Piter Alka plichte wol gau us by ús to kommen. Hy fortelde, dat by de grouwe beam (betonwei) dêr siet nachts ien to jildtellen. 't Wie in spoek. As men de egen der even ôf hie, dan wie 't ek samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.22253
Us mem lei op it stjerbêd. Ik en Abraham Hindriks Tryn sieten togearre to naeijen oan in jurk fan Tryn. Hindrik fan Jouke Tseard wie der ek by, dy hie in sekfol hea forkocht.
Doe kom der samar ynienen in frommes mei in swarte hoed op ta de gong yn en dy gong der ek sa wer út. By de hage woarde se wei, krekt as sakke se yn 'e groun.
nl.verhalenbank.12356
By Sytse Batema oan 'e Mûzegroppewei is yndertiid us in moart dien. It bloed ha se dêr noait wer út 'e flier wei krije kind, it kom der hyltyd wer yn.
nl.verhalenbank.21228
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes.
Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
Oan 'e oare kant Hindrik en Hil oan 'e Lytse Wei stiet in beam mei in krús yn 'e stamme. Dat krús is der fansels yn kom, sizze se. Dêr is yndertiid in frou formoarde woarn.
As dy beam ôfkapt woarde en hy kom letter wer op, dan kom dat krús der ek altyd wer fansels yn. Ik ha 't wol faek sjoen doe't wy noch fan dy bern wienen.
nl.verhalenbank.24339
Willem Ophuis dat wie in omke fan my. Dy hie nei syn broer Piter nei Eastemar ta west. Op 'e joun kom er werom. Op 'e Swarte Wei kom der in fôlle achter him oan. Dy fôlle hat oan 'e Harkema oan syn doar ta mei him roan. Doe wied er ek samar ynienen fuort. Dat hat de duvel west.
nl.verhalenbank.12349
Oan 'e Lytse Wei is in dyk mei ikebeammen.
Op ien fan dy beammen is in krús. Dat giet noait wer út dy beam wei. Sy ha de beam wol omkapt, mar it krús kom der like goed fansels wer yn.
Sy ha dêr us in frou formoarde. Dêr is dat krús doe troch ûntstien.
nl.verhalenbank.22710
Us heit hie in ôfgrysliken lêst fan stienswolms. Hy wie skjin forlegen en koe se noait kwyt wurde. Doe joech ien him de rie, hie moest nei 't tsjerkhôf tagean en dêr in deabonkje wei helje. Dat moest er skraebje en dat yn 'e brij dwaen. Dat hat er dien en doe joegen de swolms har del.
nl.verhalenbank.12367
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
Alde Hindrik Pyk en Ot wennen yn 'e Smoarhoeke.
By Sije Veenstra wie us in kear in greate, grouwe kat. It wie in fremde kat. Sije hie it net op it beest bigrepen en smiet der op. Hy rekke him ek, mar de kat wie samar ynienen geweken, sûnder dat Sije sjen koe hwer't er bleau.
De oare deis kom er Hindrik Pyk tsjin. Dy syn holle wie hielendal blau en opset....
nl.verhalenbank.21463
By de grouwe ikene beam oan 'e betonwei spûket it. Dêr rint in wite gedaente om. Alde Aen Klokje (= Aen Alma ^) hat him sjoen.
Navend, sei Aen.
Mar hy hie neat sein.
Hâld dy de bek dan, sei Aen batsk.
Doe seach er om en de hiele wite gedaente wie fuort.
Doe wie Aen bang woarn en makke er gau dat er thús kom.
nl.verhalenbank.15888
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan.
Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Der wienen in feint en in faem, dy wienen togearre út to riden.
Underweis lei de feint de swipe del en hy liet it hynder stilstean.
De faem sei tsjin 'e feint: "Hwat silstû?"
"Jow my de bûsdoek", sei er. Doe joech se him in reade bûsdoek. Dêr gong er mei fuort.
Doe't er in skoftsje fuort west hie, kom er werom. Doe hied er de reade triedden fan 'e bûsdoek...
nl.verhalenbank.23534
Tsjip van der Bij wie in goddeloas man. Hy wie us in kear oan 't houtkappen. It wie stellen hout. Hindrik van der Veen wie der ek by. Se wennen beide yn 'e Harkema.
Doe wie der in fremde kat oankom en dat dier dat streake Tsjip hyltyd mar by de fuotten lâns.
Tsjip sei: "Gean wei, kat." Mar doe't er dat net oprêdde koe, hat er de bile nei de kat smiten....
nl.verhalenbank.21388
Bontsje van Dyk wie smid yn de Ham. Dêr wie in rymke fan:
Bontsje van Dyk
is de duvel gelyk.
Der wie eins net ien dy't Bontsje lije mocht. Sterke Hearke hat us in grap mei him úthelle. Hy kom by Bontsje lâns krekt wylst dy yn 'e hûs wie om kofje. Hearke giet stikum de smidte yn en tilt it swiere ambyld der út. Dat set er oan 'e kant fan 'e wei del.
Doe't...
nl.verhalenbank.15885
Op 'e Mûzegroppewei is yndertiid in moart gebeurd. De bloedplakken dy't der doe kommen, wolle net wer út it sket wei, dy komme der altyd wer yn.
nl.verhalenbank.17708
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
Doe't Piter (Piter is har man) noch by my kom (tidens de forkearing) gong er op in kear even nei tolven by my wei. Syn âlden wennen yn in keetsje hjir net fier wei. Doe't er omtrint thús wie, tocht er: Der binne guon by ús op 't paedtsje. Mar hy koe se net ynhelje. Hy seach trije minsken en 't like him sa ta dat it syn heit en mem mei syn suster Iebel...
nl.verhalenbank.15876
Us âlde beppe wie yn tsjinst by de boer. Dêr tsjinne ek noch in oare faem by dy boer. Dy faem hie forkearing mei in feint, dy't op sé fard hie.
Op in kear doe nom dy feint har in koeke mei.
Dy koeke die de faem yn ien fan 'e koperen earnamers, dy't oan 'e souders hongen, yn 'e keuken.
Doe sieten se dêr in kear to iten. Beppe sjocht omheech en dy iene...
nl.verhalenbank.23907
Heit wie op 'e klaei to sichtsjen. Doe krige er dêr de koarts. Hy gong fuort by 't sichtsjen wei.
"Matte jo nei hûs, Jan?" sei ien fan 'e sichters.
"Ja," sei heit, "ik kin hjir net bliuwe. Ik trilje der oer, sa slim haw ik de koarts."
"Dan matte jo njoggenderlei hout opsykje en dat yn 'e bûse dwaen."
Heit hat dat dien. Dy houtsjes woardden stadichoan wei,...
nl.verhalenbank.16825