Alde Wytse Kosak siet op in joun by de fjûrpot. Doe kamen der allegear soldaetsjes by him en dy marsjearden der fleurich op los. Se waerden ek wer wei.
nl.verhalenbank.36935
Myn broer en syn kammeraet sieten beide op 'e kop yn 'e swolms. Doe krigen se de rie, sy moesten in bonkje fan 't tsjerkhôf helje, dat ôfskraebje en dat yn 'e molke dwaen. Dan gongen de swolms fuort. Sy ha 't dien en wier, sy rekken se kwyt.
nl.verhalenbank.24691
Lytse Kees wenne yn Drachtster Kompenije. Guon wienen wol us by him om 'e doarren. Dan seagen se dat er samar in leger soldaten ta de hurddobbe komme liet.
Even letter liet er se der wer ta'n yn gean.
nl.verhalenbank.25583
Ik wie feint. Ik kom fan Surhústerfean en moest nei de Boelensloane ta. 't Wie jountiid en tsjuster. Ik wie op 'e fyts en hie de carbidlampe oan. Mar dy brânde mei ien pit. Ik stapte ôf om der even nei to sjen. Dat wie yn 'e buert fan it Blauhûs. Wylst ik dêr sa stie, kom der in dame oanstappen. It wie in great, swart frommes. Sy gong lyk foar my stean en...
nl.verhalenbank.23484
Imke en Durk fan Imke
Ek op in Eastermarre merke tepte er foar Liuwe Berghús syn hûs de blêden fan 'e linebeam. Dat hat heit ek faak ferteld. Dy lineblêden smiet er yn 'e hege hoed en doe wienen it allegear gûnen. 'Oh, mei 'k ek in pear?' frege in jonge. 'Jawis wol', en Imke joech him in hânfol gûnen út 'e hege hoed. De jonge treau se yn 'e bûse, mar...
nl.verhalenbank.13019
Tusken Rottefalle en Houtigehage hat froeger in hûs stien, dêr wie letter allinne it hoarnleger mar mear fan oer. 't Wie in hoeke greid. Dêr hawwe ris guon mei 't hea oan 'e gong west. Doe is dêr samar in juffer ta de groun út kom. Ien hie har de heafoarke tastutsen. Doe wie se samar wei woarn.
nl.verhalenbank.24588
Us Hindrik-om fortelde, dat syn heite broer hie us op it fjild west yn Houtigehage. Doe hie dêr in hiel lyts brún hountsje by him lâns sweefd. 't Gong op 'e feart yn.
"Hwat mastû, lytse kleine?" hied er sein. Mar it hountsje wie samar fuort west, krekt as wie 't yn 'e feart wei woarn.
Krekt trije wiken letter kom syn heit presys itselde oer. Doe like it...
nl.verhalenbank.17744
Der wie ris in faem, dy krige op in joun in feint. It wie in tige kreaze feint en èk in aerdige feint om mei to praten.
Dy faem wie rooms. Hja soenen hwat ite. Doe makke dy faem in krús. Doe't se dat dien hie wie der ynienen in stank fan swevel en doe waerd har feint wei troch de skoarstien.
It hie de duvel west dy't by har kaem wie.
nl.verhalenbank.36960
Jasper Boomsma fan 'e Houtigehage moest us op in joun let nei 't húske ta. Dat húske stie bûtendoar.
Doe stie dêr in frou mei in dik bosk hier foar de glêzen. Doe't er wer seach wie se fuort, krekt as wie se yn 'e groun sakke.
nl.verhalenbank.24681
Heit syn mem (Twizelerheide) hie de wask oan 'e line hingjen. Dy soe se by joun gau ynhelje. Mar doe sloech se de egen ynienen op in hiele greate houn, dy't lyk foar har stie. It beest wie sa great as in keal. Beppe koe fan skrik de egen noait wer ôfdraeije. Hja stie stokstiif en seach de houn mar oan.
Doe't se even letter hwat bikaem en de egen even...
nl.verhalenbank.19319
It Blaufallaet telt sa'n trettsjin huzen. It lêste hûs stiet hwat achterút. Dat is in âld plaets.
Se hienen dêr in soan yn 'e hûs, dêr't ik wol kammeraed mei wie. Op in kear kom ik der lâns yn 'e nacht. 't Wie fiif minuten foar tolven. Doe't ik oan 't plaetske ta wie, wie dêr in houn, dy wie wol sa great as in koekeal. En dy woardde ek samar ynienen wei....
nl.verhalenbank.17742
Der wenne in sekere Oosterhof op Kuzumer by Oldekerk. Hy wie in boeresoan. Op in joun let kaem er by de froulju wei. Hy stie even buten to praten mei in oare feint. Doe gong dêr in faem by harren lâns, dy wie hielendal rôse yn 'e klean. 't Like in knap jongfaem. "Kiek," sei de feint, dy't by him stie, "doar is ook nog 'n jonge meid. Die kinstou ja krekt...
nl.verhalenbank.19966
Myn wiif har beppe wie in tige from minske. Hja hie har mem forlern en dêr wie se o sa ûnwennich fan. Sy bidde algeduerich: "Hie 'k myn mem mar wer."
Op in joun doe kom har mem der oan. Sy hienen doe noch stiennen flierren en dêr kom har mem op bleate fuotten oan.
Hja soe sizze: "Hwat docht mem hjir mei bleate fuotten op dy kâlde stiennen", mar sy hie 't...
nl.verhalenbank.22874
As ien pine yn 'e mûle hie, dan moest er nei in flearbeam ta gean. Dêr moest er in tokje ôfsnije en dat puntich meitsje. Dêr moest er mei yn 'e holle kies prippe oant der bloed oan it tokje kom. Dan moest er it tokje wer ûnder 'e bast fan 'e beam fêstmeitsje. Dan gong de beam dea, en de pine yn 'e mûle wied er kwyt.
nl.verhalenbank.25698
Ien fan 'e Houtigehage hat my us forteld:
Wy sieten thús yn 'e keet en wienen oan 't kaertspyljen. As wy oan 't kaertspyljen wienen wie 't altyd lûdroftich. Der woarden dikke wurden by brûkt en de hollen woarden hyt.
Heit hie der in hekel oan dat wy kaertspilen.
Op in kear wienen wy wer oan 'e gong. 't Wie op in joun. 't Gong der heil en seil oan wei en...
nl.verhalenbank.24934
Ús oer-oerpake wenne to Drachten oan 'e Dwarsfeart op 'e Ruterspôle. Hy wie noch frijgesel en hie net faek in faem. Op in kear sei er: "Nou wol 'k joun in faem ha, as wie 't de duvel ek."
Doe't it joun wie doe kom der in hiel moai frommeske njonken him en dy roan mei him op. Hja wie klaeid alhielendal yn 't swart. It wienen prachtich-moaije klean dy't se...
nl.verhalenbank.30887
Alde Kei Anne hie sawn jonges. Ien fan dy jonges wie in wjerwolf. Dy koe net sêd. Dêr koenen se ek net mei opsjitte. As se meielkoar iten krigen, wie hy altyd de earste dy't it op hie en hy woe 't iten fan 'e oaren èk noch ha. De bern koenen o sa min mei elkoar. Dat kom fan dy iene.
Op in kear wie Anne fuort. 't Ald-minske siet yn 'e hoeke. Sy wie sa...
nl.verhalenbank.22886
Der giet in paed fan Strobos nei Kollumerpomp. Dat is in rûm ein wei. Dêr seach ik us in kear twa hiele greate balen hea stean. Midden op dy wei. 't Hea stykte boven ta de balen út. Ik fortelde dat oan ien, mar dy lake my út en sei: "Allegear lary.". It wie yn 'e simmer.
Mar doe woarde it hjerst. Ik en myn swager hienen nei myn suster ta west yn...
nl.verhalenbank.17748
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Der wie in faem, dy tsjinne by de boer. Dy faem woe noait forkearing ha. Hja krige wol genôch oansyk, mar sy stegere alle manlju ôf. Dêr woarde se faek om pleage. Op in kear, doe't se wer ris tige narre woarn wie, doe sei se: "Goed, de earste de bêste, dy't om my komt, dy bliuwt, as wie 't de duvel ek."
De earste dy't kom, mocht bliuwe. De frou seach dat...
nl.verhalenbank.19737