To Sumar wenne Knjillis Wytses. Dy wist mear fan kwalen ôf as alle dokters meielkoar. Hy hat de koaninginne ek better makke. 't Wie Wilhelmina. Dy wie hielendal giel en dat wie har yn 'e wei. By de dokters foun se gjin baet. Knjilles Wytses makke har wer better.
"Wolle jo wite hwa't it is, dy't jo wer better makke ha?" sei se.
"Né," sei Knjillis Wytses,...
nl.verhalenbank.17325
As der in pleachbeest by jin komt, mat men in koarste brea oer 't linker skouder hinne smite.
nl.verhalenbank.19308
Reade Kees en Gjert woenen ris ien bangmeitsje. Dyselde moest by de tsjerke yn Drachtster Kompenije lâns. Doe gongen se boppe op elkoar tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan stean mei in wyt lekken om har hinne.
Doe't dyselde dêr lâns kom, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar sjoen, mar noch noait trije."
Doe woarde dy ûnderste sa binaud, dat hy sprong...
nl.verhalenbank.36102
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Dêr't letter de tram ried, dêr seagen wy in twa en fyftich jier lyn al ljochten.
"Sjoch, dêr is dat ljocht wer", seinen wy dan.
't Wienen wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.32416
Yn 'e Boelensloane oan 'e hoofdwei, dêr't nou R. Veenstra wennet is in poel, dy wie froeger wol fjouwer kearen sa great. Ien hat sjoen dat dêr in famke yn forsûpe soe mei in reade trui oan en in blau rokje. Dyselde hat it bern 'help!' roppen heard. Mar der is noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.28314
Ik bin mei de helm geboaren. Ik moest altyd alles sjen. Dat fornaem ik it earst, doe wie 'k toalf jier âld. Op in jountiid moest ik molke helje fan 'e boer. It wie noch ljocht. Ik moest skean de fjilden oer. Ik hie in fjildskutte by my lyk as de soldaten brûke. Dêr kaem de molke yn. Op 'e weromreis wie 't skimerich. By de hoeke fan 'e Sânwei seach ik...
nl.verhalenbank.17682
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme.
Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne.
Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
De spitketen hjirre wienen mei liem birape. Dêr dienen se wol roggemoal troch fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25817
Pake Boardzer wie fuorman. Op in kear struts âlde Rikele Myt mei de hân oer pake syn hynder hinne. Rikele Myt wie in tsjoenster. Doe't pake thúskaem, sei er: "Dit is net bêst. Myn hynder giet dea, hwant Rikele Myt hat der oan west." De oare moarns wie 't hynder dea.
Sy wienen allegear bang foar Rikele Myt. Op in kear hie se twa arbeiders yn 't wurk, âlde...
nl.verhalenbank.17655
Frânse Hinke wenne yn 'e Rottefolle.Hja wie duvelbanner en holp it fé ek wol.
Op in kear kamen der twa man by har mei it wetter fan twa hynders. It iene hynder wie siik, mar it oare wie soun. Mar dat seinen se net tsjin har.
Hja biseach it wetter, gong nei achteren en kom werom. Hja hie in drankje en in pûdtsje mei guod by har. Dat joech se de beide...
nl.verhalenbank.17133
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane to Boelensloane. It wie myn âldomke. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Hja wie in suster fan myn beppe Antsje Snipel.
Minse Griper hie in toverboek. Dat hied er fan 'e duvel. Yn dat boek lies er achterstofoar. Sa koed er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Hy koe ek minsken útklaeije litte. Dat hat er ús mem...
nl.verhalenbank.18214
Er waren verschillende rijmpjes op Thomas en Klare:
Wat is die Thomas een zotte vent,
wat mag die vent hem schamen.
Pekelharing heeft zelf gezeid
dat Klare, die moest kramen.
Een ander rijmpje was:
Thomas Klare, wat ben je mager,
Thomas Klare, wat ben je vet.
(dit werd te Houtigehage gezongen)
Weer een ander rijmpje, dat eveneens gezongen werd:
Als Thomas...
nl.verhalenbank.17641
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje.
Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
nl.verhalenbank.38701
Hy hat ek ûnder tsjinst west yn Den Helder. Dêr hie er in great hekel oan, hy woe graech wer nei hûs ta. By de kaserne lei in anker fan 1400 poun. Dat hat er dêr in ein fan 'e groun tild. Doe't er 't wer delsette wienen de soallen him ûnder 'e skuon wei gong. Hy frege doe of er frij mocht fan 'e tsjinst, dan soe er dat anker om 'e hiele kaserne...
nl.verhalenbank.32238
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.32774
It slot mei de ezels yn 'e Sweach
Yn 'e Sweach stie in slot, dêr roannen altyd ezeltsjes.
Dêr wie froeger us in man de marse by, dy frege dêr: "Mei it pak hjir wol stean?"
Dat woarde net tastaen. It pak kom yn 'e keuken to stean. Wylst de faem yn 'e keuken omskarrelt, sjocht se, dat it pak forweecht.
Hja giet nei de hear ta en freget om syn revolver....
nl.verhalenbank.21734
Fan ien 'e sawn soannen is de âldste of jongste in wearwolf.
nl.verhalenbank.21720