Doe't de treinen kommen wienen de tsjoensters fuort.
nl.verhalenbank.33756
Myn buorfrou hat in kear in nachtmerje hawn. Doe sei se gau it 'Onze Vader' op. Doe wie de nachtmerje meiiens fuort gong, doe't se sei: "En verlos ons van de boze."
En de nachtmerje hat der noait wer west.
nl.verhalenbank.33865
Der wie in feint, dy siet op in snein-to-joun by syn faem. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, moest dy feint der even út. Doe't hy der wer ynkaem, wie de faem fuort. Der lei in pânse op 'e stoel, dêr't hja op sitten hie. Doe wist er dat syn faem in tsjoenster wie. Dit gebeurde yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.36548
Wyberen van der Meulen wie oannimmer. Dy hie in jonkje, dy hie dauwjirm. Dêr wie neat oan to dwaen. De dokter wist der gjin ried op. Doe gongen se nei Joast. Joast sei: "Liz der droege havermout op." Dat ha se dien en 't bern is genezen. Joast hie 't altyd by 't goede ein.
nl.verhalenbank.32044
As der in moart ergens gebeurt en dêr is in beam by, dan komt der in krús yn 'e beam. En dat giet der ek noait wer út. As de beam ôfkapt wurdt en hy sprút fannijs wer út, dan komt it krús der wer yn.
nl.verhalenbank.25438
Ik wie noch feint en hie forkearing mei it wiif, dêr't ik nou mei troud bin. Dy wenne oan dizze kant it spoar, yn 'e buert fan 'e Ria's.
't Wie op 'e joun en tsjuster. Ik roun by de fyts lâns.
Doe kom der in swarte houn by my, dy't ik noch noait sjoen hie. En ik hie ek noch noait sa'n greaten ien sjoen. Hy wie net lytser as in keal. Hy roan oan 'e oare...
nl.verhalenbank.38517
Gebeurt der in moart en dêr falt bloed by, dan kinne se dat bloed wol útwiskje, mar it komt hyltyd wer.
nl.verhalenbank.25437
Hy hat de duvel ek al ris sjoen, dat hat er faek forteld, ek wol oan oaren. Hy wie doe in jongfeint en hy wie der mei twa fan syn kammeraden op út. Hja hienen kattekwea úthelle; ûndogenske streken. Hwatte krekt, dat wyt ik net, mar 't wie net sa moai. Doe kommen se by de Swâdde. Dy wie dêr och sa smel. Dêr stienen trije húskes oan. Doe seagen se dêr in...
nl.verhalenbank.34548
Yn 'e stêd Grins krigen twa bruorren rûzje yn 't sliepsté. Doe hat de iene de oare formoarde. Dêr is in sang fan. It wie allegearre bloed, en dat bloed ha se noait út 'e flier krije kind. It gong om twahûndert gounen, dy't yn 't bêdstrie sieten.
nl.verhalenbank.20909
Hjir foar oer wenne in âlde frou. Der wenne in jonge by har yn, dy't se yn 'e kost hie.
Yn it hûs dêrnjonken wennen jonge minsken, in man en in frou. Op in joun doe wie dy jonge frou der op út west. Doe't se thús kom, doe klemde de doar hwat. Har man lei al op bêd. Hja klaeide har ek út en gong lizzen.
Doe't se in skoftsje op bêd lein hie bûgde der ien...
nl.verhalenbank.34596
4.
Nachtmerries kwamen veel voor; ik heb ze ook meegemaakt.
Als er een gezin was met zeven dochters, dan was een van de meisjes een nachtmerrie.
Wanneer je nuop bed lag, dan kon zo’n nachtmerrie komen en die ging de keel dicht knijpen.
Je kreeg gewoon geen lucht meer. En het werkelijk leek, alsof er een vrouwmens aan kwam.
Er was een middel, om van de...
nl.verhalenbank.46288
As der in deaden weromkom, dan hellen se der in doomny by. Sa'n deaden hie dan gjin rêst. 't Gebeurde wol dat er net in deadshimd meikrige hie.
Sei men 't 'onze Vader' op, dan gong sa'n ien fuort.
nl.verhalenbank.33761
Myn man Ringer fortelde, syn mem en hy hienen syn suster us nei Kûkherne ta brocht, dêr't se tsjinne. Sy wienen oer in planke gong oer 't wetter en sa troch 't lân oan in reed ta.
't Wie let yn 'e joun.
"Hark, dêr binne noch guon", sei heit.
"Ja," sei syn mem, "in hiele keppel."
Hja gongen dy kant út, dêr't se de stemmen weikommen hearden. Doe seagen se...
nl.verhalenbank.20732
To Kollumersweach, tichte by 't spoar, hâldde in pleachbeest ta. Ik haw ris mei in man praet, dy fortelde my, dat dat pleachbeest ris op in joun njonken him lâns roun. 't Wie in great dier en 't wie roetswart. Doe soed er it oer de kop strike, mar doe wie 't der net.
nl.verhalenbank.29799
Oan 'e âlde Harstewei sit sa'n krús yn 'e groun. Dêr wol neat groeije. Dat krús bliuwt dêr altyd. Dêr is yndertiid in poep formoarde.
nl.verhalenbank.25439
Brante Willemke wie ek in tsjoenster. Op in kear, doe wie der in famke, dat krige in hiele moaije grouwe apel fan Willemke. It wie sa'n moaije apel, hja poetste him glêd, dat it bigreate har om him fuort op to iten. Hja lei him yn 'e kast del.
In pear dagen letter soe se de apel krije en him skile.
Mar doe wie de apel fuort en der siet in grouwe pod yn 'e...
nl.verhalenbank.29749
As in tsjoenster jin in apel jout mat men dy net opite, mar opbergje. In dei of hwat letter sit der in greate rûp yn 'e kast en de apel is fuort.
As jo kofje drinke by in tsjoenster dan is 't de dea.
Wy ha in naeister hawn froeger, dy sei us in kear tsjin ús mem: "Ik leef net lang mear, ik ha dêr en dêr by in tsjoenster kofje hawn. Nou bin 'k gau dea."...
nl.verhalenbank.25134
It is gebeurd, dat ik alle dagen mei myn jonkje nei de molkboer ta gong om sûpe. Alle kearen kaem der ek in frommes by de wein, dat wie Minne Brecht, in tsjoenster. Doe woarde myn jonkje net goed.
Doe seinen se tsjin my, ik moest duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat haw ik dien. It jonkje wie gau wer better en Minne Brecht kaem net wer.
nl.verhalenbank.30064
Ik haw ris op in winter yn 'e Falom nei de froulju west.
Doe't ik weromkaem snijde it omraek. Ik siet foaroer op 'e fyts mei de earmen oer 't stjûr. Sa ried ik de kant nei de Westerein út. Doe kaem dêr in frommeske oan, dy roun of sweefde tusken de tramrails. Ik seach har net earder as doe't se neist my wie. Ik seach oars neat as in ruten bloeske en se...
nl.verhalenbank.31992
Op in joun stie der in ploechje jongfolk út 'e Westerein by inoar. Greate Hindrik wie der ek by. Doe woardde der ynienen samar ien by harren weinom, sûnder dat se seagen hwa't it die. Sy ha dy fint noait wer sjoen.
nl.verhalenbank.16780