
nl.verhalenbank.27043
By de Batema's op 'e Mûzegroppewei, woe 't bloed noait wer út 'e flier wei nei de moart.
nl.verhalenbank.22081
Wy wennen yn in hûs yn Limburch yn Geleen. Myn man hat dêr yn 'e minen west. 't Wie in great hûs. Wy joegen der f 19.25 hier yn 'e maend.
Der wenne in Dútse frou njonken my. Die sei tsjin my: "Haben Sie keine Angst?"
"Né," sei 'k, "hoedat sa?"
"Es spuckt da in das Haus."
"Ik bin net bang", sei 'k.
Doe't wy de nachts op bêd leinen, gong 't der oan wei yn...
nl.verhalenbank.24259
By 't Blauhûs mat froeger in moart gebeurd wêze.
Letter spoeke dêr altyd in wite juffer.
Guon seagen dêr dy wite juffer al us rinnen. Sy woarden bang en roannen by Douwe Wynalda yn, dy't dêr tichteby wenne.
Doe Douwe der út. Hy nom it jachtgewear mei. Hwant Douwe gong wol us op 'e jacht.
Hy seach de wite juffer ek en hy woe der op sjitte.
Mar 't gewear...
nl.verhalenbank.22054
Hjir flak by op it Ketting is in lyts loantsje. Dêr kommen de âldere minsken noait del. Sy wienen dêr bang foar, hwant it doogde dêr net. In sekere feint, dy't by syn mem yn wenne, kom ris út 'e kroech. Smook hiet er. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan mei 'k him sjen en dan mei er my de kop omdraeije." 't Wie in opskepper en in nuveren. Hy wie...
nl.verhalenbank.26845
Even bisuden Ljouwert stiet in greate plaets, dat is it Barrahûs. Dêr stiet it beeld fan in soldaet op it hiem.
In keardel fortelde my us hoe't dy dêr kom is.
Op in joun hie der in soldaet by de boer oankloppe, dy frege om ûnderdak foar de nacht. Dat hie de boer goed foun.
In skoft letter hienen der nòch twa frege om ûnderdak, dat wienen in man en in...
nl.verhalenbank.27041
Der wie in faem, dy wenne by de boer.
Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek."
De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin.
Dan komt der ien by de doar. It is de duvel.
Hy giet by de oaren sitten.
Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?"
"Né", seit se.
"Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Myn suster hie in dochter, dat wie Jitske Spoelstra. Dy troude mei in herfoarme dûmny. Sy wie in jong frommes, hy in âld keardel. Sy wennen yn Hollân. Sy soenen op in kear nei myn suster op 'e Houtigehage ta to jierdeifieren.
Sy wienen togearre op it Amelân. Hy smiet har yn 'e sé. Dêr hat er har krekt salang achternei sitten en har holle ûnder wetter...
nl.verhalenbank.22216
Der wie us in reizger to Jistrum, dy moest us in skoft wachtsje op 'e wein dêr't er mei ride soe.
Om de tiid om to krijen gong er nei 't tsjerkhôf ta. Doe't er dêr hwat omkuijere, woarde er in deadsholle gewaer, dy siet noch heal yn 'e groun wei.
Hy nom him der út en doe seach er dat der in rustige spiker troch de skedel hinne boarre siet.
De reizger lei...
nl.verhalenbank.20995
Yn 1876 waerd op 'e Burgumerdaem in sikere Berghuis fan Stroobos formoarde troch Makke Paulusma fan Sumar. De bloedtaesten op it glês ha der noait wer weiwold.
nl.verhalenbank.15798
Oan 'e Boskwei stie in hûs, der spûke it altyd yn. Sy wolle wol ha, dat dêr yndertiid in poep yn formoarde woarn is en dat dy dêr yn spûket.
nl.verhalenbank.28562
By it Bomkleaster yn 'e buert, dêr ha jy de Skalkepaden, dwars troch de lannen hinne. Dêr spoeke in great wyt frommes.
nl.verhalenbank.27231
't Wie yn 'e oarloch. Greate Pier wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy moest by Greate Pier wêze. "Witte jo hwer't er wennet?" frege er.
Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en sei: "Dêr wennet er, hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37977
Ik molle froeger gauris. 'k Wie op in kear fan hûs, ik siet yn 'e buert fan Almelo. Dy deis hie 'k gjin sin oan moljen. It wie krekt as drukte my hwat.
Der kommen in pear eksters by my, dy skatteren hyltyd om my hinne. De jouns krige ik in tillegram. Myn heit wie slim siik, ik moest thúskomme. De eksters wienen de boaden.
nl.verhalenbank.26852
Der sit in monster yn 't wetter. Dêrom mat men by 't donker noait to ticht by 't wetter lâns. Hwant dat lûkt. Dan kin men samar fordrinke.
nl.verhalenbank.26846