Op 'e Mûzegroppewei is yndertiid in moart gebeurd. De bloedplakken dy't der doe kommen, wolle net wer út it sket wei, dy komme der altyd wer yn.
nl.verhalenbank.17708
Heit wie op 'e klaei to sichtsjen. Doe krige er dêr de koarts. Hy gong fuort by 't sichtsjen wei.
"Matte jo nei hûs, Jan?" sei ien fan 'e sichters.
"Ja," sei heit, "ik kin hjir net bliuwe. Ik trilje der oer, sa slim haw ik de koarts."
"Dan matte jo njoggenderlei hout opsykje en dat yn 'e bûse dwaen."
Heit hat dat dien. Dy houtsjes woardden stadichoan wei,...
nl.verhalenbank.16825
Hylke Tjipke kom by Tsjits op in snein-to-joun. Sy wienen togearre bûtendoar, doe kom der in fanke oan kuijerjen. Doe't it fanke Hylke en Tsjits dêr stean seach, gong se werom.
"Bistû dêr, Tryn?" frege Hylke, hwant hy miende dat it syn suster wie. Mar it fanke sei neat en kuijere fierder. Tjipke gong har nei. Sy roan it hûs foarby en gong de kant fan de...
nl.verhalenbank.16879
Piter Alka plichte wol gau us by ús to kommen. Hy fortelde, dat by de grouwe beam (betonwei) dêr siet nachts ien to jildtellen. 't Wie in spoek. As men de egen der even ôf hie, dan wie 't ek samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.22253
Rêdde jy it op en kom op 'e side to lizzen, dan ha jy gjin lêst mear fan nachtmerjes.
nl.verhalenbank.17538
In dochter fan Bouke Schievink wie us by 't maitiid oan 't mollebultstruijen op it lân fan Jan Binderts Kloosterman, fan 't Bomkleaster. Dat wie op dat stik lân mei de grouwe beam. Doe stapten dêr twa wite juffers oer 't lân, in moai ein fan har ôf. Sy gong der hinne om to sjen, mar doe wienen se samar fuort as snie foar de sinne. 't Gebeurde by de grouwe...
nl.verhalenbank.16834
Yn 1914 wie ik ûnder tsjinst. Op in moarn bitiid brocht myn frou har broer my nei de trein ta. Doe't wy yn 'e Reitsmastrjitte wienen, hjir yn 'e Harkema, tichte by de iepenbiere skoalle, kom dêr ien oan. Wy wykten beide oan in kant, mar doe wie der ynienen neat mear. En doch ha wy dy persoan beide dúdlik sjoen.
nl.verhalenbank.21136
In pleachbeest is in grouwe houn, dy't de minsken thús bringt.
As se de doar iepen dogge, is er ynienen fuort.
De minsken binne der bang foar.
nl.verhalenbank.28808
Der wienen in feint en in faem, Sake en Hylk, dy wennen yn 'e Harkema. Se wienen oan 't kuijerjen. 't Wie moai waer op 'e joun. Doe kommen der twa famkes oan, dy wienen beide gelyk yn 'e klean en ek like great. Sy gongen har foarby.
"Ik wol us sjen, hwer't dy famkes bliuwe", sei Hylk. De famkes gongen oan 'e daem ta. Even fierder woarden se wei, krekt as...
nl.verhalenbank.16878
It bloed fan ien dy't formoarde is, giet rounom trochhinne en is der noait wer út to krijen.
nl.verhalenbank.20674
Us mem lei op it stjerbêd. Ik en Abraham Hindriks Tryn sieten togearre to naeijen oan in jurk fan Tryn. Hindrik fan Jouke Tseard wie der ek by, dy hie in sekfol hea forkocht.
Doe kom der samar ynienen in frommes mei in swarte hoed op ta de gong yn en dy gong der ek sa wer út. By de hage woarde se wei, krekt as sakke se yn 'e groun.
nl.verhalenbank.12356
Geart Hamstra wie by in boer yn 'e ûngetiid. Greate Mindert wie ek by dyselde boer. Mar Mindert wie in nachtmerje en kaem elke nacht by him, dat er hast gjin siken mear helje koe.
De boer wie lulk op greate Mindert, hwant Geart sei: "Ik bliuw hjir net." Geart wie in prima arbeider, mar hy rekke fuort.
nl.verhalenbank.20133
By Sytse Batema oan 'e Mûzegroppewei is yndertiid us in moart dien. It bloed ha se dêr noait wer út 'e flier wei krije kind, it kom der hyltyd wer yn.
nl.verhalenbank.21228
Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar) dat wie yn myn egen de iennige echte tsjoenster fan 'e Heide. Op in kear stie der in hiel great grou skiep mei de kop tsjin it tek oan fan Alle Tet yn dy's hûs.
Harm Schievink syn wiif seach dat en sei tsjin Tet har soan: "Ha jim sa'n dik skiep krige?"
"Welné", sei dy.
Doe wist it minske genôch. "Ik ha krekt ien...
nl.verhalenbank.16826
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes.
Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
By de Fjouwer Wringen ûnder Surhústerfean spoeke altyd in hynder. Dat stie mei de kop oer de hekke hinne. Kom men der by, dan wie 't samar ynienen net mear to sjen.
nl.verhalenbank.20955
Der wie in feint yn 'e Harkema, dy kom by de faem. It wie sahwat tolwe ûre, doe kuijeren se togearre. Doe seagen se twa famkes dy't elkoar yn 'e earm hienen. Se wienen sprekend gelyk yn 'e klean. Se roannen foar it pearke op.
"Hwat matte dy hjir?", sei de feint. "Wy gean se nei."
De beide famkes roannen oan in daem ta. Dêr gongen se samar ta de groun yn....
nl.verhalenbank.17450
Oan 'e oare kant Hindrik en Hil oan 'e Lytse Wei stiet in beam mei in krús yn 'e stamme. Dat krús is der fansels yn kom, sizze se. Dêr is yndertiid in frou formoarde woarn.
As dy beam ôfkapt woarde en hy kom letter wer op, dan kom dat krús der ek altyd wer fansels yn. Ik ha 't wol faek sjoen doe't wy noch fan dy bern wienen.
nl.verhalenbank.24339
Myn omke wenne yn Grinzer Pein. Hy wie mattewever. Op in nacht om healwei ienen gong hy der op út mei in platte kroade. Dêr hied er in matte op dy't er oan 'e man bringe woe. Hy soe de kant nei Frentsjer út, dêrom wied er ek sa bitiid. 't Wie hwat mistich waer. Doe't er ûnderweis wie yn 'e buert fan Ljouwert, seach er ynienen in hiele greate kop. Dy wie...
nl.verhalenbank.25525
Heit en myn broer wienen oan 't terskjen. Doe siet der in hiele dikke kat yn 't achterhûs. Sy hienen dy kat yn 'e rekken en formoeden wol hwa't it wie.
Myn broer joech him in slach mei de heafoarke.
De kat wie dea (tominsten, dat mienden se).
Sy soenen in gat meitsje en de kat bidobje, mar doe woardde der roppen: "Kofje drinke!" Dat doe soenen se de kat...
nl.verhalenbank.16892