26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: verdwijnen Place of Narration: De Westereen Harkema
Doe't de treinen kommen wienen de tsjoensters fuort.
nl.verhalenbank.33756
Myn buorfrou hat in kear in nachtmerje hawn. Doe sei se gau it 'Onze Vader' op. Doe wie de nachtmerje meiiens fuort gong, doe't se sei: "En verlos ons van de boze." En de nachtmerje hat der noait wer west.
nl.verhalenbank.33865
Op 'e Mûzegroppewei is yndertiid in moart gebeurd. De bloedplakken dy't der doe kommen, wolle net wer út it sket wei, dy komme der altyd wer yn.
nl.verhalenbank.17708
Der wie in feint, dy siet op in snein-to-joun by syn faem. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, moest dy feint der even út. Doe't hy der wer ynkaem, wie de faem fuort. Der lei in pânse op 'e stoel, dêr't hja op sitten hie. Doe wist er dat syn faem in tsjoenster wie. Dit gebeurde yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.36548
Wyberen van der Meulen wie oannimmer. Dy hie in jonkje, dy hie dauwjirm. Dêr wie neat oan to dwaen. De dokter wist der gjin ried op. Doe gongen se nei Joast. Joast sei: "Liz der droege havermout op." Dat ha se dien en 't bern is genezen. Joast hie 't altyd by 't goede ein.
nl.verhalenbank.32044
As der in moart ergens gebeurt en dêr is in beam by, dan komt der in krús yn 'e beam. En dat giet der ek noait wer út. As de beam ôfkapt wurdt en hy sprút fannijs wer út, dan komt it krús der wer yn.
nl.verhalenbank.25438
Heit wie op 'e klaei to sichtsjen. Doe krige er dêr de koarts. Hy gong fuort by 't sichtsjen wei. "Matte jo nei hûs, Jan?" sei ien fan 'e sichters. "Ja," sei heit, "ik kin hjir net bliuwe. Ik trilje der oer, sa slim haw ik de koarts." "Dan matte jo njoggenderlei hout opsykje en dat yn 'e bûse dwaen." Heit hat dat dien. Dy houtsjes woardden stadichoan wei,...
nl.verhalenbank.16825
Hylke Tjipke kom by Tsjits op in snein-to-joun. Sy wienen togearre bûtendoar, doe kom der in fanke oan kuijerjen. Doe't it fanke Hylke en Tsjits dêr stean seach, gong se werom. "Bistû dêr, Tryn?" frege Hylke, hwant hy miende dat it syn suster wie. Mar it fanke sei neat en kuijere fierder. Tjipke gong har nei. Sy roan it hûs foarby en gong de kant fan de...
nl.verhalenbank.16879
Piter Alka plichte wol gau us by ús to kommen. Hy fortelde, dat by de grouwe beam (betonwei) dêr siet nachts ien to jildtellen. 't Wie in spoek. As men de egen der even ôf hie, dan wie 't ek samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.22253
Rêdde jy it op en kom op 'e side to lizzen, dan ha jy gjin lêst mear fan nachtmerjes.
nl.verhalenbank.17538
In dochter fan Bouke Schievink wie us by 't maitiid oan 't mollebultstruijen op it lân fan Jan Binderts Kloosterman, fan 't Bomkleaster. Dat wie op dat stik lân mei de grouwe beam. Doe stapten dêr twa wite juffers oer 't lân, in moai ein fan har ôf. Sy gong der hinne om to sjen, mar doe wienen se samar fuort as snie foar de sinne. 't Gebeurde by de grouwe...
nl.verhalenbank.16834
Yn 1914 wie ik ûnder tsjinst. Op in moarn bitiid brocht myn frou har broer my nei de trein ta. Doe't wy yn 'e Reitsmastrjitte wienen, hjir yn 'e Harkema, tichte by de iepenbiere skoalle, kom dêr ien oan. Wy wykten beide oan in kant, mar doe wie der ynienen neat mear. En doch ha wy dy persoan beide dúdlik sjoen.
nl.verhalenbank.21136
In pleachbeest is in grouwe houn, dy't de minsken thús bringt. As se de doar iepen dogge, is er ynienen fuort. De minsken binne der bang foar.
nl.verhalenbank.28808
Der wienen in feint en in faem, Sake en Hylk, dy wennen yn 'e Harkema. Se wienen oan 't kuijerjen. 't Wie moai waer op 'e joun. Doe kommen der twa famkes oan, dy wienen beide gelyk yn 'e klean en ek like great. Sy gongen har foarby. "Ik wol us sjen, hwer't dy famkes bliuwe", sei Hylk. De famkes gongen oan 'e daem ta. Even fierder woarden se wei, krekt as...
nl.verhalenbank.16878
It bloed fan ien dy't formoarde is, giet rounom trochhinne en is der noait wer út to krijen.
nl.verhalenbank.20674
Us mem lei op it stjerbêd. Ik en Abraham Hindriks Tryn sieten togearre to naeijen oan in jurk fan Tryn. Hindrik fan Jouke Tseard wie der ek by, dy hie in sekfol hea forkocht. Doe kom der samar ynienen in frommes mei in swarte hoed op ta de gong yn en dy gong der ek sa wer út. By de hage woarde se wei, krekt as sakke se yn 'e groun.
nl.verhalenbank.12356
Geart Hamstra wie by in boer yn 'e ûngetiid. Greate Mindert wie ek by dyselde boer. Mar Mindert wie in nachtmerje en kaem elke nacht by him, dat er hast gjin siken mear helje koe. De boer wie lulk op greate Mindert, hwant Geart sei: "Ik bliuw hjir net." Geart wie in prima arbeider, mar hy rekke fuort.
nl.verhalenbank.20133
By Sytse Batema oan 'e Mûzegroppewei is yndertiid us in moart dien. It bloed ha se dêr noait wer út 'e flier wei krije kind, it kom der hyltyd wer yn.
nl.verhalenbank.21228
Ik wie noch feint en hie forkearing mei it wiif, dêr't ik nou mei troud bin. Dy wenne oan dizze kant it spoar, yn 'e buert fan 'e Ria's. 't Wie op 'e joun en tsjuster. Ik roun by de fyts lâns. Doe kom der in swarte houn by my, dy't ik noch noait sjoen hie. En ik hie ek noch noait sa'n greaten ien sjoen. Hy wie net lytser as in keal. Hy roan oan 'e oare...
nl.verhalenbank.38517
Gebeurt der in moart en dêr falt bloed by, dan kinne se dat bloed wol útwiskje, mar it komt hyltyd wer.
nl.verhalenbank.25437