1,460 datasets found
Dutch Keywords: verdwijnen Place of Narration: Kollumerzwaag
Jierren letter wienen ik en myn broer us yn Kûkherne. Wy soenen dêr in stik lân meane. Dat wie tichte by 't hûs dêr't dat wiif wenne dat doe in boskje fodden wie. It wie moai gers, mar der roan in paed troch, dêr wie 't alhiel plat trape. It wie skande fan 't gers. Ik sei tsjin myn broer: "Dat hat dat âld-wiif dien. As ik har hjir seach, dan sloech ik har...
nl.verhalenbank.25182
Tichte by Warffum stie in greate boereplaets, in bouplaets mei greate skuorren. Yn dy skuorren slepten de minsken dy't simmerdeis by him arbeiden. Dat wienen ek minsken út 'e Westerein en út oare plakken lyk as Harkema ensa. In hiel protte hienen har nammen dêr yn 'e sketten kerfd mei in mes. Miskien binne dy dêr nòch wol. De boer fan dy plaets hiet fan...
nl.verhalenbank.32213
Hjir yn 'e Dôlle mat in gat wêze, dat is ûntsettend djip. Dêr mat ris in klok yn slingere woarn wêze. Soms let dy klok noch.
nl.verhalenbank.37343
Myn omke, Jan-om, tsjinne yn Grinslân by in boer. Jan-om wie in raren ien, dy stie nergens foar. Dat wie algemien bikend. Dêrom praetten guon ûnder inoar ôf, hja woenen him ris bang meitsje. Doe wie der ien by 't tsjuster op in dongpost stean gong mei in wyt lekken om. Doe wie Jan-om thús kaem en dy seach dat. Hy bleau stean en sei: "Een spook op een...
nl.verhalenbank.37357
Bouden se froeger in tsjerke en de groun wie sacht, dan brûkten se in koehûd as founemint.
nl.verhalenbank.37380
Der wie in man, dy trof in houn yn 'e nacht. 't Wie in swarte houn, dik en grou. Hy woe dy houn fuort ha. Doe smiet er mei in stien op dy houn, mar dy houn gong net út 'e wei. Doe't er smièt hie dy houn in pear hiele gleone egen. 't Wie in pleachbeest. Doe woarde dy man bang en naeide út.
nl.verhalenbank.24897
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs. Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen. Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije. Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders. Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
As se froeger in menistetsjerke bouwe woenen en hja wisten net op hokker plak, dan lieten se in reabonte koe los. En dêr't dy koe dan lizzen gong, op dat plak bouden se de tsjerke.
nl.verhalenbank.37381
Yn Driezum dêr is ris ien by de tsjerkedoar stean gien mei in wyt lekken op. It wie jountiid en hy woe ien bang meitsje, dy't dêr lâns moest. Doe't dy der oankaem bleau er stean en sei: "Ien spûk ha 'k wolris sjoen, mar noait twa op elkoar." Deselde dy't him bang meitsje woe wie stoarn fan skrik.
nl.verhalenbank.37356
Anne Veenstra (Anne Carro seinen se tsjin him) dy fortelde my doe't ik in jonge wie fan in jier of alve, tolve: "Ik kaem de Wedze del fan Sânbulten nei Twizel. Dat wie doe noch in sânwei. Doe't ik oan 'e diken ta wie - dêr't de diken bigjinne - kaem der in greate walfisk op my ta. Doe't er hast oan my ta wie skeat er oer de beammen hinne yn in stik lân op...
nl.verhalenbank.37342
Guon fan Kollumersweach kommen op in nacht fan Jistrum fan 'e froulju. Der kom ien njonken har to rinnen. Dat wie in frommuske. Dy roan mei de beiden op. Op it lêst gong se in loantsje yn. Sy sweefde. De beide manlju wienen bang.
nl.verhalenbank.15726
In nachtmerje is meastal in frommeske. Der wienen us in pear mannen oan 't meanen oan diz kant de Dokkumer Ie. Hja hienen dêr dy nachts yn in tinte lein en doe wie der in frommeske oansjongen kom. Dat wie in nachtmerje. De beide mannen seagen har in eintsje fan har ôf. Hja hie in houten molkaed ûnder 'e earm. Doe wie se al sjongende op 'e Dokkumer Ie...
nl.verhalenbank.25183
Bij de brug in de Westerein stonden us in kear mensen, die hebben daar in geluut hoord. Dat kwam út it water. Later is daar een ferdronken.
nl.verhalenbank.24289
Frijmitselders ha noait forlet fan sinten. Dy krije se fan 'e duvel. Mar dan is de siele nei de kelder. Dy't ienkear frijmitselder is mat it bliuwe. Wolle jo by de frijmitselers wei, dan wurde jo op de iene of oare wize fan kant makke.
nl.verhalenbank.25197
Yn 'e foarige ieu wenne Sytse Koster yn 'e Hamsterheide. Hy wie arbeider by Wilco Buning yn Eastemar. Hy wie us oan 'e Boskwei oan 't wurk. Doe seach er in lykstaesje. It wie ljochtskyndei. De kiste stie op 'e wein en der lei in wyt kleed oer de kiste hinne. It wie dus in kreamfrou. De lykstaesje roan him foarby. Koart dêrnei forstoar der in kreamfrou to...
nl.verhalenbank.15732
Oan diz kant Westergeast, op it Lykpaed, spoeke it ek. Froeger hat dêr in brêge west. De liken fan Triemen waerden der oerbrocht nei Westergeast ta.
nl.verhalenbank.25829
Ik haw kunde hawn oan in Roomse man, dy sijn broer koe alles sjen. Hy en syn broer roannen us togearre tusken Hûs ter Noord en Kollumersweach. Doe hie syn broer him beet krigen en sein: "Mast hjir even komme." Even letter sei er: "Nou kinst dêr wol wer hinne gean. Hast neat sjoen?" "Né," sei myn kammeraet, "allinne mar in mylpealtsje. Wie der dan hwat?"...
nl.verhalenbank.26313
Alde Thomas Klare koe ek kaertlizze. Sy wenne by 't spoar. Earder hie se yn Houtigehage wenne. Op in kear kaem se by ús. Sy sei: Hjir is kloppe of hjir wurdt aenst kloppe. Doe kloppen se yn 'e nacht by ús. In suster fan Griet har man hie 't yn 'e holle krigen. Dy moest fêstboun wurde. Klare sei ek noch, wylst se de kaerten skodde: It binne allegear swarte...
nl.verhalenbank.16993
De boer dy't in earrebarre op 'e skuorre hat, is dêr mâl mei. Sa'n earrebarre bringt gelok. Hy jowt ek hier. Hy smyt ien fan syn jongen út it nêst.
nl.verhalenbank.25381
Oene Kempenaer wenne yn Sweagerbosk. Hy koe knoffelbânlizze. As ien de pols fordraeid hie, bisette hy dat en dan wie 't samar wer klear. Ek foar oare kwalen wist er middels, by minsken en by dieren. Us mem hie 't net op âlde Oene stean. Hy hie hiele rare egen yn 'e kop. Op in kear wie mem fan 't lân kaem, dêr't se oan 't wurk west hie. Doe wie dêr in...
nl.verhalenbank.29544