Bloedplakken dy't by moard ûntstean, wolle der noait wer ôf.
nl.verhalenbank.24646
Yn Earnewâld wie op in moarn bitiid in man bûtendoar, 't wie noch skymrich. Doe seach er in fanke foar him op rinnen. Hy seach dat se yn 't wetter, flak foar him, weiwaerd. Doe't hy der by kaem, wie se der net. Hwer't se bleau wie him in riedsel.
nl.verhalenbank.31790
Dêr stie de Ferkearde
Alde Folkerts Antsje, dy wenne dêr efter op 'e Tike. Se wie, tink ik, sawat yn 'e midden fan 'e foarige ieu berne. Dy hie altyd ferhalen oer de duvel. Se moast dan yn har jonge jierren faak fan 'e Tike nei de Pein om boadskippen. Doe wienen dat noch houtsjepaden en dan de Tikefeart dêr lei in lyts houten brechje oer. 'En op dat...
nl.verhalenbank.12960
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514
Tsjin kinkhoast mat men brune tar op in komfoar mei hite koallen siede litte. Binnen seis dagen is de kinkhoast oer.
nl.verhalenbank.20266
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha.
Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Op 'e Achterwei yn Sumar, dat yndertiid in sânreed wie, spûke in grouwe swarte houn. Hy kom by de minsken en woarde ek samar fansels wer wei.
nl.verhalenbank.20391
Folkerts Antsje wenne op 'e Tike. Hja is wol 40 jier dea. Hja wenne oan 'e Susterwei op 'e Skieding. Elke saterdeijoun moest it minske nei Nyegea om boadskippen. Dêr hie se in great hekel oan, hwant dan moest se oer in brechje dat oer de Tykster feart lei en dêr spûke it. Dêr húsmanne de duvel.
Op in kear hie se wer nei Nyegea to boadskipjen [west], doe...
nl.verhalenbank.32156
Myn bruorren Tamme en Wytse hienen elk in faem yn Drylst to wenjen. Dêr hienen se ris togearre op 'e fyts hinne west. Doe't se weromkamen yn 'e neinacht, doe wienen se sahwat oan 'e Wergeaster mar ta, by Idaerd, doe hie Wytse ynienen sein: "Sjoch, dêr is in fanke, dy rint dêr by 't foarste tsjil fan myn fyts lâns."
Fuort dêrnei hie Tamme itselde fanke...
nl.verhalenbank.31902
Us mem fortelde, hja soe op in kear in prater ha.
Dat wie Hinke-muoi, dy wenne by it tolhek to Sumar.
Hja hienen ôfpraet, hja soenen elkoar tomjitte rinne. Us mem roan de Burgerreed del. Doe seach se Hinkemuoi oankommen. Doe't se by de hekke wienen sahwat op healwei sei mem tsjin Hinke-muoi: "Kom, dêr wiest al." Hja hie 't net sein of hiele Hinke-muoi wie...
nl.verhalenbank.31483
As in minske fan 'e sângroun nei de klaei ta giet, dan kriget er binnen trije dagen de koarts. Mar dat is neat. Binnen tsien dagen is er it wer kwyt. Hy mat dan hinnegean en yt de giele hartsjes op fan 'e koeblommen. De earste dei ien, de twadde dei twa, ensfh. De tsiende dei tsien. Dan is de koarts fuort. Mar dan mat er nòch tsien dagen achter elkoar...
nl.verhalenbank.20265
Age Bergsma (wennet nou op 'e Sweach) seach ris op in nacht trije dames, alhiel yn 't wyt, hjir deun by. Hja gongen oerdwars. "Doe't ik der oan ta wie," sei er, "wie der neat mear."
nl.verhalenbank.20395
In pleachgeest is in soart fan nachtmerje. Heit wenne as boerefeint by Piter Algra. Hy slepte yn 't bûthús. Dêr stienen fjouwer hynders op 'e stâl. Ien fan dy hynders hie altyd lêst fan in nachtmerje. Op in nacht makke dat hynder sa'n leven dat heit woarde der wekker fan. Heit gong der ôf en stuts de lantearne oan. It hynder wie dweiltrochwiet fan swit....
nl.verhalenbank.12257
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
Ruerd Veenstra is letter troud en hy kom yn 'e stêd to wenjen. Op in snein kochten hy en syn maet in glês bier yn in kroech. Dêr siet doe krekt in roerich ploechje jonkfolk. Dy wienen och sa lestich. Hja hellen de messen ta de bûsen út en wienen drok en healwiis.
't Bigoun Ruerd to forfelen. Ruerd sei tsjin syn maet:
"Ik hie der wol sin oan om dat folkje...
nl.verhalenbank.36248
By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek.
Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it.
Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.
nl.verhalenbank.36261
Tjille Kaert wenne op 'e Gerdyk yn in lyts skipke. Sy koe kaertlizze. Wibe hat der ris hinne west. Syn nicht Pytsje wie by him.
Wibe wie hwat oansketten en sei: Dit is myn faem. In kreas frommes, net? (Mar dêr wie neat fan oan) Tjille sei: Dat is jou faem net en likemin jou frou. Ik wol jo de kaert net lizze, jo meitsje my hwat wiis. Sy hie it dus wol...
nl.verhalenbank.12248
Der wie in feint, dy tsjinne by in boer. Nachts wie der altyd in wyt hynder, dat kom by syn bêd. Dêr moest er nachts altyd op ride.
It jongfeintsje wie dêrtroch oerdeis altyd tige warch en sliepprich. Doe sei er dat tsjin 'e oare feint dy't ek by de boer tsjinne.
Hy sei: "Der is altyd in wyt hynder, dat mat ik útride."
Doe sei dy feint: "Dû mast mei dat...
nl.verhalenbank.36263
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.36262