1,824 datasets found
Dutch Keywords: verdwijnen Place of Narration: Boelenslaan
Op in kear wie 'k mei myn maet to murdzjen. Wy wienen op 'e weromreis, op 'e Bopperein fan it Wytfean. Wy rieden op 'e fyts de bocht om, even foarby Jonge Jan. Ik hie de binnenbocht en fornom neat. Mar myn maet, dy't de bûtenbocht hie, woarde samar fan 'e wei nom. Hy woarde oan kant set, op 'e harsens yn 'e sleat. Letter doarst er dêr noait wer lâns by...
nl.verhalenbank.28089
Op it Fean by de Feike-draei, mei dikke Feike, de fearskipper der by wie Jan us wer oan 't fortellen. Hy hie by in boer it meanen dien, doe soe er nei hûs ta. Hy hie de fuorring om 'e seine hinne. Hy wie ûnderweis nei de Feanster boat en dan nei hûs. Doe hie der in boer oan him roppen. 't Wie al middei en hy moest om healweifiven to Ljouwert op 'e boat...
nl.verhalenbank.26098
Sigeuners ha in koaning en in koaninginne.
nl.verhalenbank.26099
It spukgûlen fan in houn, it geskatter fan eksters, en it rare lieden fan in klok binne oanwizings fan in sterfgefal.
nl.verhalenbank.21906
It wie yn 'e Harkema op in joune, moai let, tsjin 'e nacht oan. Ik wie by in ploechje jongfolk, dêr wie Taeke Postma ek by. Wy wienen op 'e Boskreed, dy't nou forhurde is. Doe sei Taeke ynienen: "Even oan kant, jonges, der komt in lykstaesje oan." Wy gongen allegear oan kant wylst dy lykstaesje passearde, mar net ien fan ús, bihalve Taeke, dy't hwat...
nl.verhalenbank.28088
Doe 't oerbeppe forstoar, lei beppe op bêd to bidden: "Och Hearre, hie 'k myn mem mar wer." Dat gong joun út, joun yn. Sy slepte yn in keamerke mei in stienen flier. Op in kear heart hja de doar en hja sjocht har mem foar 't bêd kommen. Hja soe sizze: "Hwat docht mem hjir op bleate fuotte", mar dan sjocht se in oare kant út. Har mem die in kras oer de...
nl.verhalenbank.21721
Dêr't nou de Betonwei is yn 'e Harkema, dêr ha wy froeger wenne, tsjin it hûs oer dêr't Ate Stoarm wennet. Soms hearden wy dat der by ús yn 'e nacht flaechs nei de souder droegen woarde. Dan gong 't even letter wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.28077
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Guon dy't in forboun ha mei de duvel, dy binne kûgelfrij. Sokken ha ek in wikseldaelder. Om dy to krijen matte se nei de ien of oare tsjerke ta - ik wyt net krekt hòkker tsjerke. Dêr matte se in kear of hwat om hinne rinne mei in kat en dan matte se troch de doar roppe: "Kat forkocht! Kat forkocht!" Dan komt der in hân om 't hoekje fan 'e tsjerkedoar. Dy...
nl.verhalenbank.17734
Jan Veenstra kom us troch Koatstertille op in nacht ± jier lyn. Doe't er sahwat by de brêge wie, hearde er skean achter him in lawaei fan stienladen en timmerjen en smiten mei ark en doch wie der neat to sjen. Koarte tiid dêrnei ha se dêr de konstruksjefabryk delset.
nl.verhalenbank.17720
Yn 'e Liuwe-poel yn 'e Harkema hat in mûnster tahâlden. Guon ha 't wol ris sjoen.
nl.verhalenbank.32239
Durkje boun har dochter jouns oan 'e stile fêst. Op in kear hat se it bern in dik wân op 'e hûd jown. Dat kom sa bot oan. dat doe hat it bern noch in fjirtsjin dagen leefd, doe is se stoarn.
nl.verhalenbank.38700
Heit wie ek in raren ien. Op in kear doe siet er yn 'e parrebeam. Doe seach er syn mem oankommen, hoewol dy al jierren dea wie. Hy sei: "Hwat dogge jimme hjir. Jimme matte dêr wer hinne gean, dêr't jimme weikom binne." Doe wie syn mem wer fuort gong.
nl.verhalenbank.21537
Hjir net sa fier ôf matte reuzen wenne ha. Dy wennen yn 'e bosk. Yn 't doarp kom altomets in greate reus mei in lytsen-ien, dy't er by de hân beet hie. Sy stapten dan fan it iene hûs op it oare. Sy ha echt bistien.
nl.verhalenbank.18215
Tusken Briltil en Súdhorn yn stiet in pleats, dêr hat froeger in hiele wrede boer yn wenne. Dy hie allegearre slaven op 'e stâl stean. Dy hied er dêr fêstboun. Dy pleats stiet der noch.
nl.verhalenbank.17654
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe. Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich. Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.25816
De moedige dienstmeid van Oostermeer Sa wie it hjir op it Rûchsân, dêr tsjinne in feam by in boer. En dy boer hie in soan, mar dy faem har feint stjert. Der sitte se op in joun bymekoar. Mar op it Rûchsân is it paedtsje sa djip dêr. Dat dan moatte se de foet op it ding sette en doe lei har feint by it paedtsje bigroeven. Doe sei de soan tsjin har: Dû...
nl.verhalenbank.10852
Oan it lêste eintsje fan 'e Boelensloane, tichte by it Blauhûs dêr spûken altyd in keal en in swarte houn. Gong dêr ien lâns, dan roan dy houn in ein mei. As er in ein mei roan hie, bleau er stean en gong werom.
nl.verhalenbank.28315
It is us in kear gebeurd, dan kaem ik thús fan 'e klaei. Dêr hie 'k oan 't wurk west. 't Wie sahwat ien ûre yn 'e nacht. De finsters fan ús hûs stienen heech opskoud en de gerdinen waeiden der troch hinne nei bûten ta. Ik seach ûnder 't finster troch. Der stie iten foar my op 'e kachel. Doe gong ik der yn en ik bigong to iten. Doe seach ik in lyts deafet...
nl.verhalenbank.17683
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329