1,460 datasets found
Dutch Keywords: verdwijnen Place of Narration: Kollumerzwaag
Der rint in paedtsje fan Sweagerfean nei de Triemen ta, dêr roan by nacht altyd in fôlle mei in houten kop.
nl.verhalenbank.24060
Ik en myn broer wienen us mei in pream yn 't ûnlân achter de Broek sahwat tusken Readtsjerk en Feanwâlden om hea. Doe seagen wy in wylde lantearne. Dy sweefde al mar hinne en wer. Nou wied er hjir en dan wer dêr. Ik sei tsjin myn broer: "Ik woe dat dat ding hjir by ús kaem. Dan koenen wy trocharbeidzje." Hwant it wie in sterk ljocht, dêr't wy wol by sjen...
nl.verhalenbank.24706
Tsjoensters kinne troch alle gatten en kieren komme, èk troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.24712
Stammerige Harm koe tsjoene. Syn mem wenne oan 't Wyldpaed, dy hie in winkeltsje. Dêr wie in swart buordtsje yn dat winkeltsje, dêr stie mei wite letters op: Hendrikje van Assen, ik woon hier aan de weg. Wat heb ik meer te wensen: de zegen van de Heer en nering van de mensen.
nl.verhalenbank.24074
Der rint in ûnderierdske gong fan Feankleaster nei Westergeast. Westergeast hie froeger in roomske tsjerke en yn 't slot to Feankleaster wennen froeger ek roomsen.
nl.verhalenbank.29550
Ik ha wolris heard dat hjir pleachbeesten west ha, dy't yn 'e nacht mei de minsken oproannen.
nl.verhalenbank.24070
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Op in nacht, doe't wy op bêd leinen, kaem ús petroaljelampe del. It wie in Belgyske brander. Wy woarden ôfgryslikste kjel. Alles wie op 'e tafel delkaem, mar it nuvere wie, der wie neat stikken. It glês wie hiel, de par wie hiel, de ballon wie hiel. Hoe koe dat - hwant de leaden bol, dy't flak boppe it glês hong wie ek delkom. En it fremdste wie, de...
nl.verhalenbank.16997
To Twizelerheide lei yn 'e nacht in man op bêd. Doe seach er, dat der in kiste by him ta 't hûs yn brocht woarde. Hy tocht: "Soe ik dêr yn matte." Mar in wike of hwat letter kom der in dochter út 'e Hamsterheide by him útfanhûs. Dy kom dêr ûnforwacht to forstjerren. Sy brochten de kiste ta de keamer yn krektlyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.15736
As de sémearminnen sjonge dan komt der min waer. De fiskers ha 't min op 'e sémearminnen bigrepen. 't Is in min teken, as se har sjen litte.
nl.verhalenbank.25193
Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf. Dy byt altyd.
nl.verhalenbank.25187
Op 'e Lytse Wâl ûnder Lutjewoude koe net in skip oan 'e wâl lizzen bliuwe. De skippen gongen dêr altyd los. As se it anker útsmieten, dan kom dat altyd werom. 't Gebeurde soms wol trije kear. Dêr woe net in skip fêst bliuwe.
nl.verhalenbank.25839
Hjir wenne in âlde widner. Al gauachtich nei't syn frou stoarn wie sei er: "Myn frou hat hjir hjoed ek wer west." Hja kaem nou en dan by him.
nl.verhalenbank.37346
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.
nl.verhalenbank.37352
Deselde kedde ried in kear mei dong fan 'e skerne. It dongsté wie tige glêd. It dier koe noait de wein mei dong út it skerngat krije. Hy gliid hyltyd út. Dat gebeurde wol fjouwer kear. Doe koe pake it net langer oansjen. Mem seach dat er de kedde foar de wein weihelle en dat er de hannen oan 't tiksel sloech en alhiel allinne de wein út it skerngat luts.
nl.verhalenbank.32216
Dy't op snein geboaren binne, binne knoffelbânlizzers.
nl.verhalenbank.24892
Trapet men op in tongerslak, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.24893
Achter Kollum kamen ris op in joun twa rovers, dy't der op út wienen om âlde minsken to formoardzjen en to biroven. Hja kamen by in âlde boer en fregen of se dêr ûnderdak krije koenen. De âlde boer sei: "Jimme kinne hjir wol bliuwe fannacht." Even letter kamen der twa dragonders op hynders. Dy woenen ek graech ûnderdak ha. Dat koe ek gebeure, de âld boer...
nl.verhalenbank.37384
Ek in kear doe siet der in murd yn in hoale. Pake die in bûsdoek om 'e hân en helle sa de murd der út. Hy knypte sa bot, dat hy tocht: nou is er wol dea. Mar ûnderweis hat de murd him noch biten. Doe't er thús wie meat er de murd. Hy wie 6 tegeltsjes lang.
nl.verhalenbank.32217