5,257 datasets found
Dutch Keywords: verandering Narrator Gender: female Place of Narration: Twijzelerheide
Tsjoensters hâlde wol in forgadering. Dan foroarje se har yn katten. Dan sitte se yn in stik greidlân en de iene raest mear as de oare. Sy sizze wol, dat it psalmsjongen is.
nl.verhalenbank.22135
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Nim noait hwat fan in tsjoenster oan, hwant dat kin yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.22134
Yn 'e Houtigehage wienen twa froulju by elkoar to praten. De iene hie in koeke meinom. It minske dêr't se to praten wie, traktearre dêrfan. Foar harsels snie se in stik ôf mei noch in hiel lyts stikje. Dat lytse stikje iet se op. It greate stik die se tomûk yn in slútkoer, dy't oan 'e souder hong. "Hwat ha jo jou koeke gau op", sei it minske, dat dêr to...
nl.verhalenbank.20099
Tsjoensters kunnen haar in alles feranderen.
nl.verhalenbank.24281
In tsjoenster foroaret har faek yn in swarte kat. Hja mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan. De tsjoensters forgaderje yn 'e gedaenten fan katten. Alde Tet fan de Bulten wie in greate tsjoenster. Se wienen yn 'e Harkema allegear bang foar har. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens. Hie se trije krânsen klear dan gong dyselde dea. Myn...
nl.verhalenbank.10686
Der wienen ek twa skoalfamkes, dy rounen altyd by Brante Willemke oer 't hiem. Doe joech Willemke ien fan dy famkes ek ris in grouwe apel. Dat famke biwarre dy apel, se iet him net op. Hja lei him yn 't laed fan in kastje. Op in dei, doe't it thédrinkerstiid wie, soe se de apel dêr wei krije, mar doe wie 't in grouwe pod. As 't famke dy apel fuort opiten...
nl.verhalenbank.29750
As bern ûndogensk wienen seinen se: Tink der om, aenst nimt Sinteklaes jimme mei en foroaret jimme yn klontsjes.
nl.verhalenbank.31037
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om. Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe. 'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen. Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort. "Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Dêr't de swel syn nêst bout, dêr komt gelok. Dêr't de earrebarre tahâldt, ek.
nl.verhalenbank.22148
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen. Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen. "Hast al plak?" frege se my. Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt." Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
To Grins kochten Ymke en Auke en Wytse in pakje tabak foar in dûbeltsje. Ymke bitelle de man. Hy lei de sinten op 'e toanbank del. Mar doe't de man se krije soe, leinen der gjin sinten. Ymke sei: "Nou opgepast. Nou sil 'k se jo yn 'e hân dwaen." Hy lei se de man yn 'e hân, mar doe't er him omkearde wie de hân leech. Sokke kueren hied er altyd. De man hat...
nl.verhalenbank.22028
Op in kear kaem myn suster Hiltsje by my, doe siet myn dochter ek by ús yn 'e hûs. Dy hie in poppe oerwoun. Dêr hie se net in man foar. 't Like dus net sa aerdich foar har. Sy wie hwat fortrietlik. Doe sei Hiltsje tsjin myn dochter: "Nou fanke, dû hoechst net muoilik to wêzen, hear. Dû krigest it hiel bêst." En 't is ek sa kaem. 't Giet har nou hiel goed...
nl.verhalenbank.22015
Der stoar us in frommeske. Mar sy wie net ècht dea. It wie in skyn-deaden. Hja hie in kostbere ring om mei in djûre stien. Sa kaem se yn 'e kiste. Doe't se biïerdige wie, kamen der de nachts twa dieven op it tsjerkhôf. Dy iepenen it graef en de kiste om de ring to stellen. Mar wylst hja dêr mei dwaende wienen kaem dat frommeske oerein. Hja wie skyndea. De...
nl.verhalenbank.22149
Klaes Tammes fan 'e Godloaze Singel liet eintsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.22159
Kei syn pake wie in Gerrit. Dy fortelde ris, der soe in jonkje yn ús famylje fordrinke, in lytse Ealse. Dat wie him iepenbiere. Goed fjirtich jier letter is 't gebeurd. Der waerd letter net wer oer praet, nei't hy dat sein hie. Mar elke kear dat der wer in Ealse geboaren waerd, waerd der om tocht. Wy ha in stik of hwat Ealses yn 'e famylje. Fjirtich jier...
nl.verhalenbank.22011
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005