17,837 datasets found
Dutch Keywords: vermoorden Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
Op 'e Goudberch - tusken de Noarderdwarsfeart en Drachtster Kompenije - spoeke in berntsje. Dat wie dêr froeger formoard woarn, seinen se. Nachts tusken tolve en ien ûre kom it op 'e lappen. Dan bigong it to razen.
nl.verhalenbank.27263
Yn Hurdegaryp stie in slot, dêr stie in hekke by. As dy hekke jouns op slot dien woarde, wie er de oare moarns altyd wer iepen. Se koenen dy hekke net op slot hâlde. Froeger mat dêr in kasteel stien ha en dêr is doe ien formoarde woarn. Dyselde hie dêr paed. Dêrtroch gongen dy hekken iepen.
nl.verhalenbank.28529
Hinke Kaert wie kaertlizter op Nijebrêge. De duvel hat har de nekke omdraeid. Hja lei op in kear mei de nekke omdraeid yn 'e keamer.
nl.verhalenbank.27279
Oan 'e Lytse Wei stie froeger in beam mei in krús der yn. Dêr wie in âld-minske formoarde woarn. Dat krús bleau dêr altyd yn sitten. Kapten se de beam om dan sprute dy wer út en 't krús kom der wer yn.
nl.verhalenbank.28283
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei is in moart dien. De bloedplakken ha se net wer út 'e flier krije kind. Dienen se der in nije flier yn, dan kommen dy plakken dêr yn.
nl.verhalenbank.28284
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106
Frijmitselers binne kûgelfrij. Ien dy't hwat oars wie as oars, dy't mei de boaze hwat út to stean hie, dat wie in frijmitseler. Dy't ien kear frijmitseler is mat it altyd bliuwe. Hwant as jy it wurde matte jo in kontrakt tekenje mei eigen bloed. Dy't der by wei wol wurdt deamakke. Sy matte in skoft yn har eigen kiste lizze.
nl.verhalenbank.25814
Op 'e Skieding (by Grinzer Pein) is us ien formoarde. Myn wiif komt dêr wei. De post kom by ús en fortelde 't. Wy der hinne. It minske lei yn 'e kelder. Sy hienen har mei in bile de holle ynslein. Der sieten bloedplakken op 't sket. Dy koenen se der net wer wei krije. Mei gjin semint. Dy bleauwen sitten.
nl.verhalenbank.23939
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Hja mat op syn minst ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan, hwant sy is yn 'e macht fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.28159
Yn 'e Surhuzumer Mieden ha se in âld-minske formoarde. Dat dienen se mei in swiere skoech; dêr sloegen se har mei op 'e holle. Ik wie dêr oan 't meanen. 't Wie allegear like stil. Doe hearde ik ynienen ien lûd razen: "O Minse! O Minse!" Ik der hinne. 't Wie allegear bloed. Dat siet tsjin 't sket op en oer de flier. Mei wriuwen en wriuwen ha se prebearre...
nl.verhalenbank.25502
Oan 'e Mûzegroppewei hat yndertiid Sytse Bates syn dochter formoarde en himsels to koart dien. Sy koene letter it bloed net wer út 'e flier en út 'e muorren krije. As se it der wei fagen kom it der letter altyd wer yn.
nl.verhalenbank.28526
Op 'e Mûzegroppewei by 't Wytfean hat Sytse Bates syn dochter de hals útsnien. It bloed woe noait wer út 'e flier wei. Setten se der in nije planke yn, dan kom it bloed dêr ek wer yn.
nl.verhalenbank.26105
Hoe't de namme Spekloane ûntstien is: It wie froeger Stekloane, en dy loane is sà oan syn namme kom: Der wie us in skearsliper dy gong mei syn skearsliperskroade de kant nei Rottefalle út. Hy soe yn Rottefalle oernachtsje. 't Wie al donker. Hy wie omtrint oan 'e ein fan 'e Langewyk ta, doe woarde er oanfallen troch twa rovers, dy woenen him fan syn jild...
nl.verhalenbank.21432
Fan sawn jonges yn in húshâlding, mits se op elkoar folgje, is ien in wjerwolf. Fan 'e sawn famkes is ien in wjerwolvin. In wjerwolf is in manspersoan. Dy mat sa nou en dan hwat toroppe of ien deameitsje. In wjerwolf, dêr binne se noait by fortroud. In wjerwolvin wie in mannehater. De wjerwolf en de wjerwolvin koenen troch de allerlytste gatsjes by de...
nl.verhalenbank.27267
Hinke har omke wie Gjalt, dy hie in frou, dat wie in Ingel. Ingel wie siik en sy masteren mei Frânse Hinke. Mar Hinke koe har net better krije. Ingel stoar. Doe gong it praetsje, dat Frânse Hinke hie har forjown. Sy wie forgiftige troch har, seinen se. De dei dat Ingel begroeven wurde soe kom der in telegram, dat sy moesten de kiste stean litte. It lyk...
nl.verhalenbank.23762
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien en doe himsels fan kant makke. Der spatte bloed op 'e bêdsté-doarren en der kaem bloed op 'e flier. Dat bloed ha se noait wer út it hout weikrije kind. Dat kaem omdat it moardners-bloed wie, waerd der sein.
nl.verhalenbank.32243
De frijmitselders binne allegear oan 'e duvel forkocht. Om 'e sawn jier mat der ien fan harren dea. It lot bislist hwa't dat wêze sil. As jo jo as lid net oan 'e rigels hâlde, wurde jo deamakke. De frijmitselders krije in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.28294
Moard op 'e Mûzegroppewei (S Batema) : 't bloed, dat net útwiske wurde kin. Rymke: Sytse Bates, dy wie gemien. Dy hat syn dochter de hals út snien.
nl.verhalenbank.17603
Hjir by de nije brêge is ek us ien deastutsen woarn. Mei gjin mooglikheit koenen se dêr it bloed forwiderje. 't Kaem altyd wer.
nl.verhalenbank.17604
Tichte by Nyegea ha in heit en soan twa âlde minsken formoarde. De soan hie by de minsken as feint wenne. It bloed dat der op 'e muorre kom, ha se der noait wer wei krije kind.
nl.verhalenbank.19307